Holoseen

Ut Wikipedy
Erateem Systeem Searje Etage Gronosône Tiid lyn (jier)1
Senozoïkum Kwartêr Holoseen Subatlantikum 0 - 2.400
Subboreaal 2.400 - 5.660
Atlantikum 5.660 - 9.220
Boreaal 9.220 - 10.640
Preboreaal 10.640 - 11.560
Pleistoseen Weichselien Jonge Dryas 11.560 - 12.700

It Holoseen, eartiids ek Alluvium neamd, is de namme fan it geologyske tiidrek fan 11.000 jier lyn oant en mei no. It wurd Holoseen komt fan it Gryksk: holos betsjut "kompleet" en ceno betsjut "nei".

It Holoseen is relatyf sjoen in waarm tiidrek, benammen fergelike mei it eardere kâlde tiidrek oan de ein fan it Pleistoseen. Dizze kâlde perioade hiet Weichselien en foarmet in glasiaal.

Yn it Holoseen is it Nederlânske lânskip sa goed as foarme. De Noardsee ûntstie mei yn de kuststripe de dunen, de sompige feangebieten fan Hollân en Fryslân en it seeklaailânskip fan Noard-Nederlân.

It Holoseen foarmet tegearre mei it dêroan foarôfgeande Pleistoseen it Kwartêr.

Minsken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alde Stientiid einiget offisjeel mei de ein fan it Pleistoseen. Yn de skiednis fan de minsk yn Jeropa is it de perioade fan de middenstientiid- en jonge stientiid, de brûnstiid en de izertiid, wêrnei de skreaune skiednis begjint.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • T, Brauer, A., Goslar, T., Merkt, J., Balaga, K., Müller, H., Ralska-Jasiewiczowa, M., Stebich, M, & Jegendank, J.F.W. - 2001: Correlation and synchronisation of Lateglacial continental sequences in northern central Europe based on annually laminated lacustrine sediments, in Quarternary Science Reviews, 20: 11, side 1233-1249, Oxford, Elsevier