Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling
Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mustela haidarum | ||||||||||||
Preble, 1898 | ||||||||||||
IUCN-status: – (noch net beoardiele)
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling (wittenskiplike namme: Mustela haidarum) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dat lânseigen is op 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen foar de westkust fan Kanada en op guon eilannen yn Súdeast-Alaska. It is ranke en langhalige karnivoar, dy't benammen nachts aktyf is. De Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling waard yn 2021 as in selsstannige soarte erkend. It is in bedrige bistesoarte.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling waard hiel lang beskôge as in ûndersoarte fan 'e gewoane harmeling (Mustela erminea), in bist dat ek yn Fryslân foarkomt. Mar yn 'e ienentweintichste iuw wiisde nij wittenskiplik ûndersyk nei it DNA fan harmelingen út dat wat foarhinne as ien soarte beskôge waard, eins trije nau besibbe mar selsstannige soarten wiene: de gewoane harmeling fan noardlik Jeraazje, Alaska, de Kanadeeske Arktyske Eilannen en Grienlân; de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii) fan it fêstelân fan Kanada en de noardeastlike, midwestlike en westlike Feriene Steaten; en de Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling (Mustela haidarum) op 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen foar de Kanadeeske westkust.
It tinken mank saakkundigen is dat de Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling in hybride soarte is, dy't fuortkomt út in tige âld proses fan hybridisearring fan 'e gewoane harmeling en de Amerikaanske harmeling. Trijeresom foarmje dizze soarten no it ûnderskaai fan 'e harmelingen (Mustela) binnen it skaai fan 'e lytse marters (Mustela). De wittenskiplike namme fan 'e Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling, Mustela haidarum, ferwiist nei de Haida, de oarspronklike Yndiaanske bewenners fan 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling komt benammen foar op 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen (lânseigen, Yndiaanske namme: Haida Gwaii), dy't foar de westkust fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia yn 'e Stille Oseaan lizze. Dêrnjonken libbet it bist ek op guon eilannen fan 'e Alexanderarsjipel yn Súdeast-Alaska, dat diel útmakket fan 'e Feriene Steaten. It giet dêrby om Prince of Wales Island, Dall, Suemez en guon lytsere, oanbuorjende eilannen.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling hat trochinoar in kop-romplingte fan 211/2–29 sm, mei in sturtlingte fan 8–12 sm en in gewicht fan 1,4–4,5 kg. Mantsjes binne wat foarser as wyfkes. It liif is rank en langhalich, en leit ticht by de grûn op koarte poatsjes. De pels is simmerdeis op 'e rêch kastanjebrún fan kleur, en op 'e bealch krêmkleurich wyt. Krekt as de gewoane harmeling (Mustela erminea) ferhierret ek de Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling hjerstmis, sadat er foar de winter in folslein wite pels kriget, útsein de sturtpunt, dy't by 't simmer swart is en dat by 't winter ek bliuwt. De Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling kin ûnderskaat wurde fan 'e nau besibbe gewoane harmeling (Mustela erminea) en Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii) troch syn ferlingde plasse.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling is fierhinne in nachtdier. Hy libbet in solitêr bestean yn in agressyf tsjin soartgenoaten fan 'e eigen sekse ferdigene territoarium, dat inkeld ûnderbrutsen wurdt troch de fan maart oant juny fallende peartiid. Troch in ferlinge draachtiid wurdt de ûntwikkeling fan 'e embryo's lykwols tsjinkeard oant febrewaris fan it folgjende jier. Nei in eigentlike draachtiid fan likernôch 10 wiken smyt it wyfke dan yn april of maaie in nêst fan almeast 4–8 jongen. Dy komme blyn en dôf te wrâld, mar hawwe al wol hier. De jongen wurde mei 5 wiken ôfwûn en kinne mei 12 wiken selsstannich oerlibje.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keninginne Sjarlotte-eilânske harmelingen binne karnivoaren, dy't benammen mûzen, wrotmûzen en pipermûzen frette. Mei't se opportunistyske jagers binne, beplúzje se ek wat der fierder noch foar gaadlike proaien op har paad komme.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't de erkenning fan dit bist as in selsstannige soarte noch sa farsk is, ûntbrekt anno 2023 fan 'e Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling noch in offisjele IUCN-status. Ferskate oare organisaasjes op it mêd fan natoerbeskerming, wêrûnder NatureServe en de Kommisje oangeande de Status fan Bedrige Fauna yn Kanada (COSEWIC), hawwe de Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling lykwols oanmurken foar in bedrige bistesoarte. Reden dêrfoar is dat it gaadlike habitat foar dit bist yn syn ferspriedingsgebiet yn 'e lêste iuw oansjenlik fermindere is troch de houtkap fan âldere beammen yn it Nasjonaal Wâld Tongass yn Súdeast-Alaska. Ek op oare manearen hat de groeiende minsklike populaasje yn it wengebiet fan 'e Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling in oanboazjende ynfloed op it bist.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tinken is (anno 2021) dat de Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling (Mustela haidarum) trije ûndersoarten hat:
- echte Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling (M. h. haidarum) (Keninginne Sjarlotte-eilannen foar de westkust fan Kanada)
- Prince of Walesharmeling (M. h. celenda) (Prince of Wales Island, Dall en oanbuorjende eilannen yn 'e Alexanderarsjipel fan Súdeast-Alaska)
- Suemezharmeling (M. h. seclusa) (Suemez yn 'e Alexanderarsjipel fan Súdeast-Alaska)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|