Springe nei ynhâld

Snorhierren

Ut Wikipedy
Snorhierren by in nuete rôt.

Snorhierren of taasthierren (Latyn: vibrissae) binne hierren dy't anatomysk sjoen karakterisearre wurde troch har grutte omfang en stivens (folle grutter en stiver as bgl. minsklik hollehier) en it grutte en goed trochblette hierpûdsje dêr't se út groeie. Se binne spesifyk adaptearre om as taastsintugen te fungearjen, en steane streekrjocht yn ferbining mei it sintúglik sintrum fan 'e harsens. Snorhierren komme op ferskate plakken op it lichem foar by de measte sûchdieren, ynklusyf alle primaten behalven de minske.

Snorhierren by in seehûn.

Snorhierren binne fral goed ûntwikkele by bisten dy't swakke eagen hawwe en by nachtdieren. Se binne fan belang foar it finen fan it paad en it sykjen nei fretten, yn it bysûnder as dat fretten libbet en besiket te ûntkommen. Guon bisten, lykas de hûsmûs, kinne luchtbewegings waarnimme mei har snorhierren, wylst oaren, wêrûnder seehûnen, der de grutte fan foarwerpen mei ynskatte kinne (dy't se op 'e seeboaiem oantreffe). Wylst rôfdieren der fretten mei sykje, brûke proaidieren se om natuerlike fijannen mei gewaar te wurden.

Snorhierren befine har meastal om 'e noas of snút hinne (dêrfandinne de namme), mar se sitte ek faak boppe eagen (dêr't minsken se yn 'e regel foar wynbrauwen oansjogge) en soms op oare plakken fan it lichem. Om't de wurking fan snorhierren fan grut belang is foar it oerlibjen fan 'e sûchdieren dy't se hawwe, is by har in grut part fan 'e harsens ynrjochte foar de ferwurking fan 'e ympulsen út 'e senuwen by de snorhierren. Ek brûke se in protte enerzjy om 'e hierpûdsjes om 'e snorhierren hinne waarm te hâlden, sadat dit sintúch altyd ynsetber is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.