Springe nei ynhâld

Prêrjewrotmûs

Ut Wikipedy
prêrjewrotmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus ochrogaster
Wagner, 1842
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De prêrjewrotmûs (wittenskiplike namme: Microtus ochrogaster) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e prêrjewrotmûzen (Pedomys), dat foarkomt yn sintraal Noard-Amearika. Wittenskiplike synonimen foar dizze soarte binne "Arvicola austerus Le Conte, 1853", "Hypudaeus ochrogaster Wagner, 1842" en "Microtus ludovicianus V. Bailey, 1900".

De prêrjewrotmûs komt foar yn Noard-Amearika, op 'e prêrjes en yn oare gerslânbiotopen fan 'e sintrale Feriene Steaten en middensúdlik Kanada. Dêrby strekt syn ferspriedingsgebiet him út fan 'e eastlike Rocky Mountains oant yn West-Firginia, oan 'e foet fan 'e Appalachen.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De prêrjewrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 10-13½ sm, mei in sturtlingte fan 2½-4½ sm en in gewicht fan 30-70 g. Hy hat in lange, rûchhierrige pels dy't op 'e rêch griisbrún is, mar op 'e bealch útskaait nei it gielige. De earen binne lyts en de sturt is koart, sels foar wrotmûzen, dy't yn 'e regel dochs al gjin lange sturt hawwe.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prêrjewrotmûzen binne it hiele jier rûn aktyf, wêrby't se yn 'e winter mear oerdeis yn 't spier binne, en by hegere temperatueren mear nachts. Se libje yn koloanjes en hâlde en drage har bûten de peartiid tige sosjaal foar soartgenoaten oer. Se grave ûndjippe hoalen en lizze dêromhinne mûzerillen oan troch de boaiemfegetaasje. By 't winter grave se tunnels troch de snie. Se frette gerzen, plantewoartels, fruchten, sied, beamskors en soms ynsekten, en lizze itensfoarrieden oan. It binne skrikfallige bistkes, dy't by fersteuring fuortendaliks it beskûl fan har hoale opsykje. Rôfdieren dy't jacht op prêrjewrotmûzen meitsje, binne de prêrjewolf, de foks en ferskate soarten hauken, ûlen en slangen.

De prêrjewrotmûs ûnderskiedt him fan oare soarten wrotmûzen trochdat der in libbenslange monogame bân bestiet tusken in mantsje en in wyfke. Yn 'e peartiid fêstigje sokke pearkes eigen territoaria, dy't se ferdigenje tsjin soartgenoaten. Hoewol't se har yn teory it hiele jier troch fuortplantsje kinne, duorret de peartiid yn 'e praktyk ornaris fan 'e maityd oant de hjerst. Nei in draachtiid 20-30 dagen smyt it wyfke 2-4 kear jiers in nêst fan 2-7 jongen, dy't by de berte blyn binne. Mei 8 dagen geane de eachjes iepen, en mei 14 dagen binne se selsstannich. De libbensferwachting fan in prêrjewrotmûs bedraacht op syn heechsten 2 jier.

De prêrjewrotmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Hoewol't er yn 'e regel net skealik is foar de lânbou, hat er de ferfelende gewoante om yn tunen planten en beamkeguod oan te fretten en sa te skansearjen. Dêrom wurde prêrjewrotmûzen yn 'e Feriene Steaten troch in protte lju as skealik ûngedierte beskôge. Hoewol't ornaris pestisiden ynset wurde om se út tunen wei te hâlden, is út ûndersyk nei foarren kommen dat se sà gau skrikke dat plestikken túnornaminten yn 'e foarm fan har natuerlike fijannen likegoed wurkje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.