Springe nei ynhâld

Fiskmarter

Ut Wikipedy
fiskmarter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai fiskmarters (Pekania)
soarte
Pekania pennanti
Erxleben, 1777
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De fiskmarter (wittenskiplike namme: Pekania pennanti, foarh. Martes pennanti) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e fiskmarters (Pekania). De fiskmarter is lânseigen yn it meastepart fan súdlik Kanada en yn beheinde dielen fan Alaska en de legere achtenfjirtich Feriene Steaten. Dit bist dielt syn ferspriedingsgebiet mei inkele oare martersoarte, de nau besibbe Amerikaanske marter (Martes americana) en Pasifyske marter (Martes caurina), mar is dêrfan te ûnderskieden trochdat er grutter fan stal en dûnkerder fan kleur is. De fiskmarter is in omnivoar dy't, nettsjinsteande syn namme, mar selden fisk yt. Sûnt de achttjinde iuw wurdt dit bist troch de minske bejage om syn pels. De IUCN klassifisearret de fiskmarter as net bedrige.

De fiskmarter wurdt sa neamd om't de Ingelske namme foar dit bist fisher ("fisker") is. Nettsjinsteande dat yt dizze martersoarte mar komselden fisk. De namme fisher komt fan 'e namme dy't de Nederlânske kolonisten fan Nij-Nederlân oan dit bist joegen: fisse of visse, fanwegen it feit dat de pelzen fan 'e fiskmarter, dy't de Yndianen harren ferkochten, sa lieken op dy fan 'e murd (Mustela putorius). De (doetiidske) beneaming fisse of visse foar murdepelzen kaam wer fan it Frânske fiche of fichet. De wittenskiplike namme foar de fiskmarter is Pekania pennanti, nei de soölooch Thomas Pennant, dy't dit bist yn 1771 beskreau. De Abenaky-Yndianen neame de fiskmarter pekan, en dêfan is de namme fan it skaai Pekania ôflaat.

Der bestiet bewiis dat de foarâlden fan 'e fiskmarter ûnder it Plioseen, sa'n 21/2 oant 5 miljoen jier lyn, út Aazje nei Noard-Amearika kommen binne, dêr't it skaai fan 'e fiskmarters (Pekania) him neitiid fierder ûntjoech. As soarte giet de fiskmarter likernôch 125.000 jier tebek. De fynst fan fossilen bewiist dat it areaal fan 'e fiskmarter him yn prehistoaryske tiden oansjenlik fierder neit it suden ta útstriek as no.

It ferspriedingsgebiet fan 'e fiskmarter beslacht in bân fan beboske gebieten fan 'e east- oant de westkust fan Noard-Amearika. Yn Kanada omfiemet dat Nij-Skotlân útsein Cape Bretoneilân en de súdwestlike kust, hiel Nij-Breunswyk, súdlik Kebek, sintraal en súdwestlik Ontario, sintraal Manitoba en Saskatchewan, noardlik Alberta, it uterste súdwesten fan 'e Noardwestlike Territoaria en noardlik en súdeastlik Britsk-Kolumbia. Yn Alaska heart it súdlike part fan 'e Panhandle mei de Alexanderarsjipel ta it areaal fan 'e fiskmarter.

In fiskmarter yn 'e bosk, by Ipswich, yn Massachusetts.

En yn 'e legere achtenfjirtich Feriene Steaten komt dizze soarte foar yn Maine, Nij-Ingelân útsein de kuststripe, de Appalachen yn New York en noardeastlik Pennsylvania, westlik Opper-Michigan, noardwestlik Wiskonsin, noardeastlik Minnesota, de Rocky Mountains fan westlik Montana en noardlik en sintraal Idaho, de Cascades fan Washington en Oregon, it berchlân fan Noardlik Kalifornje en de Sierra Nevada yn eastlik Kalifornje. Dat berchtme foarmet it súdlikste punt fan it ferspriedingsgebiet fan 'e fiskmarter.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiskmarters hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 47–75 sm, mei in sturtlingte fan 30–42 sm. De mantsjes hawwe in gewicht fan 31/2–6 kg, wylst de wyfkes yn trochsneed 2–21/2 kg weagje. It grutste dokumintearre fiskmartermantsje weage 9 kg. Behalven it ferskil yn grutte en gewicht komt der by de fiskmarter net folle seksuële dimorfy foar. De pels fan it bist is tsjûk en ticht, en winterdeis dûnkerbrún oant swart fan kleur; by 't simmer is de kleur yn 'e regel ljochter. Fiskmarters ferhierje tusken septimber en desimber.

In fiskmarter yn 'e snie.

Oan eltse poat hat de fiskmarter fiif teannen mei ynlûkbere klauwen. De poaten binne bûtenproporsjoneel grut yn ferhâlding ta it lichem, wat it foar de fiskmarter makliker makket om op in tsjûk sniedek te rinnen of te draven. Rûge hierren op 'e soallen soargje derfoar dat it bist sels op 'e glysterichste ûndergrûnen goed út 'e fuotten kin. De ankelgewrichten binne folle mobiler as by de minske, en kinne hast 180° yn 't rûn draaie, sadat fiskmarters ek earsten klimmers binne, en mei de kop nei ûnderen ta by beammen del gean kinne.

Fiskmarters binne boskbewenners, en hoewol't se treflik klimme kinne, bringe se it meastepart fan 'e tiid troch op 'e wâldflier. Se komme foar yn sawol nullewâld as yn mingd wâld en lykje har dêr like thús te fielen, hoewol't harren areaal almeast taiga omfiemet, dy't út nullebosk bestiet. Se jouwe dúdlik de foarkar oan trochrinnend wâldgebiet yn tsjinstelling ta fragmintaryske perselen wâldlân mei romte dertuskenyn. Om't se ferlet hawwe fan ridlik grutte beammen om har nêst yn te meitsjen, kinne se yn jonge oanplant net bestean.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiskmarters binne benammen aktyf om 'e jûnsskimer en de moarnsdage hinne. Se hâlde gjin wintersliep en libje oer it algemien in solitêr bestean, dat inkeld yn 'e peartiid ferbrutsen wurdt. It territoarium fan in fiskmarter kin útinoar rinne fan 6,6 km² by 't simmer oant goed 14 km² winterdeis. Ofhinklik fan 'e terreinsgesteldheid en it foarkommen fan proaidieren kin dat sels oprinne oant 20 km². De territoaria fan mantsjes en wyfkes oerlaapje inoar.

In fiskmarter klimt yn in beam.

De peartiid fynt by fiskmarters ein maart, begjin april plak, wêrnei't in ferlingde draachtiid de ymplantaasje fan 'e befruchte aaisel yn it limoer tsien moannen lang ophâldt, oant mids febrewaris fan it folgjende jier. De eigentlik draachtiid, dy't dan begjint, duorret sa'n 50 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan 1–4 jongen smyt. Net mear as 7–10 dagen letter wurdt it wyfke djoeisk en begjint de peartiid op 'e nij.

De wyfkes meitsje in nêst yn in holle beam, dêr't de jongen blyn en helpleas te wrâld komme, hoewol't se al wol foar in diel oerdutsen binne mei sêft hier. Mei 3 wiken begjinne de jongen op eigen manneboet om te krûpen en mei 7 wiken geane de eachjes iepen. Noch in wike letter begjinne se te klimmen. Mei 8–10 wiken wurde se ôfwûn en begjinne se fêst foer te fretten. As se 4 moannen âld binne, kinne se net mear oer de wei mei har nêstgenoaten en noch in moanne letter wurde se troch it wyfke ferdreaun en moatte se harsels sjen te rêden. Fiskmarters binne mei in jier geslachtsryp en fêstigje dan ek in eigen territoarium.

In fiskmarter mei ferskate stikels fan in oerzon yn 'e kop.

Fiskmarters binne omnivoaren, dy't in breed ferskaat oan lytsere bisten frette, mar ek wol nuten, beien en poddestuollen lytsman meitsje. Faak litte se in foarkar blike foar de Amerikaanske hazze (Lepus americanus). De fiskmarter is ek ien fan 'e mar in pear rôfdieren dy't súksesfol jacht makket op 'e oerzon of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch (Erethizon dorsatum). Fierders frette se ek wol ynsekten, aaien, fûgeljongen, lytse sûchdieren en ies. Soms bejeie se ek gruttere bisten, lykas de wylde kalkoen (Meleagris gallopavo). Nettsjinsteande harren namme beplúzje fiskmarters mar komselden fisk.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven de minske hawwe fiskmarters net in protte natuerlike fijannen. Ynsidinteel falle se wolris ta proai oan 'e reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de poema (Puma concolor), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de grizzlybear (Ursus arctos horribilis), de grize wolf (Canis lupus) of de prêrjewolf (Canis latrans).

De fiskmarter hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Fiskmarters hawwe in lange skiednis fan kontakt mei de minske, dy't yn 'e regel yn it neidiel fan 'e fiskmarter beteard is. Se waarden teminsten sûnt de achttjinde iuw en mooglik al earder bejage foar har pels, dy't brûkt waard (en wurdt) om bûntene sjalen, moffen en kragen fan te meitsjen. Benammen yn 'e 1920-er en 1930-er jierren bestie der in grutte fraach nei fiskmarterpelzen, dy't yn 1936, op it hichtepunt, $450 oant $750 it stik kosten. Neitiid rekke de hannel yn sok guod oant de 1970-er jierren yn it neigean, mar sûnt is der in oplibbing geande. Yn 1999 waard yn Kanada $27 foar in fiskmarterpels betelle.

In fiskmarterpels.

As gefolch fan oerbejaging waard de fiskmarter tusken 1900 en 1940 yn 'e súdlike parten fan syn ferspriedingsgebiet mei útstjerren bedrige. Sadwaande waard de jacht op dizze bisten yn 'e Feriene Steaten yn 1934 ferbean, hoewol't it yn Kanada gewoan trochgie. Yn 1962, nei't de Amerikaanske populaasje bekommen wie, waard de fiskmarter ek yn 'e Feriene Steaten wer frijjûn foar de jacht. Yn it ferline (fan 1920 oant de ein fan 'e 1940-er jierren) is wol besocht om fiskmarters yn finzenskip te hâlden foar de pelsfokkerij, mar dat bliek dreech fanwegen de ûngewoane fuortplantingssyklus fan dit bist. Boppedat binne se yn finzenskip fetber foar withoefolle sykten, mei as gefolch dat se ek net in protte yn dieretunen holden wurde.

Fiskmarters wurde troch boeren faak as in pleachdier beskôge, mei't se it foar de moade hawwe om nachtlike oerfallen te dwaan op hinnehokken en ferbliuwen fan oar plomfee, dêr't se dan in wiere slachting oanrjochtsje kinne. Ek wurde fiskmarters wol ferantwurdlik holden foar oanfallen op húsdieren, lykas katten. Undersyk hat lykwols útwiisd dat in protte oanfallen op plomfee en húsdieren dy't oan fiskmarters taskreaun wurde, eins dien wurde troch reade lynksen of prêrjewolven. Unprovosearre oanfallen fan fiskmarters op minsken komme mar uterst selden foar, mar as se har bedrige fiele, sille fiskmarters, krektlyk as alle oare wylde bisten, fan har ôfbite. Der is ien saak bekend út 2009, wêrby't in fiskmarter yn 'e Amerikaanske steat Rhode Island in seisjierrich jonkje oanfallen hawwe soe, en in oare saak, út 2014, wêrby't in fiskmarter in tolvejierrige jonge oanfoel yn Massachusetts.

Yn 1935 waarden fan 'e fiskmarter (Pekania pennanti) trije ûndersoarten identifisearre: de echte fiskmarter (P. p. pennanti), de Britsk-Kolumbiaanske fiskmarter (P. p. columbiana) en de Pasifyske fiskmarter (P. p. pacifica). Ut neier ûndersyk die yn 1959 lykwols bliken dat de ferskillen tusken dizze trije farianten te lyts binne om fan wiere ûndersoarten sprekke te kinnen. Hoewol't de diskusje noch net alhiel ferstomme is, wurdt tsjintwurdich oer it algemien foar wier oannommen dat de fiskmarter gjin ûndersoarten hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.