Springe nei ynhâld

Tatrawrotmûs

Ut Wikipedy
Tatrawrotmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus tatricus
Kratochvíl, 1952
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De Tatrawrotmûs (wittenskiplike namme: Microtus tatricus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola). Dizze soarte komt foar yn beskate bercheftige kriten fan East-Jeropa.

Algemiene beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De populaasje fan 'e Tatrawrotmûs falt útinoar yn twa ûndersoarten. Dêrfan libbet Microtus tatricus tatricus yn 'e Tatra, op 'e grins fan Poalen en Slowakije, wylst Microtus tatricus zykovi fierder nei it súdeasten foarkomt, yn 'e Karpaten fan 'e Oekraïne en Roemeenje. Tatrawrotmûzen libje op hichten fan tusken de 650 en 2.350 m. Se jouwe de foarkar oan in biotoop fan fochtige en rotsige berchgreiden of fan nullewâld heech yn 'e bergen.

De Tatrawrotmûs is it naust besibbe oan Alpine soarten wrotmûzen, lykas de Beierske wrotmûs en de liechtensteinwrotmûs. It âldst bekende fossyl fan 'e Tatrawrotmûs datearret út it Holoseen. De soarte hat de IUCN-status fan "gefoelich", fanwegen syn beheinde en fersnipele ferspriedingsgebiet. De populaasje wurdt rûsd op 200.000-250.000 eksimplaren, en liket stabyl te wêzen.

Der binne twa erkende ûndersoarten fan 'e tatrawrotmûs:

  • Microtus tatricus tatricus
  • Microtus tatricus zykovi

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.