Lytse marters

Ut Wikipedy
Lytse marters
De swartpoatmurd (Mustela nigripes).
De swartpoatmurd (Mustela nigripes).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: poalrôfdieren (Arctoidea)
boppefamylje: marterdieren (Musteloidea)
famylje: martereftigen (Mustelidae)
ûnderfamylje: echte marters (Mustelinae)
skaai: lytse marters (Mustela)
Linnaeus, 1758

De lytse marters (Latynske namme: Mustela) foarmje in skaai fan de klasse fan de sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte marters (Mustelinae). Ta dit skaai hearre santjin of njoggentjin (ôfhinklik fan hokker taksonomyske yndieling oft men oanhâldt) soarten fine, lichtliddige en koartskonkige martereftigen, lykas de harmeling, de murd en de wezeling, dy't alletrije ek yn Fryslân foarkomme. De lytse marters spjalten harren likernôch 20 miljoen jier lyn, yn it Mioseen, ôf fan 'e oare martereftigen, en binne eins allegearre betûfte en opportunistyske jagers. De iennichste soarte dy't himsels troch spesjalisaasje beheind hat ta ien proai, is de Noardamerikaanske swartpoatmurd, dy't allinne mar prêrjehûnen bejaget. De lytse marters komme foar yn hiele Jeraazje en Noard-Amearika en yn dielen fan Súd-Amearika en de Súdeastaziatyske eilannen.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inkeld wurde de Amerikaanske nerts (Neovison vison) en de yn 'e njoggentjinde iuw útstoarne seenerts (Neovison macrodon) yn it ûnderskaai Neovison oan 'e lytse marters tafoege, mar ornaris wurdt Neovison as in susterskaai fan 'e lytse marters yn 'e ûnderfamylje fan 'e echte marters (Mustelinae) pleatst.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.