Springe nei ynhâld

List fan keningen fan de Kokoseilannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Clunies-Ross-famylje)
De Clunies-Ross famylje yn de 1930er jierren

Dit is de list fan keningen fan de Kokoseilannen, in taeigene titel dy't droegen waard troch John Clunies-Ross, in Skotske seekaptein, en dy syn manlike neikommelingen.

Clunies-Ross sette him yn 1816 mei syn gesin en guon oare folgelingen nei wenjen op 'e Kokoseilannen, in ûnbewenne arsjipel yn 'e noardeastlike Yndyske Oseaan. Hy stifte der in kokosplantaazje, wêrfoar't er etnysk Maleiske arbeiders oanloek út 'e Kaapkoloanje. Yn 1827 rôp er de eilannen út ta in keninkryk, mei himsels oan it haad as kening Ross I. Yn 1886 waard dy steatkundige sitewaasje formalisearre doe't de Britske keninginne Fiktoaria de Kokoseilannen oant yn ivichheid oan 'e Clunies-Ross-famylje yn lien joech.

Nei Ross I hearsken noch fjouwer oare leden fan 'e famylje as frijwol autokratyske foarsten oer de eilannen, oant Austraalje John Cecil Clunies-Ross (oftewol kening Ross V) yn 1978 twong om alle rjochten op 'e eilannen te ferkeapjen foar de som fan Au$ 6.250.000. Under de oerienkomst behold Clunies-Ross syn eigendom fan it Oceania House, de famyljewente op 'e Kokoseilannen, mar yn 1983 kaam it Australyske regear dêrop werom en waard Clunies-Ross oansein dat er op 'e Kokoseilannen net mear wolkom wie. It jiers dêrop die it Heechgerjochtshôf fan Austraalje de útspraak dat de ûnteigening fan it Oceania House ûnwettich wie, mar dêrop oardere it regear dat der tenei troch gjin inkele oerheidsynstânsje noch saken dien wurde mochten mei Clunies-Ross syn rederij, wat úteinlik late ta it fajyt fan dat bedriuw.

De lêste kening fan 'e Kokoseilannen libbet no yn in boargerhúske yn in foarstêd fan Perth, yn West-Austraalje, mar syn soan, de eardere kroanprins John Clunies-Ross, wennet noch altyd op 'e Kokoseilannen, dêr't er libbet fan it kweken fan reuzemoksels, foar de ferkeap oan akwaria yn Jeropa en de Feriene Steaten. BBC-ferslachjouwer Nick Squires socht him dêr yn 2007 op en skreau oer him it nijsgjirrige stik The Man Who Lost a 'Coral Kingdom' ("De Man Dy't in 'Koraalkeninkryk' Ferlear").[1]

List fan keningen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
# kening keningsnamme libben regearperioade
1. John Clunies-Ross Ross I 1786-1854 1827-1854
2. John George Clunies-Ross Ross II 1823-1871 1854-1871
3. George Clunies-Ross Ross III 1842-1910 1871-1910
4. Sydney Clunies-Ross Ross IV 1868-1944 1910-1944
5. John Cecil Clunies-Ross Ross V 1928-... 1944-1978

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Squires, Nick, The Man Who Lost a Coral Kingdom, 2007 (http://news.bbc.co.uk/2/hi/programmes/from_our_own_correspondent/6730047.stm)

boarnen:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.