Dinnewrotmûs
dinnewrotmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Microtus pinetorum | ||||||||||||
Le Conte, 1830 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De dinnewrotmûs (Latynske namme: Microtus pinetorum) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan 'e Nije Wrâld (Pitymys). Dizze soarte komt foar yn Noard-Amearika, yn it hiele easten fan 'e Feriene Steaten, wêrby't syn ferspriedingsgebiet yn it westen oan 'e steaten Nebraska, Kansas, Oklahoma en Teksas ta rikt.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dinnewrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8⅓-12 sm, mei in sturtlingte fan 1½-4 sm en in gewicht fan 14-37 g. Syn pels is op 'e rêch giel- oant dûnkerbrún, en op 'e bealch witich of ljochtgrizich. De eagen, earen en sturt binne allegear yn grutte belune as adaptaasje ta in fierhinne ûndergrûnske libbensstyl.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dinnewrotmûzen komme foar yn leafwâld, drûch greidlân en apelwyngerds. Se hawwe in foarkar foar beboske biotopen mei ferskate lagen fan opgeande begroeiïng, mar ek foar nullestrewellen, legere boaiemfegetaasje en âlde fallene beamstammen. De ierde moat net al te drûch wêze, mar kin fierders útinoar rinne fan feangrûn oant grint.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dinnewrotmûzen hâlde ta yn eigengroeven ûndergrûnske gongestelsels, dêr't se fierwei it grutste part fan har tiid trochbringe. Boppe de grûn komme se mar selden. Dy libbenswize makket har frijwol ûnkwetsber foar rôffûgels en ûlen, mar net foar martereftigen en slangen. Dinnewrotmûzen libje yn famyljegroepen, besteande út in mantsje en in wyfke dy't harsels fuortplantsje, oanfolle mei har jongen en soms ien of twa ûnbesibbe eksimplaren dy't migrearre binne út oare famyljegroepen en as helpers fungearje by it grutbringen fan 'e jongen. De wyfkes binne har mantsjes tige trou, en hâlde en drage har withoe agressyf foar frjemde mantsjes oer.
De dinnewrotmûs fret benammen dielen fan 'e woartels en stâlen fan planten, en fierders fruchten, sied, skors, ûndergrûnsk groeiende skimmels en ynsekten. Om't se it measte focht dat se brek binne, út plantedielen binnenkrije, kinne se mei mar in bytsje wetter ta. Yn 'e winter lizze se itensfoarieden oan.
Yn it noarden fan har areaal duorret de peartiid fan dinnewrotmûzen fan maart oant earne tusken novimber en jannewaris. Yn it suden plantsje se har it hiele jier rûn fuort. De draachtiid duorret 20-24 dagen, wêrnei't 1-4 kear jiers in nêst mei 1-5 jongen smiten wurdt. Wyfkes binne yn 'e regel mei likernôch 105 dagen geslachtsryp, mar yn útsûnderlike gefallen al mei 77 dagen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dinnewrotmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Dizze soarte bringt yn 'e Feriene Steaten elts jier foar $50 miljoen oan skea ta oan apelwyngerds, en wurdt troch túnkers sadwaande yn 'e regel sjoen as skealik ûngedierte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|