Echte lemmings

Ut Wikipedy
Echte lemmings
De berchlemming.
De berchlemming.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
ûnderfamylje: wrotmûzen (Arvicolinae)
tûke: lemmings (Lemmini)
skaai: echte lemmings (Lemmus)
Link, 1795

De echte lemmings (wittenskiplike namme: Lemmus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae) en de tûke fan 'e lemmings (Lemmini). Ta dit skaai hearre fiif soarten dy't foarkomme yn noardlik Jeropa (Skandinaavje en noardlik Ruslân), noardlik Sibearje en noardlik Noard-Amearika. Echte lemmings libje benammentlik yn toendrabiotopen. Oars as by de hâlsbânlemmings, in oar skaai fan 'e wrotmûzen, feroaret harren pels winterdeis net fan kleur.

De populaasjetichtheden kinne by de echte lemmingsoarten sterk wikselje, mei't wyfkes jiers wol 6 nêsten fan elk oant 13 jongen smite kinne, dy't sels mei 14 dagen ek geslachtsryp binne. Hege populaasjetichtheden hawwe gauris massale migraasjes ta gefolch. Dêrút is dan wer de bekende myte fuortkommen fan 'e massale selsdeading fan lemmings troch yn ûnbidige klibers fan steile kliffen ôf te springen.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.