De wrotmûzen (wittenskiplike namme: Arvicolinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dêr't û.o. de fjildmûs, de wetterrôt en de muskusrôt ta hearre. Se binne nau besibbe oan 'e oare ûnderfamyljes fan 'e wrotmûseftigen, de hamsters (Cricetinae) en trije groepen dy't mei-inoar beflapt wurde ûnder de oantsjutting mûzen en rotten fan de Nije Wrâld. Sommige saakkundigen wolle de wrotmûzen lykwols ynstee yn 'e famylje mûseftigen (Muridae) pleatst hawwe. De wrotmûzen binne de meast foarkommende groep kjifdieren op it noardlik healrûn. Fossilen út dizze ûnderfamylje binne yn Noard-Amearika en Jeropa sa algemien dat se brûkt wurde foar biostratigrafyske datearring fan archeologyske fynplakken.
- ûnderfamylje wrotmûzen (Arvicolinae)
|