Springe nei ynhâld

Provansaalske wrotmûs

Ut Wikipedy
Provansaalske wrotmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus duodecimcostatus
De Sélys-Longchamps, 1839
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Provansaalske wrotmûs (Latynske namme: Microtus duodecimcostatus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it taksonomy fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola). Dizze soarte komt foar yn súdlik Frankryk en op it Ibearysk Skiereilân.

De Provansaalske wrotmûs komt foar yn 'e Provâns, yn súdeastlik Frankryk, dêr't er nei ferneamd is, mar ek yn it oanswettende diel fan noardwestlik Itaalje, de súdwestlike Alpen en yn it súdwesten fan Frankryk hast oan Bordeaux ta, al ûntbrekt er yn 'e Gaskonje en Frânsk Baskelân. Fierders libbet er yn 'e Pyreneeën (Andorra ynbegrepen) en op hast it hiele Ibearyske Skiereilân, útsein de woastinige midden en it noardwesten (noardlik Portegal, Kastylje en Leön, Galysje en Astuerje).

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Provansaalske wrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 9-10⅔ sm, mei in sturtlingte fan 2-4½ sm en in gewicht fan likernôch 28 g. Hy hat in breedeftige kop, lytse earen en middelgrutte eagen. De pels is sêft en ticht, op 'e rêch gielich griisbrún en op 'e bealch wat bleker. Jongere eksimplaren binne gauris wat grizer.

Provansaalske wrotmûzen libje almeast yn leechlân dêr't de grûn net rotsich mar ierdich is. Dêrby jouwe se de foarkar oan greidlân, braaklizzend terrein, wyngerds en hôven. Lykwols komme se ek yn berchtmen as de Alpen en de Pyreneeën foar, dêr't se oant op 2.250 m oantroffen binne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Provansaalske wrotmûs is benammen oerdeis aktyf. Hy graaft in grut netwurk fan ûndjippe tunnels, wêrby't er by de yngongen "mollebulten" opsmyt. Syn fretten bestiet út gerzen, klaver, alfalfa, woartels en lânbougewaaksen lykas nôt, en dêr leit er yn romten yn syn hoale foarrieden foar de winter fan oan. De Provansaalske wrotmûs kin him it hiele jier rûn fuortplantsje, wêrby't it wyfke nei in draachtiid fan sa'n 20 dagen in nêst fan op syn heechsten 8 jongen smyt. De populaasjetichtheid kin wol 600 bisten de ha bedrage, mar Provansaalske wrotmûzen meitsje gjin grutte populaasjeskommelings troch sa't guon oare soarten wrotmûzen (lykas de fjildmûs) dy kenne. De libbensferwachting fan Provansaalske wrotmûzen bedraacht yn trochsneed 2 jier, mar by ien ûndersyk waarden twa ûnderskate mantsjes op 'e nij fongen 2 jier en 9 moannen nei't se foar it earst fongen en wer loslitten wiene. Dat wiist op in maksimale libbensferwachting yn it wyld fan om ende by de 3 jier, wat de langste is fan alle wrotmûzesoarten.

De Provansaalske wrotmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't de populaasje stabyl is en it bist yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Yn jierren dat de populaasjetichtheid heger is as normaal, kinne Provansaalske wrotmûzen frijwat skea tabringe oan lânbougewaaksen. De grutste bedriging foar de soarte is dan ek it gebrûk fan pestisiden troch boeren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.