Springe nei ynhâld

Harmelingen

Ut Wikipedy
Harmelingen
De harmeling (Mustela erminea) yn syn winterpels.
De harmeling (Mustela erminea) yn syn winterpels.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: poalrôfdieren (Arctoidea)
boppefamylje: marterdieren (Musteloidea)
famylje: martereftigen (Mustelidae)
ûnderfamylje: lytse marters (Mustelinae)
skaai: lytse marters (Mustela)
ûnderskaai: harmelingen (Mustela)
Linnaeus, 1758

De harmelingen of echte wezelingen (Latynske namme: Mustela) foarmje in ûnderskaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse marters (Mustelinae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela).

Ta dit ûnderskaai hearre trije soarten fine, lichtliddige en koartskonkige martereftigen, te witten: de (gewoane) harmeling (Mustela erminea), mei in ferspriedingsgebiet dat him útwreidet oer de noardlike dielen fan Jeraazje en Noard-Amearika, en de nau dêrmei besibbe Amerikaanske harmeling (Mustela richarsonii) en Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling (Mustela haidarum), beiden út Noard-Amearika. De gewoane harmeling komt ek yn Fryslân foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.