Berchlemming
berchlemming | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lemmus lemmus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De berchlemming (Latynske namme: Lemmus lemmus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), de tûke fan 'e lemmings (Lemmini) en it skaai (taksonomy)skaai fan 'e echte lemmings (Lemmus), dat inkeld foarkomt yn Skandinaavje en noardwestlik Ruslân. It is it iennichste wringedier út dy regio dat nearne oars op 'e wrâld foarkomt. De berchlemming is de bekendste lemmingsoarte, en syn dramatyske populaasjeskommelings en grutskalige migraasjes foarmje de basis foar de myte dat lemmings soms oan massale selsdeading dogge troch harsels yn grutte klibers fan 'e rotsen ôf yn see te smiten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De berchlemming komt foar yn hiel sintraal en noardlik Noarwegen, mar yn Sweden libbet er allinnich yn it uterste noarden fan it lân en yn it westen, yn it Skandinavysk Heechlân. Fierders komt er foar yn noardlik Finlân, yn it uterste noarden fan 'e autonome republyk Kareelje, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Russyske Federaasje, en op it Russyske Kola-skiereilân (it gebiet súdlik en súdwestlik fan 'e havenstêd Moermansk).
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De berchlemming hat trochinoar in kop-romplingte fan 7-15½ sm, mei in sturtlingte fan mar 1-2 sm en in gewicht fan heechút 130 g. De earen binne lyts en it sturtsje tige koart. De bistkes hawwe in opfallende tekening, wêrby't de rêch swart mei gielich is, de skouderblêden en de boppekant fan 'e kop swart en de bealch en de ûnderkant fan 'e kop wyt, wylst der yn 'e breedterjochting in ljochte (witige of gielige) streek oer de earen rint. It patroan kin wat fariëarje tusken ferskillende eksimplaren.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De natuerlike habitat fan 'e berchlemming is de toendra en rotsich leechberchtme, dêr't er fral boppe de beamgrins, mar ek wol yn bjirke- en dinnebosken libbet. Hy jout der de foarkar oan om deunby in wetterboarne ta te hâlden en kin goed swimme.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berchlemmings binne sawol deis as nachts yn 't spier, wêrby't se tuskentroch koarte slûchjes dogge. De winter bringe se yn nêsten troch dy't se yn bercheftige kriten oanlizze ûnder de snie. Dêrby grave se komplekse gongestelsels ûnder it sniedek en foerazjearje op dy wize nei fretten. As de snie by 't maityd begjint te teien, en har nêsten en gongen sadwaande ynstoarte, moatte se òf ferhúzje nei heger lein gebiet, dêr't de tei noch net ynset is, òf, wat mear foarkomt, nei it leechlân gean om dêr it simmerseizoen troch te bringen. Dan grave se hoalen ûnder stiennen en moas, dêr't se har deljaan kinne sûnder drekt gefaar te rinnen fan har natuerlike fijannen, de poalfoks, de snie-ûle en de wezeling. Hjerstmis komt har weromkear nei hegere grûn nochal krekt: se moatte soargje dat se dêr net al omhingje as der noch gjin beskutting fan 'e snie is, mar oan 'e oare kant moatte se sjen dat se út it leechlân wei binne foar't dêr de winter ynfalt.
Yn 'e maityd, noch ear't de snie teid is, begjint de peartiid, dy't trouwens ûnder geunstige omstannichheden it hiele jier rûn duorje kin. Nei in draachtiid fan 16-23 dagen komme der 2-13 jongen te wrâld, mar yn 'e regel 5-8. De wyfkes binne nei 14 dagen al geslachtsryp, en de mantsjes nei likernôch 3 wiken. Wyfkes kinne 3-4 wiken nei de earste smeet op 'e nij in nêst jongen te wrâld bringe, en dogge dat ornaris 6 kear jiers. Berchlemmings kinne oant 2 jier âld wurde. As de waarsomstannichheden goed útpakke, mei sêfte winters en lange simmers, kin sa'n flugge fuortplanting sels ek wer ta swierrichheden liede. Berchlemmings binne ferneamd om har dramatyske populaasjesykly, dy't eltse trije of fjouwer jier fannijs foarkomme. Yn in "lemmingjier", sa't dat yn Skandinaavje neamd wurdt, fynt der in befolkingsekspoazje plak, wêrby't de populaasjetichtheid oprinne kin fan in normale 3-5 eksimplaren de ha oant wol 330 bisten de ha. Mei't der foar sokke oantallen lang net genôch fretten is, liedt dat ta in hege stjerte, sadat de populaasjegrutte wer ynstoart.
Mei't berchlemmings solitêre bisten binne, ferdriuwe de sterkere eksimplaren de swakkeren en jongeren lang foar't it fretten oprekket. De ferdreaune bisten jouwe har dan ôf yn willekeurige rjochtings, op 'e sneup nei in territoarium dat noch net beset is. Op plakken dêr't lânskipseleminten lykas steile berchskeanten of fluch streamende rivieren har bewegingsfrijheid beheine, kinne der dan grutte oantallen lemmings gearkomme, wat ta sjosjale friksje, stress en úteinlik massale panyk liedt, wêrby't se yn alle rjochtings útnaaie. Dat, berchlemmings migrearje wol deeglik, en dat kin soms ek yn grutte oantallen mei-inoar barre, mar in opsetlike mars nei de see foar in massale selsdeading is yn it echt noch nea dokumintearre, en kin nei alle gedachten nei it lân fan 'e fabels ferwiisd wurde.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berchlemmings libje útslutend fan plantaardich materiaal, benammen fan ûnderskate soarten siggen en gerzen en fan moas.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De berchlemming hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei it bist yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet rûnom foarkomt. Neffens modern genetysk ûndersyk soe de berchlemming de iistiid fan it Pleistoseen, wêrby't in grut part fan West-Jeropa oerdutsen rekke mei lâniis, oerlibbe hawwe troch syn taflecht te nimmen ta ferskate iisfrije ûntwiken. Party saakkundigen is lykwols fan tinken dat de berchlemming eins ôfstammet fan 'e foarâlden fan 'e moderne Sibearyske lemming (Lemmus sibiricus), dy't Skandinaavje yntein wêze soene nei't it lâniis him weromlutsen hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|