Steppemurd
steppemurd | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mustela eversmannii | ||||||||||||
Lesson, 1827 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De steppemurd (Latynske namme: Mustela eversmannii) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dat lânseigen is yn in grut part fan Aazje en dielen fan East-Jeropa. Dizze soarte is nau besibbe oan 'e (gewoane) murd (Mustela putorius), mar is wat grutter fan stal mei in robústere kop. Fierders bestiet der ek in nauwe besibskip mei de swartpoatmurd (Mustela nigripes) út Noard-Amearika. It tinken is dat alle trije soarten ôfstamje fan Mustela stromeri, de earste echte murdesoarte. De steppemurd soe him tusken oardel miljoen en 430.000 jier lyn ûntjûn hawwe ta in selsstannige bistesoarte, al kin er noch altyd fruchtbere neikommelingen produsearje mei murden en swartpoatmurden.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De steppemurd komt fral yn Aazje foar, dêr't er in diskontinuë fersprieding hat yn súdwestlik en súdlik sintraal Sibearje, dielen fan it Russyske Fiere Easten, it grutste part fan Mongoalje, hast hiel Mantsjoerije, Kazachstan, Kirgyzje en Tadzjikistan, noardeastlik en sintraal Sina, en dielen fan Sinkiang-Oeigoerje, Tibet, Oezbekistan en Turkmenistan. Yn Jeropa libbet er fral op 'e steppen fan súdlik en sintraal Ruslân, ynkl. de Koeban en alhiel oan 'e Kaukasus ta. Fierders yn it grutste part fan 'e Oekraïne (ynkl. de Krim), hast hiel Moldaavje, Slowakije en Hongarije en lytsere dielen fan Wyt-Ruslân, Poalen, Roemeenje, Servje en Bulgarije. De steppemurd wreidet him fierder út nei it westen ta en komt mooglik ek al yn Eastenryk en Tsjechje foar.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De steppemurd hat trochinoar in kop-romplingte fan 32-56 sm, mei in sturtlingte fan 8-18 sm en in gewicht fan 0,8-1,1 kg (♂) of 480-630 g (♀). Yn Sibearje komme gruttere manlike eksimplaren foar fan om 'e 2 kg hinne en wyfkes fan tusken de 1,3 en 1,4 kg. Sokke reuze-eksimplaren binne nei alle gedachten te ferklearjen út (natuerlik foarkommende) krusings mei de Sibearyske wezeling (Mustela sibirica).
Kwa uterlik lykje normale steppemurden tige sterk op 'e murd (Mustela putorius), mar se binne langer en ranker en justjes grutter fan postuer, mei in robústere plasse (skedel). It hier is lykwols folle ljochter, mei op 'e rêch en de fangen in gielige kleur, wat dúdlik te sjen is tusken de dûnkerder dekhierren hinne. De bealchkant, de sturtpunt en de poaten sitte tsjin it swarte oan. Troch de ljochtere pels falt de "maskere" koptekening minder op as by de murd. Mear noch as op 'e murd liket de steppemurd op 'e swartpoatmurd (Mustela nigripes), mei as iennichste yn it each springende ferskillen de langere en folle sêfter oanfielende pels fan 'e steppemurd, en syn koartere earen. By de steppemurd binne wol alve ûnderskate flieësoarten fêststeld, wêrfan't er guon oppikt fan syn proaidieren.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De steppemurd libbet, sa't syn namme al oanjout, op steppen en yn oare iepen lânskippen, lykas greiden en fjilden, healwoastinen en rivierdellings. Hy jout de foarkar oan drûch terrein sûnder beammen of strewelleguod, en sadwaande oerlapet syn biotoop dat fan 'e murd (Mustela putorius) net.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De steppemurd is in nomadysk bist wêrfan't âldere eksimplaren in fêst territoarium hawwe, benammen yn 'e waarmere jiertiden, oant harren proai dêr krap wurdt. Dan tsjogge se fierder en sette har foar in hoartsje op in oar plak nei wenjen. Jongere bisten hawwe hielendal gjin fêste wengebieten. Winterdeis, as se aktiver binne, kinne steppemurden wol 12-18 km deis ôflizze. Se binne sawol nachts as oerdeis yn 't spier, mar grave mar komselden har eigen hoalen. Ynstee meitsje se gebrûk fan 'e hoalen fan proaidieren dy't se opfretten hawwe (almeast sisels). Wyfkes fergrutsje sokke hoalen mei faak min oanleine nije gongen, in foarrieromte en in ûndergrûnske latrine. Om't se der mar sa koart tahâlde, leannet it de muoite net om in protte oandacht oan 'e konstruksje fan 'e hoalen te besteegjen.
De peartiid is by steppemurden nochal fariabel, en hinget ôf fan 'e klimatologyske omstannichheden. Yn Jeropa en westlik Sibearje falt dizze perioade yn maart, mar yn it Transbaikalske Fiere Easten yn maaie. Yn it wyld duorret de peartiid mar in wike as trije, mar yn finzenskip binne der sân gefallen bekend út 'e Dieretún fan Moskou wêrby't in pear steppemurden fan 9 april oant 9 juny oanhâldend oan it pearjen wiene. Hoe dan ek, de kopulaasje duorret by steppemurden sa'n 20 minuten, wêrnei't in draachtiid folget fan 36-43 dagen. Dan smyt it wyfke in nêst fan 3-6 jongen, al binne der yn útsûnderlike gefallen 18 jongen yn ien nêst teld. Dy jongen komme blyn en neaken te wrâld, mei in gewicht fan yn trochsneed 4½ g, in ljochtrôzige hûd en in membraan oer de eagen hinne. Nei 28-34 dagen geane de eagen iepen; om dyseldichste tiid hinne wurde de jongen aktiver en begjinne se fêst fretten ta har te nimmen. As se 45 dagen âld binne, sette se útein mei te jeien, al kinne se dan allinnich jonge proaidieren noch mar oan. Tsjin 60 dagen snippe se ek folwoeksen proaien. Nei 2-2½ moanne, ornaris tsjin begjin july, binne de jonge steppemurden selsstannich en jouwe se har ôf. Fan 10 moanne ôf binne se geslachtsryp en kinne se har fuortplantsje. Folgroeid binne se lykwols pas mei 2 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De steppemurd is in mear spesjalisearre jager as de murd (Mustela putorius), mar folle minder spesjalisearre as de swartpoatmurd (Mustela nigripes). Hy libbet fierhinne fan kjifdieren as sisels, hamsters en jonge of sike bargemotten, en ek fan fluithazzen of pika's. Hy fangt syn proaien yn 'e regel troch se út te graven. Yn mear wetterrike gebieten fret de steppemurd ek wol wetterrotten, fisk, hinnen en oare fûgelt as patrizen, en hiel inkeld ek wol amfibyen en reptilen. Op syn menu stiet mar komselden wat oars wringedieren, en alhiel nea plantaardige kost.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De steppemurd hat de IUCN-status fan "net bedrige", fanwegen syn grutte fersprieding, syn foarkommen yn in ferskaat oan beskerme natoergebieten en syn oanpassingsfermogen oan feroarings yn syn habitat. Yn 'e perioaden 1926-1929 en 1956-1959 gie de populaasje steppemurden lykwols sjendereagen efterút, wat feroarsake waard troch it minsklik yngripen yn syn natuerlike biotoop, it steppelânskip, en troch in ôfname fan syn proaidieren om't der gemyske bestridingsmiddels ynset wiene.
Yn Ruslân, de Oekraïne, Kazachstan, Kirgyzje en oare eardere Sovjetrepubliken is de steppemurd fan grutte ekonomyske wearde, net inkeld fanwegen de jacht, omreden fan syn pels, dy't djoer ferkocht wurdt, mar ek fral om't er in grut tal skealike kjifdieren lytsman makket dy't oars de rispingen fan nôt en oare kultuergewaaksen slimme skea tabringe soene en dy't boppedat alderhanne sykten ferspriede kinne. Ien inkele steppemurd fret jiers op syn minsten 200 sisels of winterdeis allinnich al 1.500 mûseftige kjifdieren.
Opsomming fan ûndersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de stân fan saken yn 2005 wiene der acht erkende ûndersoarten fan 'e steppemurd, wêrûnder ien útstoarnen, de beringmurd, dy't folle grutter wie as de Baikalmurd, de grutste noch libbene ûndersoarte.
- de Amoermurd (Mustela eversmannii amurensis), yn it Russyske Fiere Easten en eastlik Mantsjoerije
- de Baikalmurd (Mustela eversmannii michnoi), sintraal Sibearje, Mongoalje, Dzjoengarije en westlik Mantsjoerije
- de beringmurd (Mustela eversmannii beringae) †, yn Kamtsjatka en oan 'e kust fan 'e Beringsee
- de Jeropeeske steppemurd (Mustela eversmannii hungarica), yn it Jeropeeske ferspriedingsgebiet fan 'e steppemurd
- de petropavlovsteppemurd of Petropavlovs steppemurd (Mustela eversmannii eversmannii), yn westlik Sibearje en Kazachstan
- de Sineeske steppemurd (Mustela eversmannii admirata), yn 'e Sineeske provinsjes Hebei en Shaanxi en yn it Ordosberchtme
- de Tibetaanske murd (Mustela eversmannii larvatus), yn Tibet en Kasjmier
- de Toerkestaanske steppemurd (Mustela eversmannii talassicus), yn Sintraal-Aazje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Rôfdier (skift)
- Martereftige
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân