Springe nei ynhâld

Nasjonaal Wâld Tongass

Ut Wikipedy
Nasjonaal Wâld Tongass
Tongass National Forest
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Alaska
neiste plak Ketchikan (Alaska)
koördinaten 56°45′ N 133°0′ W
oare ynformaasje
status nasjonaal wâld
oerflak 68.000 km²
stifting 1907
behear United States Forest Service
webside www.fs.usda.gov/tongass
kaart
Nasjonaal Wâld Tongass (Alaska)
Nasjonaal Wâld Tongass
Lokaasje fan it Nasjonaal Wâld Tongass yn Alaska.

It Nasjonaal Wâld Tongass (Ingelsk: Tongass National Forest; útspr.: [ˈtɒŋɡəs], likernôch: "tông-gus") is in nasjonaal wâld (in boskryk natoergebiet mei in legere beskerme status as in nasjonaal park) yn 'e Amerikaanske steat Alaska. It gebiet is ferneamd nei de Tongass, in clan fan 'e Tlingit, dy't yn dy kontreien in lânseigen Yndiaansk folk binne. It Nasjonaal Wâld Tongass beslacht it meastepart fan Súdeast-Alaska en is it grutste nasjonaal wâld fan 'e Feriene Steaten. It waard yn 1907 oprjochte en bestiet fierhinne út tuskenbeiden reinwâld. It natoergebiet stiet ûnder it behear fan 'e United States Forest Service.

Op 20 augustus 1902 kreëarre de Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt mei in presidinsjele proklamaasje it Wâldreservaat fan 'e Aleksanderarsjipel (Ingelsk: Alexander Archipelago Forest Reserve). Dêrtroch krige in diel fan Súdeast-Alaska, te witten: de Aleksanderarsjipel, foar it earst in beskate beskerming as natoergebiet. Op 10 septimber 1907 skoep Roosevelt by in oare presidinsjele proklamaasje ek it Nasjonaal Wâld Tongass. Op 1 july 1908 gie it Wâldreservaat fan 'e Aleksanderarsjipel yn it Nasjonaal Wâld Tongass op, sadat der ien grut beskerme natoergebiet ûntstie. By fierdere presidinsjele proklamaasjes, fan Roosevelt op 16 febrewaris 1909 en yn 1925 troch Calvin Coolidge, waard it oerflak fan it nasjonaal wâld útwreide.

De houtkap yn it Nasjonaal Wâld Tongass bestie lange tiid út pleatslike yndividuën mei heksebilen en seagen dy't beammen rispen foar eigen gebrûk. Yn 'e 1950-er jierren kaam dêr feroaring yn, doe't de Ketchikan Pulp Company (KPC) en de Alaska Pulp Company (APC) fabriken yn Súdeast-Alaska bouden. Foar in diel wie dat om 'e weropbou fan Japan nei de Twadde Wrâldoarloch te skewielen. De beide grutte bedriuwen foarmen in yllegaal kartel om 'e houtprizen leech te hâlden, wêrmei't se úteinlings alle lytsere houtkapoperaasjes bankrot jagen. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw waarden troch natoerbeskermers almar mear beheinings oan 'e houtkap ôftwongen by de rjochter, wylst ek it Amerikaanske Kongres wetten trochfierde dy't de natoer op it earste plak stelden. Lang om let leanne doe de houtkap yn it nasjonaal wâld net mear. De fabryk fan 'e APC gie ticht yn 1993, en dy fan 'e KPC yn 1997. Sûnt wurdt der yn it Nasjonaal Wâld Tongass inkeld noch mei subsydzje oan houtkap dien.

It Nasjonaal Wâld Tongass yn 'e neite fan Ketchikan.

Op 4 septimber 1971 stoarte Alaska Airlines-flecht 1866 yn it Nasjonaal Wâld Tongass del, wêrby't alle 111 ynsittenden om it libben kamen.

It Nasjonaal Wâld Tongass leit yn Súdeast-Alaska, in diel fan Alaska dat ek wol bekendstiet as de panhandle (it "pannehânsel"), om't it in smelle krite is dy't by de rest fan 'e steat wei útstekt. It nasjonaal wâld hat in oerflak fan 68.000 km², wat betsjut dat it 74,7% fan Súdeast-Alaska beslacht. Ta it natoergebiet hearre net inkeld dielen fan it fêstelân, dy't yn it easten oan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia grinzgje, mar ek de eilannen fan 'e Aleksanderarsjipel, dy't foar de kust yn 'e Stille Oseaan lizze.

Wyldernisgebieten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Binnen it nasjonaal wâld binne njoggentjin saneamde wyldernisgebieten, dy't in dûbele beskerme status hawwe. Dêrby giet it yn totaal om in oerflak fan 23.300 km² fan 'e meast ûnskeinde wyldernis yn it natoergebiet. De njoggentjin wyldernisgebieten binne (fan grut nei lyts):

In lânkaart fan it Nasjonaal Wâld Tongass, mei de wyldernisgebieten yn dûnkergrien en de rest fan it nasjonaal wâld yn ljochtgrien.

Der binne ek noch fiif oare wyldernisgebieten yn Súdeast-Alaska, dy't net ta it Nasjonaal Wâld Tongass hearre. Trije dêrfan steane ûnder it behear fan 'e United States Fish and Wildlife Service as ûnderdiel fan it Nasjonaal Maritym Faunareservaat Alaska. Dêrby giet it om: de Wyldernis fan Forrestereilân, de Wyldernis fan Saint Lazaria en de Wyldernis fan 'e Dizige Eilannen. Twa oaren, de Wyldernis fan Glacier Bay en de Wyldernis fan Wrangell-Saint Elias, steane ûnder behear fan 'e National Park Service.

Lânseigen inholdings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lânseigen inholdings binne dielen fan it Nasjonaal Wâld Tongass dy't troch de Amerikaanske oerheid weromjûn binne oan 'e lânseigen Yndiaanske befolking fan Súdeast-Alaska: de Tlingit, Haida en Tsimsjian. It giet dêrby om 2.560 km², dy't no partikulier eigendom binne en beheard wurde troch de Sealaska Korporaasje, ien fan 'e regionale lânseigen korporaasjes yn Alaska dy't yn 1971 skepen waarden yn it ramt fan 'e Alaska Native Claims Settlement Act (ANCSA). Der wurdt sprutsen oer inholdings, dat oerset wurde kinne soe as "enklaves", om't it gjin oaniensletten gebiet is, mar fragmintaryske stikjes lân dy't omjûn wurde troch it Nasjonaal Wâld Tongass.

In beek yn it tuskenbeiden reinwâld.

It behear fan it Nasjonaal Wâld Tongass is yn 'e hannen fan 'e United States Forest Service, dy't yn Súdeast-Alaska in kantoar hat yn Ketchikan. Pleatslike buro's fan parkwachters binne fêstige yn Craig, Hoonah, Juneau, Petersburg, Sitka, Thorne Bay, Wrangell en Yakutat.

Der wenje yn it Nasjonaal Wâld Tongass 70.000 minsken, ferspraat oer 31 ûnderskate stêden en doarpen. It grutste plak yn it wâld is Juneau, dat mei 31.000 ynwenners de steatshaadstêd fan Alaska is. Yn it Nasjonaal Wâld Tongass wurde 10.000 banen ûnderstipe troch toeristen dy't ôfkomme op it natoergebiet. Fan dy banen hat 10% te krijen mei angelfiskjen.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste part fan it Nasjonaal Wâld Tongass, likernôch 60%, bestiet út tuskenbeiden reinwâld, mar der binne ek fjorden, sompen, gletsjers en de rotsige bergen fan it Kustberchtme. It wâld bestiet foar it meastepart út reuzelibbensbeammen (Thuja plicata), Sitkaspjirren (Picea sitchensis), en westlike hemlockspjirren (Tsuga heterophylla). Der komme yn 'e fjorden, rivieren en beken fan it nasjonaal wâld fiif soarten Pasifyske salm foar: de kohosalm (Oncorhynchus kisutch), de reade salm (Oncorhynchus nerka), de rôze salm (Oncorhynchus gorbuscha), de Sjinnûksalm (Oncorhynchus tshawytscha) en de tsjumsalm (Oncorhynchus keta).

Wat lândieren oangiet, libje der û.o. de brune bear (Ursus arctos), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de grize wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de foks (Vulpes vulpes), it mûldierhart (Odocoileus hemionus), de sniegeit (Oreamnos americanus), de warch (Gulo gulo), de fiskmarter (Pekania pennanti), de Amerikaanske marter (Martes americana), de Pasifyske marter (Martes caurina), de Amerikaanske nerts (Neogale vison), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling (Mustela haidarum), de wezeling (Mustela nivalis), de rivierotter (Lontra canadensis), de Amerikaanske hazze (Lepus americanus), de Kanadeeske bever (Castor canadensis), de oerzon (Erethizon dorsatum), de grize marmot (Marmota caligata), it Amerikaansk read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus), it Kanadeesk fleanend iikhoarntsje (Glaucomys sabrinus), de plomsturthamsterrôt (Neotoma cinerea), de muskusrôt (Ondatra zibethicus), de langsturtwrotmûs (Microtus longicaudus), de noardlike reade wrotmûs (Myodes gapperi), de lytse reade wrotmûs (Myodes rutilus), de rottekop (Alexandromys oeconomus), de westlike greidwrotmûs (Microtus drummondii), de brune lemming (Lemmus trimucronatus) en as eksoat ek de brune rôt (Rattus norvegicus).

Fûgels dy't yn it Nasjonaal Wâld Tongass libje, binne û.m. de Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus), de fiskearn (Pandion haliaetus), de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), de raven (Corvus corax), de Noardske stirns (Sterna paradisaea), de skiere sniehin (Dendragapus fuliginosis), de bosksniehin (Canachites canadensis), de stikelsturthin (Tympanuchus phasianellus), de kraachhin (Bonasa umbellus), de Alpensniehin (Lagopus muta), de moerassniehin (Lagopus lagopus), de wytsturtsniehin (Lagopus leucura) en de readboarstsopspjocht (Sphyrapicus ruber). Yn see komt ek de orka (Orcinus orca) foar en fierders û.m. de bultrêch (Megaptera novaeangliae), de Kalifornyske seeliuw (Zalophus californianus), de stellerseeliuw (Eumetopias jubatus), de noardlike see-oaljefant (Mirounga angustrirostris), de noardlike seebear (Callorhinus ursinus), de gewoane seehûn (Phoca vitulina) en de see-otter (Enhydra lutris).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.