Springe nei ynhâld

Utahprêrjehûn

Ut Wikipedy
Utahprêrjehûn
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai prêrjehûnen (Cynomys)
soarte
Cynomys parvidens
Allen, 1905
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De Utahprêrjehûn (Latynske namme: Cynomys parvidens) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Mamotini) en it skaai fan 'e prêrjehûnen (Cynomys). Dizze prêrjehûn komt foar yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en hat de status fan bedrige bistesoarte.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Utahprêrjehûn libbet op 'e steppes yn it súdwestlike diel fan 'e súdwestlike Amerikaanske steat Utah.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Utahprêrjehûn hat trochinoar in totale lichemslingte fan 25-40 sm, mei in gewicht fan 680 g oant 1,4 kg. Dêrmei is it de lytste fan 'e fiif soarten prêrjehûnen. De pels is ticht en op 'e rêch dûnkerbrún, wylst er op 'e bealch ljochtbrún oant bêzje is. De sturt is koart en hat in ljochte punt.

Ferspriedingsgebiet yn Utah:
     lânseigen foarkommen yn 1920
     lânseigen foarkommen yn 1970
     lânseigen foarkommen yn 1991.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utahprêrjehûnen lizze grutskalige koloanjes of "stêden" oan (de Amerikaansk-Ingelske oantsjutting dêrfoar is towns), besteande út ûndergrûnske hoalen dy't mei-inoar yn ferbân steane. Sa'n town wurdt bewenne troch alle leden fan in prêrjehûnefamylje. Dêrnjonken meitsje lykwols ek oare bisten gebrûk fan 'e hoalen, wêrûnder ûlen, slangen en oare kjifdieren. Lykas alle prêrjehûnen binne Utahprêrjehûnen tige warber te itensykjen. Op har menu stiet in wiid ferskaat oan gerzen, blommen en sieden, en soms frette se ek wol ynsekten. De wyfkes bringe 3-6 jongen per smeet te wrâld.

De Utahprêrjehûn hat de IUCN-status fan "bedrige", mei't syn ferspriedingsgebiet frij beheind is, en der yn 1972 noch mar 3.300 eksimplaren fan oer wiene, ferdield oer 37 koloanjes. Sûnt giet it wer wat better mei dizze soarte, mar noch altyd net daverjend. By in ûndersyk út 2004 waarden der 4.022 teld, wylst men de totale populaasje yn 2012-2013 op likernôch 8.000 rûsde. De lêste kear dat de IUCN-status op 'e nij beoardiele waard, wie yn 2008; doe waard besletten om 'e status fan bedrige bistesoarte te hanthavenjen.

Utahprêrjehûnen kinne oansjenlike skea tabringe oan greidlân, mei har gegraaf, en oan lânbougewaaksen, dy't se oanfrette. Dêrmei hawwe se har de grime op 'e hals helle fan 'e boeren fan Utah, dy't der net foar tebekskrilje om, nettsjinsteande de beskerme status, fergif tsjin 'e bisten yn te setten. Dat wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste oarsaken fan 'e efterútgong en de trage populaasjegroei sûnt 1972. Oare faktoaren dy't dêrby in rol spylje, binne habitatferlies troch urbanisaasje en oare foarmen fan lânûntwikkeling; de opmars fan houtige planten yn it biotoop fan 'e prêrjehûnen; de sylvatyske pest; en oanhâldende drûchte. De Amerikaanske oerheid is der no ta oergien om boeren finansjele fergoedings oan te bieden as se in diel fan har lân beskikber stelle foar bewenning troch Utahprêrjehûnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.