Springe nei ynhâld

Kanadeesk fleanend iikhoarntsje

Ut Wikipedy
Kanadeesk fleanend iikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Nije Wrâld (Glaucomys)
soarte
Glaucomys sabrinus
Shaw, 1801
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It Kanadeeske fleanende iikhoarntsje (Latynske namme: Glaucomys sabrinus), ek wol it Kanadeeske fleanhoarntsje neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e fleanende iikhoarntsjes (Pteromyini) en it skaai fan 'e fleanende iikhoarntsjes fan de Nije Wrâld (Glaucomys). Dizze soarte is lânseigen yn Noard-Amearika. Mei it Amerikaanske fleanende iikhoarntsje (Glaucomys volans), is it Kanadeeske fleanende iikhoarntsje ien fan twa soarten fleanende iikhoarntsjes dy't yn Amearika foarkomme.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kanadeeske fleanende iikhoarntsje komt foar yn in grut part fan Noard-Amearika, wêrûnder hast hiel Kanada, útsein it Arktyske noarden, it eastlike eilân Nijfûnlân en it prêrjegebiet yn it suden fan 'e provinsjes Saskatchewan en Alberta. Yn it noardwesten strekt syn ferspriedingsgebiet him út oant djip yn Alaska, dêr't it de midden en it súdeasten fan dy Amerikaanske steat beslacht. Yn 'e legere 48 Feriene Steaten komt it Kanadeeske fleanende iikhoarntsje foar by de westkust lâns oant yn sintraal Kalifornje, yn 'e Rocky Mountains oant yn Kolorado, en fierders yn it noarden fan it gebiet fan 'e Grutte Marren, hiel Nij-Ingelân en it legere noardeasten, en hjir en dêr yn 'e Appalachen, oant yn Firginia en Noard- en Súd-Karolina.

In Kanadeesk fleanend iikhoarntsje stelt nútsjes út in fûgelfuorrer.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kanadeeske fleanende iikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 16½-19⅓ sm, mei in sturtlingte fan 11-15 sm en in gewicht fan 75-140 g (mar yn trochsneed 132 g). De pels is tsjûk en op 'e rêch ljochtbrún oant bêzje-eftich. De fangen binne dûnkergrizich en de bealch is witich. Kanadeeske fleanende iikhoarntsjes hawwe grutte eagen, lange snorhierren en in ôfplatte sturt. Tusken de foar- en efterpoaten sit it saneamde patagium, in behierre hûdflap dy't strak lutsen wurde kin troch de lidden út te sprieden, sadat it Kanadeeske "fleanende" iikhoarntsje sweve kin.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kanadeeske fleanende iikhoarntsjes binne nachtdieren dy't yn beamholtes nêsten oanlizze dêr't se de dei trochbringe. Sokke holtes kinne natuerlik wêze, mar it kinne ek ferlittene spjochtehoalen wêze. Se hawwe yn har wengebiet ferskate nêsten, dêr't se geregeldwei tusken wikselje. By 't winter diele se faak ien nêst mei 4-10 soartgenoaten, wat har, troch de dielde lichemswaarmte, in protte enerzjy besparret. Se hâlde gjin wintersliep. De wichtichste natuerlik fijannen binne de Amerikaanske oehoe en ferskate oare soarten ûlen, en fierders hauken, de Amerikaanske marter, de Kanadeeske lynks, de foks en de hûskat.

It Kanadeeske fleanende iikhoarntsje is in treflike klimmer en springer en kin, troch de hûdflap tusken syn foar- en efterpoaten strak te lûken, oansjenlik ôfstannen swevend ôflizze. (Yn 'e regel 5-25 m, mar sweefflechten fan mear as 45 m binne waarnommen.) Dêrby brûkt er syn sturt as roer, wat him hiel effisjint yn 'e loft manûvrearje lit. As er lânje sil, feroaret er syn lichemshâlding sa, dat de hûdflappen as in soarte fan parasjute wurkje om faasje te minderjen. Op 'e grûn binne Kanadeeske fleanende iikhoarntsjes lykwols lôch en ûnbehelpsum.

Oer de fuortplanting fan it Kanadeeske fleanende iikhoarntsje is noch altyd net in protte bekend. Sûnt dizze soarte yn 1801 foar it earst troch de Ingelske soölooch George Shaw beskreaun waard, miende men dat de wyfkes mar ien nêst jongen jiers produsearren. Dat wie lykwols in misbegryp, mei't yn 2010 yn súdlik Ontario fêststeld is dat de wyfkes dêre twa nêsten jongen jiers smite, wat yn 2011 befêstige is troch in soartgelikens ûndersyk yn Nij-Breunswyk. Teffens is yn 2009 fêststeld dat it Kanadeeske fleanende iikhoarntsje him yn Ontario soms fuortplantet mei it Amerikaanske fleanende iikhoarntsje (Glaucomys volans), dat op 't heden in flugge opmars nei it noarden trochmakket.

It bedrige Firginiaanske fleanende iikhoarntsje (G. s. fuscus).
In "fleanend" Kanadeesk fleanend iikhoarntsje.

Kanadeeske fleanende iikhoarntsjes frette benammen skimmels, koarstmoassen, poddestuollen, nuten, sieden, beamsoppen, blommen en beamknoppen, oanfolle mei ynsekten, ies, fûgelaaien en soms sels wol pykjes. Se hawwe in skerpe rooksin, dy't se brûke om truffels op te spoaren, al lykje se dêr ek fisuële oanwizings foar te brûken, lykas de oanwêzigens fan houtrestanten, dy't in rotsjende beamstam oantsjutte, en har skerpe ûnthâld oangeande wêr't se earder truffels fûn hawwe. As it fretten krap wurdt, begjinne se itensfoarrieden oan te lizzen, itsij yn har eigen nêsten, itsij yn oare beamholten. Fral koarstmoassen en sied wurde opslein.

It Kanadeeske fleanende iikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't syn populaasje stabyl liket te wêzen. De populaasjes oan 'e westkust fan 'e Feriene Steaten wike yn genetysk opsicht ôf fan oare Kanadeeske fleanende iikhoarntsjes, hoewol net genôch om in aparte soarte te foarmjen. Twa ûndersoarten dy't yn 'e Appalachen foarkomme, it Firginiaanske fleanende iikhoarntsje (Glaucomys sabrinus fuscus) en it Karolynske fleanende iikhoarntsje (Glaucomys sabrinus coloratus), binne bedrige, al is it mei de Firginiaanske ûndersoarte genôch bekommen dat er yn 2008 fan 'e reade list ôfhelle waard. Yn 2011 hat de Amerikaanske Fisk- en Faunatsjinst (U.S. Fish and Wildlife Service) it Kanadeeske fleanende iikhoarntsje lykwols ta in beskerme bistesoarte beneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.