Wytsturtprêrjehûn

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wytsturtprêrjehûn
Whitetailedprairiedoghi.jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai: prêrjehûnen (Cynomys)
soarte
Cynomys leucurus
Merriam, 1890
IUCN-status: net bedrige

De wytsturtprêrjehûn (Latynske namme: Cynomys leucurus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Mamotini) en it skaai fan 'e prêrjehûnen (Cynomys). Dizze soarte libbet yn in bercheftich diel fan 'e westlike Feriene Steaten en komt oer it algemien op gruttere hichte foar as oare soarten prêrjehûnen.

Fersprieding en biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytsturtprêrjehûn komt foar yn 'e sintrale en westlike parten fan 'e Amerikaanske steat Wyoming en fierders yn noardwestlik Kolorado, noardeastlik Utah en in lyts diel fan súdlik Montana. De grutste populaasjes libje yn Wyoming, dêr't dit bist pleatslik bekend stiet as de chiseler ("beitelder"). Wytsturtprêrjehûnen libje yn bercheftige biotopen mei drûch gerslân en in strewellige boaiemfegetaasje, yn 'e Rocky Mountains, dêr't se foarkomme op in hichte fan tusken de 1.500 en de 3.000 m, wat folle heger is as wêr't oare soarten prêrjehûnen libje.

In opsittende wytsturtprêrje-hûn.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e ûnderskate prêrjehûne-soarten (de wytsturtprêrjehûn yn rôs).

De wytsturtprêrjehûn hat trochinoar in totale lichemslingte fan 31½-40 sm en in gewicht fan 675 g oant 1,7 kg, al weagje se yn trochsneed sa'n 1.140 g. De mantsjes binne justjes grutter as de wyfkes. De pels is ljochtbrún fan kleur, mei swartige plakken boppe en ûnder de eagen. Wytsturtprêrjehûnen kinne fan oare prêrjehûnen ûnderskaat wurde troch de wite punt fan har koarte sturtsje, mei't de swartsturtprêrjehûn (Cynomys ludovicianus) in swarte sturtpunt hat, wylst by de oare trije soarten de sturt in min ofte mear brune kleur hat.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wytsturtprêrjehûnen binne útslutend oerdeis aktyf, al bliuwe se by min waar yn har eigengroeven hoalen. Dy hoalen steane ûndergrûnsk yn ferbining mei oare hoalen en foarmje sa in koloanje, dy't ûnderferdield is yn ferskate kloften of famyljeklans mei allegear in eigen territoarium. De leden fan dy kloften geane lykwols folle sosjaler mei leden fan oare kloften om as dat by oare soarten prêrjehûnen it gefal is; sa is waarnommen hoe't de jongen fan ferskillende kloften mei-inoar boarten, wat by oare prêrjehûnen ûnbesteanber is. Wytsturtprêrjehûnen hawwe in kompleks systeem fan fokalisaasjes ûntwikkele om mei-inoar te kommunisearjen en om inoar te warskôgjen yn gefal fan gefaar. De wytsturtprêrjehûn is in herbivoar, dy't benammentlik gerzen, siggen en krûden fret, en dêrnjonken blêden, sieden, nôt, nuten en blommen.

By 't winter hâlde wytsturtprêrjehûnen in wintersliep, dy't duorret oant mids of ein maart. Fuort dêrnei begjint de peartiid, dy't yn ein maart en begjin april falt, en wêrby't djoeiske wyfkes pearje mei ferskate mantsjes. Nei in draachtiid fan sa'n 30 dagen smite de wyfkes dan yn ein april of begjin maaie in nêst fan 2-8 (mar trochinoar 5) jongen, dy't nei 5-7 wiken foar it earst boppe de grûn komme. Koarte tiid letter wurde se ferlitten troch har mem en moatte se harsels rêde. De mantsjes sjogge hielendal net nei har jongen om. Wytsturtprêrjehûnen produsearje mar ien nêst jongen jiers en binne mei 1 jier geslachtsryp. It is ûnbekend wat de libbensferwachting by dizze soarte is. Har wichtichste natuerlike fijân wie foarhinne de swartpoatmurd, mar dy is no sa seldsum dat er mar amperoan mear ynfloed op 'e prêrjehûnestân hat. Wichtiger fijannen binne tsjintwurdich de sulverdas en de keningsearn, en fierders de foks, de prêrjewolf, de waskbear, it streekte stjonkdier, de Amerikaanske nerts en ferskate soarten lytse marters en rôffûgels.

De yngongen fan hoalen fan 'e wytsturtprêrjehûn.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytsturtprêrjehûn beset op 't heden mar sa'n 8% fan syn oarspronklike areaal, en de populaasje is noch mar in fraksje fan wat it ienris wie. Dat is it resultaat fan ferskate programma's dy't ta doel hiene om dizze soarte út te rûgjen, mei't er doe (en no noch wol) as skealik ûngedierte sjoen waard. Sa sette yn 1915 de Amerikaanske Biological Survey útein mei in besykjen ta útrûging, wêrnei't yn 1923 in bepaling yn 'e steatswetjouwing fan Wyoming opnommen waard dy't de ynwenners ferplicht stelde om wytsturtprêrjehûnen wêr't se dy ek mar tsjinkomme mochten, út te rûgjen. Mids tweintiger jierren waarden sadwaande 95 oant 100% fan 'e wytsturtprêrjehûnen yn 'e steat ôfmakke, benammentlik troch it gebrûk fan fergif.

Lokkigernôch slagge it lykwols net om 'e soarte alhiel te ferdylgjen, en sûnt de twadde helte fan 'e tweintichste iuw is de wytsturtprêrjehûn wer by de wâl opklaud troch beskerming yn nasjonale parken en in feroare hâlding ûnder in diel fan 'e befolking. Hoewol't se tige yn oantal ôfnommen binne en noch altyd bestriden wurde mei gif en it gewear, hawwe se de IUCN-status fan "net bedrige". Dat doocht net, mei't wytsturtprêrjehûnen noch altyd tige kwetsber binne. De beskerming fan prêrjehûnen hat lykwols yn 'e Feriene Steaten in lege prioriteit, en der bestiet in ynfloedrike feehâlderslobby dy't eltse beskerme status tsjinkeare wol. Petysjes fan natoerbeskermers binne oant no ta ôfwiisd op grûn fan ûnfoldwaande wittenskiplik bewiismateriaal. Dat beslút wurdt op 't heden lykwols op 'e nij besjoen, om't ûntdutsen is dat pleatsferfangend ûnderminister Julie A. MacDonald, dy't ferantwurdlik wie foar sokke saken, mei opsetsin de resultaten fan wittenskiplike ûndersiken dy't har net oanstiene, bûten it beslútfoarmingsproses holden hat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.