Springe nei ynhâld

Prêrjehûnen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Prêrjehûn)
Prêrjehûnen
In swartsturtprêrjehûn.
In swartsturtprêrjehûn.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
ûnderfamylje: grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae)
tûke: grûniikhoarntsjes (Marmotini)
ûndertûke: marmoteftigen (Marmotina)
skaai: prêrjehûnen (Cynomys)
Rafinesque, 1817

De prêrjehûnen, ek wol stavere as prêryhûnen of prairiehûnen (wittenskiplike namme: Cynomys), foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en de ûndertûke fan 'e marmoteftigen (Marmotina). Ta dit skaai hearre 5 soarten út Noard-Amearika.

Prêrjehûnen binne in slach grûniikhoarntsjes dat yn koloanjes ûnder de grûn fan 'e prêrjes fan Noard-Amearika libbet. Se kinne sa'n 40 sm lang wurde en se weagje 1-4 kg. Yn finzenskip kinne se 8-10 jier âld wurde, mei útsjitters nei 12 jier. Se waarden foar it earst troch de Westerske wittenskip ûntdutsen troch de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark, in ûntdekkingstocht fan 'e rivier de Mississippy nei de Amerikaanske westkust en werom, dy't plakfûn yn 'e jierren 1804-1806.

It wie Meriwether Lewis en William Clark bekend dat de Frânsk-Kanadeeske pelsjagers sokke bisten teminsten al fan 1774 ôf chiens de prairie ("prêrjehûnen") neamden, mar sysels keazen foar de namme barking squirrel ("blaffend iikhoarntsje"), wat eins yndie in sekuerdere oantsjutting is. Dy namme beklibbe lykwols net, en úteinlik waard yn it Ingelsk prairie dog, in letterlike oersetting fan 'e Frânske beneaming, oernommen. De ferwizing nei hûnen komt fan it blaffende lûd dat prerjehûnen fuortbringe om inoar te warskôgjen foar ûnrie. Ek de wittenskiplike namme Cynomys, dy't komt fan 'e Grykske term foar "hûnemûs", slacht dêrop werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.