Wynbrau

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De wynbrau fan in frou.

In wynbrau of each(s)brau is by minsken en oare primaten de nei foarren ta útstykjende, mei gesichtshier begroeide bonkerâne boppe it each. It is lykwols de behierring dêr't it wurd "wynbrau" yn it deistich spraakgebrûk nei ferwiist, en net de bonkerâne.

Wynbrauwen hawwe as primêre funksje om foar te kommen dat swit, smoargens en oare guod (tink oan rein, snie en stof) by de foarholle delglydzje en yn it each bedarje. Dêrnjonken ferfolje se ek in wichtige funksje yn 'e lichemstaal, by it meitsjen fan gesichtsútdrukkings en minen. Sa wit men dat de persoan wêrmei't men yn petear is, ferheard is as er de wynbrauwen heal oplûkt, en dat er jin net leaut as de wynbrauwen hielendal omheech geane. By ien oplutsen wynbrau is men skeptysk, wylst it omleech lûken fan 'e wynbrauwen, dat fronseljen hjit, betsjut dat de oare it net mei jin iens is, of fynt dat wat men docht net troch de bûgel kin, of yrritearre rekket. As de wynbrauwen hielendal omleech geane, jout dat lulkens oan. As men de wynbrau tagelyk omleech docht en sydlings gearlûkt, stiet men foar in probleem of dilemma.

De measten minsken hawwe tsjûke wynbrauwen, dy't dan genetysk sjoen ek in dominante eigenskip binne, wylst tinne wynbrauwen just resessyf binne en dus minder foarkomme. Party lju hat ien inkele wynbrau, dy't trochrint boppe de noas; dat wurdt wol in "unibrau" neamd, en it wurdt yn 'e regel as tige ûnoantreklik beskôge. De measte manlju dy't soks hawwe, sille it stikje boppe de noas dan ek skeare. Froulju "snoeie" de wynbrauwen ornaris dochs al by, troch oant 'e boppe- en ûnderkant yndividuële hierren te plôkjen (of epilearjen) mei in pinset, of soms troch harren op dy plakken mei hjitte waaks te ûnthierjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.