Springe nei ynhâld

Plomfee

Ut Wikipedy
Hinnen

Under plomfee wurde fûgels rekkene as:

It Fryske plomfee bestiet meast út hinnen. Yn Fryslân waard yn 1974 sa'n 2,5% fan de Nederlânske lishinnen hâlden: 700.000 stiks. It oantal bedriuwen rûn doe al werom is wie ein 1994 ± 550. In jonge tûke yn de hinnehâlderij wie dy fan slachtpiken: yn 1960 100.000 piken, yn maaie 1974 wol 2,6 miljoen. (7,2 % fan it Nederlânske totaal) mei 171 bedriuwen. Begjin jierren santich fan de 20e iuw waarden de bedriuwen gemiddeld hast 150% grutter, de gemiddelde grutte wie doe 15.000 piken. De ôfset waard meast troch kontrakten regele en it hâlden fan slachthinnen betsjutte foar in soad molkriders, middenstanners, mar ek feehâlders en túnkers in aardige byfertsjinste.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: