Springe nei ynhâld

Richardsonwrotmûs

Ut Wikipedy
richardsonwrotmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus richardsoni
De Kay, 1842
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De richardsonwrotmûs, Richardsons wrotmûs of richardsonwettermûs (Latynske namme: Microtus richardsoni) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan 'e Nije Wrâld (Pitymys), dat foarkomt yn 'e noardwestlike Feriene Steaten en súdwestlik Kanada. It is de grutste Noardamerikaanske wrotmûzesoarte, en waard foarhinne beskôge as in lid fan it skaai fan 'e wetterrotten (Arvicola). Molekulêr genetysk bewiismateriaal hat lykwols oantoand dat er folle nauwer besibbe is oan guon Noardamerikaanske soarten út it fjildmûzeskaai.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De richardsonwrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 25 sm, mei in sturtlingte fan 8 sm en in gewicht fan 110 g. Hy hat in griis- oant readbrune pels dy't nei de bealch ta grizich útskaait. Syn grutte efterpoaten meitsje him ta in treflik swimmer; sterker noch de richardsonwrotmûs is it fluchst swimmende lânkjifdier fan 'e wrâld.

Biotoop en hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Richardsonwrotmûzen libje yn greidlân yn bercheftige of semy-bercheftige kriten, altyd deunby streamend wetter. Se libje gauris yn koloanjes en grave hoalen dy't útkomme yn wâlen, faak ûnder wetter. Winterdeis libje se ûnder it sniedek. Se hâlde gjin wintersliep, mar binne it hiele jier rûn aktyf. De richardsonwrotmûs fret benammen gerzen, blêden, woartels en sied, mar ek wol ynsekten en oare lyts wrimelt. De wyfkes krije jiers 2 kear in nêst mei 2-8 jongen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.