Sisel

Ut Wikipedy
sisel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Spermophilus)
soarte
Spermophilus citellus
Linnaeus, 1766
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De sisel of it Jeropeeske grûniikhoarntsje (Latynske namme: Spermophilus citellus; foarhinne ek wol Citellus citellus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Spermophilus). Dizze soarte komt foar yn súdeastlik Jeropa, en hat de IUCN-status "kwetsber" tawiisd krigen, om't er troch habitatferlies yn 'e benearing rekke is.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sisel komt foar yn dielen fan súdeastlik Jeropa en de Balkan, yn twa grutte, oaniensletten gebieten en in stikmannich lytsere kriten. It súdeastlikste oaniensletten gebiet omfiemet hast hiel Bulgarije, East-Traasje (it Jeropeeske diel fan Turkije) en Walachije (súdlik Roemeenje), mei fierders noch it uterste noardeasten fan Grikelân, Roemeensk Moldaavje en oanbuorjende dielen fan ûnôfhinklik Moldaavje en de westlike Oekraïne.

In sisel.

It oare grutte areaal bestiet út hiel Hongarije, útsein it súdwesten, en fierders súdlik en sintraal Slowakije, de Woiwodina fan noardlik Servje, it westen fan it Banaat en de grinskrite fan Transsylvaanje (beide yn westlik Roemeenje), it uterste noardeasten fan Kroaasje, it uterste westen fan 'e Oekraïne, it noardeasten fan Eastenryk en sintraal, súdlik en súdeastlik Tsjechje. Dizze beide grutte ferspriedingsgebieten wurde faninoar skaat troch de berchkeatling fan 'e Karpaten. Lytsere enklaves mei siselpopulaasjes besteane yn westlik Tsjechje, súdlik Poalen, sintraal Masedoanje en noardlik Grikelân. Njonken har fersprieding yn Jeropa komme sisels ek yn it noardwesten fan Lyts-Aazje foar.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sisel hat trochinoar in kop-romplingte fan 17-23 sm, mei in sturtlingte fan 3¾-7⅓ sm en in gewicht fan 170-430 g. Dêrmei is dit bist likernôch fan 'e grutte fan in rôt. De mantsjes binne wat grutter as de wyfkes. De pels is op 'e rêch gielich griis en liket fan deunby wat spikkelbûnt te wêzen, mei swarte plakjes dy't feroarsake wurde troch de swarte úteinen fan guon hierren. De fangen binne ljochter en effen fan kleur, wylst de bealch en de kiel witch binne. Yn 'e maityd, as se har winterkleed noch hawwe, binne sisels grizer en ljochter kleure. De poaten binne yn ferhâlding frij koart, en de sturt it tichtbegroeid mei lang hier, in plomsturt net wanlyk. De eagen binne grut en omrâne mei witich hier, mar de earen binne tige lyts en de eariepenings wurde troch in hûdploai ferburgen.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sisels binne bewenners fan iepen lânskippen, en dêrby jouwe se de foarkar oan leechlân, al libje se op guon plakken ek wol yn 'e bergen. Se kinne lykwols net sûnder in ûndergrûn dêr't se yn grave kinne, dat yn rotseftige gebieten komme se net foar. Fierders moat der in lege gerzige boaiemfegetaasje oanwêzich wêze, dy't har sawol ta fretten as ta beskûl tsjinnet. Hoewol't se fan natuere bisten fan 'e steppes binne, hawwe sisels har yn Midden-Jeropa oanpast oan kultuerlân, lykas luzernefjilden en yn ûnbrûk rekke greiden.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In sisel sjocht ris bûtendoar.

Sisels binne útslutend oerdeis aktyf en hawwe in fêst libbensritme, dat makket dat se har simmerdeis lang foar sinne-ûndergong al weromlûke yn har ûndergrûnske hoalen. Kjeld en rein hâldt har binnendoar. Se bewenje eigengroeven hoalen of boargen mei in mei plantaardich materiaal beklaaide nêstkeamer en in kompleks stelsel fan gongen, dy't 5-10 sm yn trochsneed binne. De hoalen hawwe mear as ien yn-/útgong, en njonken har wenhoale beskikke se ek noch oer ferskate ienfâldiger flechthoalen dy't oer har territoarium ferspraat binne. Yn 'e regel bejouwe sisels har net fierder as 60-80 m fan 'e yngong fan in hoale. It binne solitêr libjende bisten, dy't har om it hoartsje op 'e efterpoaten oprjochtsje om har om-en-by ôf te sykjen nei mooglike gefaren. Wurde se sa'n gefaar gewaar, dan naaie se út oant fuortby de yngong fan ien fan har hoalen, dêr't se ôfwachtsje wat der barre sil, om dan by neieroankommend gefaar op it lêste momint nei binnen te dûken.

Yn 'e hjerst en it lêst fan 'e simmer lizze sisels in tsjûke ûnderhûdske fetlaach oan, dy't se brek binne om har 5-7½ moanne duorjende wintersliep troch te kommen, fan septimber oant april. De peartiid set daliks nei ôfrin fan 'e wintersliep útein, wêrby't de mantsjes in pear wiken earder wekker wurde as de wyfkes en de jongen fan it foargeande jier. Sisels binne net monogaam en de mantsjes hawwe gjin oandiel yn it grutbringen fan 'e jongen. De draachtiid duorret 3½ wike, wêrnei't de wyfkes yn 'e perioade fan ein april oant juny de iennichste smeet fan it jier te wrâld bringe, besteande út 3-7 jongen.

In sisel hâldt syn om-en-by skerp yn 'e rekken.

Dy binne by de berte keal en blyn, en de eachjes geane earst mei 4 wiken iepen. Mei 6 wiken wurde se ôfwûn en koart dêrnei kinne se selsstannich libje en ferlitte se de âlderlike boarch, mar geslachtsryp binne se de folgjende maityds pas. Utswaarmjende jongen fêstigje har ornaris op in ôfstân fan 200-500 m, mei útsûnderlik gefallen fan 1.200 m, fan 'e hoale fan har mem. Sisels hawwe in maksimale libbensferwachting fan 8-10 jier, mar wurde yn it wyld faak mar 3 jier. Natuerlike fijannen binne ferskate soarten rôffûgels en fierders de foks en ferskate soarten martereftigen, lykas de wezeling, de murd en de steppemurd. Ek jachthûnen deadzje gauris in sisel.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sisel fret benammentlik de griene dielen fan alderhanne planten, in dieet dat er by 't simmer en oan it begjin fan 'e hjerst oanfollet mei blommen, fruchten, sieden en út en troch ynsekten. Soms frette sisels lânbougewaaksen oan, lykas biten, maïs, nôt, sinneblommen, augurken, earten en meloenen. Oars as in protte oare iikhoarntsjesoarten lizze se gjin itensfoarrieden oan yn har hoalen.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sisel hat de IUCN-status fan "kwetsber", mei't er op it mêd fan populaasjegrutte en fersprieding stadichoan efterútbuorket. Sûnt 2000 is syn totale populaasje nei skatting mei 30% ôfnommen. Fral oan 'e rânen fan syn areaal, yn it suden, noarden en noardwesten, is dat dúdlik merkber. Sa is de soarte útstoarn yn it easten fan Dútslân, dêr't er foarhinne ek foarkaam, en yn Poalen, al is er yn dat lêste lân yn 2005 mei súkses yn it wyld reyntrodusearre. De wichtichste bedrigings foar de sisel binne yn it foarste plak it omsetten fan greiden of wyld gerslân yn ikkers foar lânbou of yn jonge oanplant foar de boskbou; fierders it opjaan fan greiden sadat dy feroarje yn mei lang gers en houtige planten begroeid ûnlân dat foar de sisel ûngaadlik is; urbanisaasje; en teffens it oanlizzen fan wegen dêr't populaasjes troch fragmintearre reitsje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.