Selsmoard
Mei selsmoard, selsdeading of suïside wurdt bedoeld: it mei opsetsin feroarsaakjen fan jins eigen dea. Der binne ferskate oare, faak eufemistyske omskriuwings, lykas "de hân oan jinsels slaan", "jinsels tekoart dwaan" en (as de keazen metoade ophinging is) "yn it tou gean". Selsmoard wurdt yn 'e regel dien út wanhope, wêrfan't de oarsaak faak in geastlike krupsje is, lykas klinyske depressiviteit, manysk-depressiviteit, skizofreny of in borderline-persoanlikheidsstoarnis. Oare faak foarkommende oarsaken binne ferslavingsswierrichheden (bygelyks troch alkoholisme of in drugs- of medisinale ferslaving), finansjele problemen, of persoanlike swierrichheden yn 'e relasjonele sfear.
De metoades dyt it meast brûkt wurde om selsmoard te dwaan ferskille per lân, en hingje foar in wichtich part ôf fan 'e beskikberens fan helpmiddels (sa wurde yn 'e Feriene Steaten, dêr't maklik oan fjoerwapens te kommen is, in protte selsmoarden mei pistoalen útfierd, mar yn oare lannen, dêr't sokke wapens net of amper te besetten binne, folle minder). Oer it algemien kin lykwols steld wurde dat de meast foarkommende metoades binne: selsophinging, selsfergiftiging (mei bgl. lânbougif of oerdoases drugs of medisinen), it jinsels deasjitten mei fjoerwapens en it trochsnijen fan jins polsen, sadat men deabliedt.
Yn it ferline wie selsmoard en it besykjen ta it selsmoard (mar yn 'e praktyk fansels inkeld it besykjen dêrta) yn 'e measte lannen in strafber feit. Hoewol't it dat tsjintwurdich yn 'e measte Westerske lannen net mear is, stiet it yn in protte oare lannen noch altiten as misdriuw te boek. Men besiket selsmoard tsjin te gean troch de tagong ta fjoerwapens (fierder) te beheinen, geastlike oandwanings en ferslavings te behanneljen en ekonomyske ûntwikkeling te stimulearjen.
Neffens de statistiken dogge wrâldwiid elts jier 800.000 oant 1 miljoen minsken harsels tekoart, wêrmei't selsmoard it tsiende plak ynnimt op 'e ranglist fan 'e meast foarkommende deadsoarsaken. Selsmoardslachtoffers binne trije oant fjouwer kear sa faak manlju as froulju. Jiers mislearret wrâldwiid nei skatting 10 oant 20 miljoen kear in besykjen ta selsmoard. In mislearre besykjen ta selsmord wurdt statistysk sjoen faker dien troch jongerein en froulju.
Hoe't men tsjin selsmoard oansjocht, ferskilt fan kultuer ta kultuer. Wichtige eksistinsjele tema's as leauwe, eare en de betsjutting fan it libben hawwe dêr ynfloed op. De grutte monoteïstyske religyen (joadendom, kristendom, islaam, bahaïsme) beskôgje selsmoard tradisjoneel as in fergryp foar God oer, mei't it libben sjoen wurdt as in geskink fan God dat in minske net sels weromjaan mei. It moderne idee fan it selsbeskikkingsrjocht stiet datoangeande rjocht foar dizze sjenswize oer. Yn Japan wie yn it tiidrek fan 'e samûrai's seppuku (in foarm fan selsdeading troch jinsels yn 'e búk te stekken dy't bûten Japan bekender is ûnder de beneaming harakiri) in maatskiplik folslein akseptearre middel om boete te dwaan nei in slim falen of as foarm fan protest. Yn 'e hindoeïstyske kultueren fan it Yndiaaske subkontinint en it Yndonezyske eilân Baly wie sûttiïsme, dêr't yn 'e njoggentjinde iuw troch de Britske, resp. Nederlânske kolonisators it near op lein waard, in praktyk wêrby't (libbene) widdo's mei ferbrând waarden by it kremearjen fan it lichem fan harren man (sij it út eigen wil of ûnder maatskiplike druk).
Yn 'e tweintichste en ienentweintichste iuw is selsmoard yn 'e foarm fan selsferbrâning (bygelyks troch Tibetaanske mûntsen, mar ek wol troch demonstranten yn Westerske lannen) brûkt as uterste foarm fan protest tsjin it sittende regear fan in lân. Oare foarmen fan selsmoard, nammentlik kamikaze en selsmoardoanslaggen binne of wurde brûkt as militêre strategy en/of terroristyske taktyk.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Helpline:
- 113 (fan de Nederlânske stichting 113 Selsmoardprevinsje)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.
|