De steppelemmings of echte steppelemmings (wittenskiplike namme: Lagurus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae) en de lyknammige tûke fan 'e steppelemmings (Lagurini). Ta dit skaai heart mar ien libbene soarte, de steppelemming, dy't foarkomt op 'e steppen fan Jeraazje. Dêrnjonken binne der trije fossile soarten. Foarhinne waard ek de alsemfjildmûs (Lemmiscus curtatus), út Noard-Amearika, ta dit skaai rekkene, mar nij ûndersyk hat útwiisd dat dy foar 't neist net nau mei de steppelemming besibbe is.
- skaai steppelemmings (Lagurus)
|