Gielwangwrotmûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gielwangwrotmûs
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai: fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus xanthognathus
Leach, 1815
IUCN-status: net bedrige

De gielwangwrotmûs (Latynske namme: Microtus xanthognathus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e hôfwrotmûzen (Aulacomys), dat foarkomt yn it noardwesten fan Noard-Amearika, yn Amerikaanske steat Alaska en de Kanadeeske gewesten Britsk-Kolumbia, de Yukon en de Noardwestlike Territoaria.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gielwangwrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 18 sm, mei in sturtlingte fan 5 sm en in gewicht fan 120 g. Hy liket tige op 'e gielnoaswrotmûs (Microtus chrotorrhinus), mar is justjes grutter. Gielwangwrotmûzen hawwe koarte earkes en in net al te lange sturt. De pels is op 'e rêch brún, mar skaait nei de bealch ta grizich út, en de snút is gielich of roastbrún.

Biotoop en hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gielwangwrotmûzen libje yn in biotoop fan fochtich nullewâld, deunby streamend wetter of sompen. Se lizze mûzerillen oan troch de boaiemfegetaasje en grave ûndergrûnske hoalen. Dêrby libje se almeast yn koloanjes. As der ûnrie driget, uterje se in piipjend of fluitsjend lûd om koloanjegenoaten te warskôgjen. De gielwangwrotmûs libbet fierhinne fan gerzen, koarstmoassen en beien. Hy hâldt gjin wintersliep, mar is it hiele jier rûn aktyf, meastal by tsjuster en yn 'e skimer. Hjerstmis leit er yn syn hoale itensfoarrieden oan foar de winter. De wyfkes bringe nêsten fan 7-10 jongen te wrâld. De populaasjetichtheid kin fan jier oant jier tige fariëarje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.