Darwin (Noardlik Territoarium)
| Darwin | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Territoarium | Noardlik Territoarium | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 139.902 (2021) | |
| Oerflak | 3.163,8 km² | |
| Befolkingsticht. | 44,1 ynw./km² | |
| Hichte | 0 - 30 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 5 jannewaris 1869 | |
| Postkoade | 0800–0822, 0828–0832 | |
| Netnûmer | +61 8 | |
| Tiidsône | UTC+9:30 | |
| Offisjele webside | ||
| darwin.nt.gov.au | ||
| Kaart | ||
Darwin is de haadstêd fan it Noardlik Territoarium fan Austraalje. It is de meast noardlike stêd fan it lân.
Darwin wurdt beskôge as de "poarte nei Aazje"; dêrnjonken tsjinnet de stêd as fertrekpunt foar ekskurzjes nei it Nasjonaal Park Litchfield en it Nasjonaal Park Kakadu. Darwin International Airport, de lofthaven fan 'e stêd, fersoarget fleanferbinings nei bestimmingen yn hiel Oseaanje en Aazje.
De stêd waard yn 1869 stifte en is sûnt dy tiid trije kear op 'e nij opboud, neidat de stêd hast folslein ferwoastge waard troch sykloanen yn 1897, 1937 en 1974.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 9 septimber 1839 farden John Clements Wickham en John Lort Stokes mei de Beagle de baai fan it hjoeddeistige Darwin yn; hja neamden harren ankerplak Port Darwin, ta eare fan 'e jonge Charles Darwin, dy't tusken 1831 en 1836 mei datselde skip de Galápagoseilannen besocht hie.
Frederick Henry Litchfield ferkende yn 1865 it gebiet om it hjoeddeistige Darwin hinne. Op 5 jannewaris 1869 waard ûnder lieding fan George Goyder op dizze lokaasje troch 135 kolonisaten in delsetting stifte mei de namme Palmerston – ferneamd nei de Britske premier Lord Palmerston. De delsetting wûn oan belang troch it oansluten op it Australyske telegraafnetwurk en goudfynsten yn 'e omjouwing; yn 1911 waard it plak omdoopt ta Darwin en fungearre it as haadstêd fan it Noardlik Territoarium (dat oant 1978 ûnder bestjoer fan it Mienebest fan Austraalje bleau).

Darwin waard hieltyd belangriker yn 'e Twadde Wrâldkriich. Om't se benaud wiene foar in Japanske ynvaazje waard de befolking evakuearre oant der noch mar 2.000 ynwenners oer wiene, wylst der in garnisoen fan 32.000 alliearde militêren stasjonearre waard. Op 19 febrewaris 1942 waard de stêd bombardearre troch yn totaal 188 Japanske fleantugen, dy't njonken de brânstofdepots fan 'e stêd ek it gebiet om 'e haven folslein ferneatigen. By de loftoanfal op Darwin kamen teminsten 243 ynwenners en militêren om it libben. Dat bombardemint wie de earste oanfal op Australysk grûngebiet sûnt de oprjochting fan 'e naasje. Fjouwer fan 'e seis fleandekskippen en de byhearrende bommesmitereskaders dy't by de oanfal belutsen wiene, hiene earder dielnommen oan 'e oanfal op Pearl Harbor. Hja goaiden lykwols mear bommen ôf op Darwin as op Pearl Harbor, ek al waard de oanfal militêr sjoen fan folle minder grut belang achte. Dy deis gyngen acht alliearde oarlochsskippen ferlern. De kommandostruktueren foar sawol de sivile as de militêre ferdigening stoarten yn, om't de tariedingen op in mooglike oanfal strafrjochtlik ferwaarleazge wiene. Der folgen noch in soad loftoanfallen, wêrfan't de wichtichste plakfûnen op 28 maart en 16 juny 1942 en op 2 maaie 1943.
Tusken maart en april 1946 kamen yn Darwin trije militêre tribunalen gear; dy fungearren as ferlingstik fan 'e prosessen foar oarlochsmisdieden op Nij-Guineä en behannelen oarlochsmisdieden dy't tsjin Austraaljers begien wiene.

Op 25 desimber 1974 waard Darwin streekrjocht troffen troch sykloan Tracy. Hjirby kamen 66 ynwenners om it libben en waard mear as 70 prosint fan 'e bebouwing – foaral âldere bakstienen huzen – ferneatige. Nei de natuerramp waarden likernôch 30.000 fan 'e doetiidske 43.000 ynwenners mei it fleantúch evakuearre. Dy loftbrêge wie de grutste operaasje yn syn soarte yn 'e Australyske skiednis. Dêrnei waard de stêd op 'e nij opboud mei it gebrûk fan ferbettere boumaterialen en -techniken.
De satellytstêd Palmerston, likernôch 20 km súdlik fan Darwin, waard begjin jierren 1980 stifte. It spoar tusken Adelaide en Darwin waard op 17 septimber 2003 foltôge.
Op 16 novimber 2011 makken de Amerikaanske presidint Barack Obama en de Australyske premier Julia Gillard bekend dat der yn Darwin in Amerikaanske militêre basis fêstige wurde soe foar 2.500 Amerikaanske mariniers.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Darwin feroare nei de Twadde Wrâldkriich. Lykas in soad oare Australyske stêden krige Darwin ymmigranten út Jeropa, mei grutte oantallen Italjanen en Griken yn 'e jierren 1960 en 1970. Der wie ek ymmigraasje út oare Jeropeeske lannen, wêrûnder Nederlanners, Dútsers en oare nasjonaliteiten. In grut part fan 'e resinte ymmigraasje is ôfkomstich út Aazje, wêrûnder minsken út East-Timor.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
