Springe nei ynhâld

Gielnoaswrotmûs

Ut Wikipedy
gielnoaswrotmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus chrotorrhinus
Miller, 1894
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De gielnoaswrotmûs (Latynske namme: Microtus chrotorrhinus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan 'e Nije Wrâld (Pitymys), dat foarkomt yn it easten fan Kanada en it noardeasten fan 'e Feriene Steaten.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gielnoaswrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 15 sm, mei in sturtlingte fan 5 sm en in gewicht fan 39 g. Hy liket tige op 'e gielwangwrotmûs (Microtus xanthognathus), mar is wat lytser. De gielnoaswrotmûs hat koarte earen en in relatyf lange sturt, wêrfan't de behierring oan 'e ûnderkant ljochter is as oan 'e boppekant. Syn pels is op 'e rêch griisbrún en op 'e bealch grizich, wylst syn noas wat gielich útskaait (dêrfandinne syn namme).

Biotoop en hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gielnoaswrotmûzen libje benammentlik op wiete, rotsige berchskeanten, dêr't se mûzerillen troch de boaiemfegetaasje oanlizze en ûndjippe ûndergrûnske hoalen grave. Yn 'e regel libje se yn lytse koloanjes. Se frette fral gerzen, moas, ûndergrûnsk groeiende skimmels, beien en inkeld ek wol rûpen. De gefaarlikste rôfdieren foar dizze soarte binne ûnderskate soarten hauken, ûlen, slangen en martereftigen. Gielnoaswrotmûzen hâlde gjin wintersliep, en binne it hiele jier rûn aktyf, fral oerdeis, al binne se sa wach en skou dat se mar komselden waarnommen wurde kinne. De wyfkes smite jiers 2-3 kear in nêst fan 4-7 jongen. Hoewol't de gielnoaswrotmûs de IUCN-status fan "net bedrige" hat, om't de populaasje oer it gehiel nommen stabyl liket te wêzen, wurdt er yn dielen fan syn areaal dochs beskôge as in kwetsbere soarte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.