Hoale

Ut Wikipedy

In hoale (ek hoal) is in holle romte yn 'e grûn, dy't òf opsetlik útgroeven is, òf troch omstannichheden ûntstien is. Yn dat lêste gefal kin men tinke oan in fersakking fan 'e ierde, it fuortspilen fan in hap út 'e igge fan in rivier of beek, of in loaze romte ûnder in rotsblok of de woartels fan in beam. Ek de romte yn in holle beam wurdt wol omskreaun as in hoale. Yn stiengrûn wurde hoalen (of rotshoalen) ornaris oantsjut as grotten of spelonken, en binne se faak foarme troch ûndergrûnske wetterstreamen. Hoalen wurde gauris troch bisten brûkt as wente, mar yn it ferline ek wol troch minsken. Yn 'e natoer komt it net selden foar dat guon soarten bisten, lykas martereftigen, hoalen oernimme dy't útgroeven binne troch oare soarten bisten, lykas kninen of prêrjehûnen. Dêrby kinne de 'kreakers' de hoale leech oantroffen hawwe, mar ek is it mooglik dat se de eardere eigners opfretten hawwe. De hoalen fan guon bisten hawwe in spesifikere namme; sa sprekt men by dassen en kninen, wol fan in boarch. Yn it Frysk besteane de sprekwurden 'yn 'e hoale bliuwe' (thúsbliuwe) en 'yn 'e hoale lizze' (op bêd lizze).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: