Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan
Australian Indian Ocean Territories
flagge wapen
Flag of Australia (converted).svg Coat of Arms of Australia.svg
Ingelsk: Australia ("Austraalje")
De Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan fiere
de flagge, it wapen en it biedwurd fan Austraalje.
geografyske lokaasje
Lokaasje Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan.png
algemien
gebietsdiel fan Flag of Australia (converted).svg Austraalje
pol. status ekstern territoarium
haadstêd Flying Fish Cove (Krysteilân)
offisjele taal Ingelsk (de facto)
ynwennertal 2.668 (2009-2011)
befolkingstichtens 17,9 / km²
oerflak 149 km² (ynkl. wetter)
149 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
muntienheid Australyske dollar (AUD)
tiidsône UTC+6½ – +7
tillefoan +61
ynternetekstinsje .cx (Krysteilân)
.cc (Kokoseilannen)
webside shire.gov.cx (Krysteilân)
www.shire.cc (Kokoseil.)

De Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Ingelsk: Australian Indian Ocean Territories) foarmje in geografyske en bestjoerlike subdifyzje fan Austraalje, dy't bestiet út twa lytse eksterne territoaria yn 'e noardeastlike Yndyske Oseaan, te witten:

  • Krysteilân, op 10°30′ suderbreedte by 105°40′ easterlingte
  • de Kokoseilannen, op 12°07′ suderbreedte by 96°54′ easterlingte

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krysteilân kaam yn 1957 by Austraalje te hearren. De Kokoseilannen falle offisjeel sûnt 1955 ûnder de Australyske soevereiniteit, mar yn 'e praktyk wie dy arsjipel oant 1978 in selsstannich steatsje ûnder it bestjoer fan 'e Clunies-Ross-dynasty, dy't harsels "kening fan 'e Kokoseilannen" neamden.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beide territoaria, dêr't njonken de federale Australyske wetten ek de wetjouwing fan 'e dielsteat West-Austraalje fan krêft is (ynsafier't dy tapasber is), waarden yn 1997 bestjoerlik gearfoege ta de Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan, mei ien fertsjintwurdiger fan it Australyske regear dy't foar beide territoaria oansteld waard. Dy fertsjintwurdiger, de administrator ("bestjoerder"), residearret yn Flying Fish Cove, op Krysteilân. Beide territoaria hawwe in tige beheinde foarm fan selsbestjoer, troch in shire council dy't noch it measte wei hat fan in sljochtwei gemeenteried.

De ûnbewenne Ashmore- en Cartiereilannen, in oar Australysk gebietsdiel yn 'e Yndyske Oseaan, hearre net ta de Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan, mar foarmje in apart ekstern territoarium. It krektlyk ûnbewenne Hibernia Reef, ek yn 'e Yndyske Oseaan, falt bestjoerlik streekrjocht ûnder West-Austraalje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources and references op dizze side.

 
             Austraalje
Flagge fan Austraalje
steaten
Fiktoaria | Nij-Súd-Wales | Queenslân | Súd-Austraalje | Tasmaanje | West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium | Jervis Bay Territoarium | Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen | Australysk Antarktysk Territoarium | Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen • Krysteilân) | Heard en de McDonaldeilannen | Koraalsee-eilannen | Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe | Macquarie | Torresstrjitte-eilannen