Glasiaal

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Glasiaal (tiidrek))
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
1rightarrow.png Dizze side giet oer in kâldere perioade binnen in iistiid. Foar oare betsjuttings, sjoch: glasiaal (betsjuttingsside).

In glasiaal (ôflaat fan it Frânske glace, dat "iis" betsjut) of glasiaal tiidrek is in kâldere perioade binnen in iistiid. In glasiaal duorret tsientûzenen jierren. Glasialen wurde binnen in iistiid ôfwiksele mei waarmere perioaden, dy't ek tsientûzenen jierren duorje en dy't ynterglasialen neamd wurde. Under in glasiaal tsjogge de iiskapen fan 'e poalen op om in grut part fan 'e wrâld te oerdekken. Itselde jildt foar de gletsjers yn heechberchtmen lykas de Alpen, de Pyreneeën, de Kaukasus, de Himalaya, de Rocky Mountains en de Andes. De Lêste Glasiaal einige likernôch 12.000 jier lyn. Wy libje no yn in ynterglasiaal fan 'e Kwartêre Iistiid.

Stadialen en ynterstadialen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in glasiaal is it net de hiele tiid troch ekstreem kâld op 'e Ierde. In koarte perioade binnen in glasiaal wêryn't it tige kâld is, wurdt in stadiaal neamd, en in snuorje dat it ferhâldingsgewiis waarm is, hjit in ynterstadiaal. Binnen glasialen wikselje stadialen en ynterstadialen inoar krekt sa ôf as glasialen en ynterglasialen dat dogge binnen in iistiid. Hoewol't stadialen en ynterstadialen geologysk sjoen relatyf koart duorje, kinne se dochs noch perioaden fan tûzenen jierren beslaan.

Glasiaal maksimum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It glasiaal maksimum is de maksimale útwreiding fan it lâniis yn in glasiaal tiidrek. It Lêste Glasiaal Maksimum fûn likernôch 22.000 jier lyn plak, ûnder de Lêste Glasiaal.

Kwartêre Iistiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kwartêre Iistiid begûn likernôch 2,6 miljoen jier lyn en duorret fuort oant hjoed de dei. Binnen dat tiidrek hawwe der in stikmannich glasialen en ynterglasialen west. Allinnich al yn 'e lêste 740.000 jier wiene der teminsten acht glasialen. De ierste wêrfan't begjin en ein mei in beskate sekuerens fêststeld wurde kinne, wie de Foarfoarlêste Glasiaal, dy't yn 'e geology ek wol de Elster- of Mindel-glasiaal neamd wurdt. Dy begûn likernôch 465.000 jier lyn, duorre 47.000 jier en einige 418.000 jier lyn oan it begjin fan 'e Foarfoarlêste Ynterglasiaal of Holstein-ynterglasiaal.

De Foarlêste Glasiaal duorre folle langer: 219.000 jier. Dy glasiaal wurdt ek wol de Saale- of Riss-glasiaal neamd. Hy begûn 347.000 jier lyn en duorre oant likernôch 130.000 jier lyn. Dêrnei folge de Lêste Ynterglasiaal of Eem-ynterglasiaal, dy't 13.000 jier duorre, oant 117.000 jier lyn. De Lêste Glasiaal of Weichsel- of Würm-glasiaal, duorre dêrnei goed 105.000 jier, oant omtrint 11.700 jier lyn it Holoseen, de hjoeddeistige ynterglasiaal, úteinsette. Om't men yn it normale spraakgebrûk gjin ûnderskie makket tusken glasialen en iistiden, wurdt nei de Lêst Glasiaal ornaris ferwiisd as de 'lêste iistiid'.

Earstfolgjende glasiaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't orbitale fariaasjes fan 'e Ierde om 'e sinne hinne foarsisber binne, kinne kompjûtermodellen dy't orbitale fariaasjes yn ferbân bringe mei klimaat takomstige klimatologyske mooglikheden foarsizze. Op basis dêrfan soe de earstfolgjende glasiaal oer likernôch 50.000 jier úteinsette moatte. Dy berekkening stiet lykwols los fan 'e minsklike aktiviteit op 'e Ierde. De hoemannichte hjittefêsthâldende gassen yn acht nommen dy't troch de minske yn 'e atmosfear en de oseänen pompt is, liket it ridlik om derfan út te gean dat de earstfolgjende glasiaal dêrtroch mei nochris 50.000 jier foarútskood wurde sil.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.