Springe nei ynhâld

Saviwrotmûs

Ut Wikipedy
saviwrotmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus savii
De Sélys-Longchamps, 1838
IUCN-status: net bedrige

De saviwrotmûs of Savi's wrotmûs (Latynske namme: Microtus savii) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola). Dizze soarte komt foar op it Italjaansk Skiereilân, op Sisylje en yn súdeastlik Frankryk.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De saviwrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7⅓-10½ sm, mei in sturtlingte fan 2-3½ sm en in gewicht fan 14-24 g. Hy kin ûnderskaat wurde fan 'e koartearwrotmûs (Microtus subterraneus) troch in ljochtere hierkleur en in koartere sturt. De earen binne hiel lyts.

Biotoop en hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Saviwrotmûzen komme fral foar yn bosklân, sawol yn leafwâld as nullewâld, en op fjilden en ikkers, yn greiden en tunen en op braaklizzend terrein. Se libje fierhinne yn eigenoanleine ûndergrûnske gongestelsels, en komme benammen nachts en yn 'e skimerperioaden op 'e lapen. Se frette fral alderhanne plantaardich guod. It wyfke fan 'e saviwrotmûs smyt 2-4 jongen per nêst.

Opsomming fan ûndersoarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne fjouwer algemien erkende ûndersoarten fan 'e saviwrotmûs:

Fierders wurde de feltenwrotmûs (Microtus felteni), út de súdwestlike Balkan, de Kalabryske wrotmûs (Microtus brachycercus), út Kalaabrje (de tean fan 'e Lears fan Itaalje) en de Pyreneeske wrotmûs (Microtus gerbei), út 'e Pyreneeën en súdwestlik Frankryk, soms as ûndersoarten fan 'e saviwrotmûs beskôge.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.