De fjildmûzen (wittenskiplike namme : Microtus ) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia ), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia ), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae ) en de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae ). Ta dit skaai hearre likernôch 60 libbene soarten út Jeropa , Noard-Amearika en noardlik Aazje , dy't benammen yn greidlân tahâlde. It bekendst binne de fjildmûs , de ierdmûs en de rottekop . De wittenskiplike namme fan it skaai tsjut op 'e lytse earen fan dizze bistkes.
skaai fjildmûzen (Microtus )
*) Ynkl. de eardere ûnderskaaien fan 'e Amerikaanske greidlânwrotmûzen (Mynomes ), de hôfwrotmûzen (Aulacomys ) en de Zempoaltépecwrotmûzen (Orthriomys ).