Kalabryske wrotmûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kalabryske wrotmûs
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai: fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus brachycercus
Lehmann, 1961
IUCN-status: net bedrige

De Kalabryske wrotmûs (Latynske namme: Microtus brachycercus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola). Dizze soarte komt foar yn sintraal en súdlik Itaalje, wêrûnder Kalaabrje, de "tean" fan 'e Lears fan Itaalje.

De Kalabryske wrotmûs waard yn 1961 foar it earst beskreaun en waard yn 't earstoan beskôge as in ûndersoarte fan 'e saviwrotmûs (Microtus savii). Doe't út nij genetysk ûndersyk oan it ljocht kaam dat de ferskillen tusken de Kalabryske wrotmûs en de saviwrotmûs grutter wiene as dat men earder miend hie, krige de Kalabryske wrotmûs yn 1994 de status soarte taparte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.