Rocky-Mountainsprêrjehûn

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rocky-Mountainsprêrjehûn
Pdog.jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai: prêrjehûnen (Cynomys)
soarte
Cynomys gunnisoni
Baird, 1855
IUCN-status: net bedrige

De Rocky-Mountainsprêrjehûn (Latynske namme: Cynomys gunnisoni) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Mamotini) en it skaai fan 'e prêrjehûnen (Cynomys). Dizze soarte libbet yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten. De Rocky-Mountainsprêrjehûn is it naust besibbe oan 'e Utahprêrjehûn (Cynomys parvidens) en de wytsturtprêrjehûn (Cynomys leucurus).

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rocky-Mountainsprêrjehûn komt foar yn in gebiet yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten, dat de súdeastlike hoeke fan 'e steat Utah, it súdwesten fan Kolorado, it noardwesten fan Nij-Meksiko en it noardeasten fan Arizona beslacht. Dit gebiet stiet ek wol bekend as de Four Corners ("Fjouwer Hoeken"), mei't de grinzen fan 'e neamde steaten der yn ien punt gearkomme. Ta dizze kontrei hearre guon fan 'e skildereftichste lânskippen fan 'e Feriene Steaten, wêrûnder Monument Valley, dat yn it ferline gauris as eftergrûn foar films tsjinne hat.

It ferspriedingsgebiet fan 'e ûnderskate prêrjehûne-soarten (de Rocky-Mountainsprêrjehûn yn dûnker-pears).

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rocky-Mountainsprêrjehûn hat trochinoar in kop-romplingte fan 30-37 sm, mei in sturtlingte fan 3-6 sm en in gewicht fan ½-1 kg. De mantsjes binne trochinoar grutter as de wyfkes. De pels is gielbrún oant bêzje, mar der sitte ek swartkleurige hierren trochhinne. Boppe op 'e kop, op 'e wangen en op 'e wynbrauwen is de pels dúdlik dûnkerder as oer de rest fan it lichem. De sturt is koart en grizich wyt fan kleur, mei in ljochtgrize punt. Rocky-Mountainsprêrjehûnen ferhierje twa kear yn 't jier, yn 'e maityd, as it ferhierjen by de kop begjint en by de sturt einiget, en hjerstmis, as it by de sturt begjint en by de kop einiget. Se hawwe in gebit dat út 22 tosken bestiet, en de wyfkes hawwe fiif pear oeren. De Rocky-Mountainsprêrjehûn is de iennichste fan 'e fiif soarten prêrjehûnen dy't 40 gromosomen hat; alle oare soarten hawwe der 50.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rocky-Mountainsprêrjehûnen libje yn woastinen, steppes, op gerslân, greiden en heuvelskeanten en yn rivierdellings. Se jouwe de foarkar oan biotopen mei wat beskutting yn 'e foar fan strewelleguod. Yn 'e Rocky Mountains binne se oantroffen oant op in hichte fan hast 3.700 m.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rocky-Mountainsprêrjehûn is oerdeis aktyf, fral ier op 'e moarn en let op 'e middei. By koeler waar kin er hast de hiele dei yn 't spier wêze, al bliuwt er by rein en snie binnendoar. Rocky-Mountainsprêrjehûnen libje yn koloanjes dy't út in pear hûndert eksimplaren bestean kinne. Elts koloanje is ûnderferdield yn lytsere kloften fan 2-19 bisten mei in eigen territoarium dat se fûleindich ferdigenje, ek tsjin koloanjegenoaten dy't net ta de eigen kloft hearre. De kloften kinne opmakke wêze út in min ofte mear monogaam pearke, in mantsje mei in harem fan ferskate wyfkes, of in "kommune" fan in stikmannich mantsjes en wyfkes. Binnen de eigen kloft binne fral de froulike Rocky-Mountainsprêrjehûnen tige sosjale bisten. Se kommunisearje troch oanrekking en mei alaarmroppen.

Winterdeis bringe Rocky-Mountainsprêrjehûnen langere tiid yn har eigengroeven ûndergrûnske hoalen troch, dêr't se in wintersliep hâlde dy't maksimaal fan oktober oant maart of april duorje kin, al begjinne se der faak pas yn novimber of desimber mei. De peartiid set daliks nei de beëiniging fan 'e wintersliep útein, yn mids maart, en duorret oant mids maaie. De wyfkes binne mar ien dei yn it jier djoeisk en pearje dan mei 1-5 mantsjes, mar bringe jiers mar ien nêst fan 4-5 jongen fuort. De draachtiid duorret likernôch 30 dagen, en de jongen wurde mei 30-40 dagen ôfwûn. As se likernôch in moanne âld binne, komme se foar it earst boppe de grûn. As se âld genôch binne om selsstannich te libjen, ferhuzet it wyfke nei in oare hoale, en lit se har jongen efter, dy't koarte tiid letter útinoar geane en har yn eigen hoalen nei wenjen sette. De wyfkes binne mei 1 jier geslachtsryp, mar as der dat jiers itenskrapte bestiet, wachtsje se faak noch in jier foar't se oan 'e fuortplanting dielnimme. Rocky-Mountainsprêrjehûnen libje yn it wyld 3-5 jier, mar kinne yn finzenskip wol 8 jier helje. Har natuerlike fijannen binne de sulverdas, prêrjewolf, wolf, reade lynks, wezeling, keningearn en ferskate soarten hauken. Foarhinne wie ek de swartpoatmurd slim gefaarlik, mar dy is no tige seldsum.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rocky-Mountainsprêrjehûnen frette foar it meastepart gerzen, krûden en blêden. By 't maityd ferhapstûkje se ek de nije leaten fan strewellen. Simmerdeis beplúzje se fral ek in protte sieden. As it fretten hjerstmis en by 't winter krap is, nimme se har taflecht ta it fretten fan stâlen en woartels, en fierders frette se dan ek de itensfoarrieden dy't se oan 'e ein fan 'e simmer oanlein hawwe. Hoewol't Rocky-Mountainsprêrjehûnen yn prinsipe herbivoaren binne, folje party har menu út en troch wolris oan mei ynsekten.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rocky-Mountainsprêrjehûn hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt, al nimt de populaasje op 't heden dramatysk ôf fanwegen útbraken fan 'e sylvatyske pest en om't Rocky-Mountainsprêrjehûnen troch feehâlders as skealik ûngedierte beskôge wurde, en sadwaande aktyf mei gewear en fergif bestriden wurde. Trijefearn fan 'e totale populaasje Rocky-Mountainsprêrjehûnen libbet yn 'e steaten Arizona en Nij-Meksiko.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.