Spjochten
spjochten | ||
![]() | ||
In eksterspjocht (Dendrocoptes medius'). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | spjochteftigen (Piciformes) | |
ûnderskift: | echte spjochteftigen (Pici) | |
tuskenskift: | spjochtfûgels (Picides) | |
famylje: | spjochten (Picidae) | |
Leach, 1819 | ||
De spjochten (wittenskiplike namme: Picidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), it ûnderskift fan 'e echte spjochteftigen (Pici) en it tuskenskift fan 'e spjochtfûgels (Picides). Ta dizze taksonomyske kloft hearre likernôch 240 soarten, dy't oer de hiele wrâld foarkomme, útsein yn Austraalje, Oseaanje en Antarktika en op Madagaskar. De famylje is ûnderferdield yn fjouwer ûnderfamyljes: de echte spjochten (Picinae), de dwerchspjochten (Picumninae), de ûnechte dwerchspjochten (Sasiinae) en de draainekkefûgels (Jynginae). De echte spjochten meitsje dêr mei sa'n 210 soarten fierwei de grutste groep fan út.
Spjochten binne lytse oant middelgrutte fûgels mei skerpe snaffels, dy't foar it meastepart yn beammen libje. Se steane derom bekend dat se mei de snaffel in eigen hoale yn 'e beam úthakje. Spjochten binne ynsektivoaren, dy't har snaffel en lange tonge brûke om ynsekten út 'e skoars fan beammen te poarkjen. Se hawwe skerpe klauwen, dêr't se har mei oan 'e beam fêstgripe, sadat se sûnder swierrichheden langere tiid op it fertikale flak hingje kinne. Derby brûke se harren sturt foar stipe. De measte soarten spjochten libje yn pearkes. De piken binne nêstbliuwers.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De spjochten waarden foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1819 troch de Ingelske biolooch William Elford Leach yn in gids foar it Britsk Museum te Londen. Se foarmje ien fan yn totaal njoggen libbene taksonomyske famyljes yn it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), njonken de burdkoekoeken (Bucconidae), glânsfûgels (Galbulidae), huningspeurders (Indicatoridae), Afrikaanske burdfûgels (Lybiidae), Amerikaanske burdfûgels (Capitonidae), Aziatyske burdfûgels (Megalaimidae), toekans (Ramphastidae) en toekanburdfûgels (Semnornithidae). It naust binne de spjochten besibbe mei de huningspeurders, dêr't se it tuskenskift fan 'e spjochtfûgels (Picides) mei foarmje.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spjochten hawwe in hast wol kosmopolityske fersprieding, al binne se ôfwêzich yn Austraalje en Oseaanje en yn Antarktika en op Madagaskar. Se ûnbrekke ek op in protte lytsere eilannen, hoewol't der in protte ynsulêr endemyske soarten besteane dy't libje op eilannen deun foar de kust fan 'e kontininten. Fan 'e ûnderfamyljes komme de echte spjochten (Picinae) oeral foar dêr't spjochten libje. De dwerchspjochten (Picumninae) hawwe in pantropyske fersprieding yn Afrika, Súdeast-Aazje en de Nije Wrâld, wêrby't it swiertepunt fan harren soarteferskaat yn Súd-Amearika leit. De ûnechte dwerchspjochten (Sasiinae) besteane út mar trije soarten, wêrfan't ien yn Afrika libbet en de oare beide yn Súd- en Súdeast-Aazje. En de draainekkefûgels (Jynginae), ta einsluten, omfetsje mar twa soarten, dy't foarkomme yn Jeropa, West-Aazje en Afrika.
Fierwei de measte spjochten binne stânfûgels. Der besteane lykwols inkele soarten dy't trekfûgels binne, lykas de brúnboarstspjocht (Dendrocopos hyperythrus), de gielbúksopspjocht (Sphyrapicus varius) en teffens de draainekke (Jynx torquilla), dy't yn Jeropa en West-Aazje briedt en oerwinteret yn 'e Sahel. Yn Noard-Amearika tsjogge de noardlikste populaasjes fan 'e lewisspjocht (Melanerpes lewis), de gouden grûnspjocht (Colaptes auratus), de spjirresopspjocht (Sphyrapicus thyroideus), de readboarstsopspjocht (Sphyrapicus ruber) en de readneksopspjocht (Sphyrapicus nuchalis) by 't hjerstmis allegearre súdoan, om mei de komst fan 'e maityd werom te kearen nei har briedgebiet. Súdliker populaasjes fan dizze soarten binne lykwols stânfûgels. Fierders binne ferskate spjochtesoarten hichtemigranten, dy't de simmer heech yn berchtmen trochbringe, mar by 't hjerstmis nei leger leine gebieten migrearje. In foarbyld fan dy lêste kategory is de griiskapespjocht (Yungipicus canicapillus).

Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spjochten rinne útinoar yn grutte fan 'e Maleiske dwerchspjocht (Sasia abnormis), mei in lichemslingte fan 8 sm en in gewicht fan 7 g, oant de no nei alle gedachten útstoarne keizerspjocht (Campephilus imperialis), dy't 55–61 sm lang wie en 700 g weage. De grutste libbene soarte is de poeierspjocht (Mulleripicus pulverulentus), dy't 45–55 sm lang is mei in gewicht fan 430–563 g.
It fearrekleed fan spjochten ferskilt nei soarte. Guon soarten hawwe ûnopfallende skutkleuren, wylst oaren fel kleure binne mei de blykbere bedoeling om just safolle mooglik op te fallen. In protte soarten hawwe in legergriene of oliifgriene grûnkleur, wylst in protte oaren swartbûnt binne. In soad spjochten hawwe op 'e kop in toef sitten, dy't yn kleur faak ôfwykt fan 'e rest fan it fearrekleed. Der bestiet by de measte soarten spjochten wol seksuele dimorfy, mar dy is oer it algemien mar subtyl. Utsûnderings op dy regel binne de spjirresopspjocht (Sphyrapicus thyroideus) en de oranjerêchspjocht (Chrysocolaptes validus), wêrby't de beide geslachten sterk faninoar ferskille. Spjochten ferfearje ienris yn it jier folslein, mar de beide soarten draainekken (Jynginae), dy't har eigen ûnderfamylje foarmje, ferfearje dêropta nochris foar in diel krekt foarôfgeande oan 'e peartiid.
Spjochten hawwe, krekt sa't dat gefal is mei de ûle-eftigen (Strigiformes) en de pappegaai-eftigen (Psittaciformes), sygodaktyle poaten. Dat wol sizze dat der twa teannen binne, de beide middelste, dy't foarút wize, wylst de oare beide, de earste en de fjirde, efterút wize. Yn kombinaasje mei de skerpe klauwen oan eltse tean en de koarte, krêftige skonken helpt dat dizze fûgels tige by tige om har steving oan tûken fêst te hâlden. Ek jout it harren it fermogen om fertikaal by beamstammen op en del te rinnen. De iennichste leden fan 'e spjochtefamylje sûnder sygodaktyle poaten binne de trije soarten fan it skaai fan 'e trijeteanspjochten (Picoides).
De snaffels fan spjochten binne hiel sterk, wat nedich is foar harren omtimmerjen op beammen. De snaffelpunt wurdt skerp holden troch oanhâldend op hout om te pikken. In spjochtesnaffel bestiet út trije lagen materiaal: in bûtenlaach of "skie" fan keratine (deselde stof dêr't neilen út besteane), in binnenlaach fan bonke en in tuskenlaach fan poreuze bonke, dy't de bûten- en binnenlaach mei-inoar ferbynt. De tongbonke is by spjochten tige lang en rint oan wjerskanten fan 'e kiel lâns, oer de efterholle hinne nei de foarholle ta, om te einigjen oan it begjin fan 'e snaffel, deunby de noasters. Dêrmei foarmet er in soarte fan 'kjessen' foar de harsens. Om harsenskea troch it oanhâldende timmerjen foar te kommen, hawwe spjochten fierders relatyf lytse, glêde harsens dy't frij strak yn 'e plasse sitte om hinne en wer bewegen tsjin te gean. De plasse sels bestiet út sterk mar spûnseftich bonkemateriaal, dat in bytsje geardrukt wurde kin. Kompjûtersimulaasjes hawwe oantoand dat 99,7% fan 'e enerzjy dy't opwekke wurdt mei it pikken bestiet út spanningsenerzjy dy't troch it lichem fan 'e fûgel ferspraat wurdt, wylst mar 0,3% fan 'e enerzjy de harsens berikt yn 'e foarm fan in skok.

It pikken makket ek dat de plasse fan 'e fûgel opwaarmet. Dat is de reden dat spjochten ornaris inkeld yn koarte fleagen pikke, wêrnei't se eefkes in pear tellen lins hâlde en om har hinne sjogge om 'e kop wer wat ôfkuolje te litten. Yn 'e milisekonde foar't de snaffel it hout rekket, glidet in tsjûk trêde eachlid oer it each om dat tsjin fuortspattende houtsplinters te beskermjen. Soks komt ek foar dat it netflues troch de skok fan it pikken skuorre kin. De noasters wurde tsjin splinters beskerme trochdat se faak mar út smelle skreefkes besteane, dêr't boppedat noch spesjale lytse fearkes foar groeie dy't houtresten opfange foar't se yn 'e noas fleane kinne.
Spjochten hawwe in lange, kleverige tonge foarsjoen fan wjerheakjes, dy't se brûke om har fretten (ynsekten en larven) ûnder de skoars fan beammen wei te krijen. Foarhinne woe men hawwe, spjochten trochboarren ynsekten mei de tonge, mar neier ûndersyk út 2004 brocht oan it ljocht dat se eins de útein fan 'e tonge om 'e ynsekten hinne wuolje.
It fleanen fan spjochten wurdt sterk beynfloede troch harren gebrûklike habitat yn tichte wâlden. De grutte mearderheid fan 'e soarten hat nammentlik in karakteristike, weagjende flecht besteande út in pear wjukslaggen folge troch in koarte sweefflecht wêrby't de wjukken ynlutsen wurde nei it lichem: flap-flap-sweef, flap-flap-sweef. Yn wâlden kinne spjochten dêrmei kreas tusken de deun opinoar steande beammen troch fleane. Mar beskate spjochtesoarten dy't net yn wâlden libje, hawwe dizze fleanwize ek beholden. Inkeld guon grutte spjochten, lykas de iiktimmerspjochten (Dryocopus), hawwe in flugge, direkte manear fan fleanen.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spjochten binne foar it meastepart arboreäle (beambewenjende) fûgels út wâldbiotopen. Syn grutste bioferskaat hat dizze famylje yn tropyske reinwâlden, mar spjochten komme foar yn alle gaadlike habitats, lykas yn tuskenbeiden reinwâld, leafwâld, mingd wâld, nullewâld, bamboewâld en op savannes. Atypyske spjochten hawwe sels gebieten sûnder beammen kolonisearre, lykas iepen flakten, woastinen en berchtmen boppe de beamgrins. Sa libbet de Gilaspjocht (Melanerpes uropygialis) yn 'e Sonoarawoastyn fan it Amerikaanske Súdwesten, dêr't er syn hoalen net yn beammen, mar yn kaktussen makket. En de Andesgrûnspjocht (Colaptes rupicola) libbet heech yn 'e Andes fan Súd-Amearika en graaft nêsthoalen yn ierden kliffen.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yndividuën fan 'e measte spjochtesoarten libje in solitêr bestean, mar harren hâlden en dragen rint útinoar fan guon soarten dy't tige asosjaal binne en (bûten de pear- en briedtiid om) fûleindige agresje tsjin soartgenoaten oan 'en dei lizze, oant soarten dy't har libben lang yn tige sosjale kloften libje. Spjochten fan it lêste type binne oer it algemien ek mienskiplike brieders. Guon spjochten jouwe har by it foerazjearjen sels by fûgelswaarmen dy't út leden fan ferskate soarten besteane, hoewol't se ornaris oan 'e râne fan sokke groepen omhingjen bliuwe.
Spjochten bringe gjin grut ferskaat oan lûden fuort op it mêd fan fûgelsang, sa't moskeftigen (Passeriformes) dat dogge. Ynstee meitsje se lûden dy't ienfâldiger fan struktuer binne, lykas skelle hege noaten, trillers en snortoanen. Beide geslachten bringe sokke lûden fuort foar ûnderlinge kommunikaasje yn it ramt fan hofmakkerij, territoariumferdigening en alaarmroppen. Eltse soarte hat syn eigen lûden.
Mar de bekendste en meast hearde lûden dy't spjochten meitsje, binne gjin fokalisaasjes, mar besteane út it trommeljen mei de snaffel op in beamstam. Dat trommeljen is net inkeld bedoeld om hoalen út te hakjen of ynsekten te sykjen, mar wurdt ek poer foar de kommunikaasje dien. Yn it foarste plak is it dan in berjocht oan soartgenoaten: "hjir bin ik", mei oare wurden: "dit territoarium is beset", of: "wa wol mei my pearje?" Trommeljen foar kommunikative doelen sykje spjochten ek mei opsetsin in resonearjende ûndergrûn foar út, lykas in holle beam, sadat it lûd fierder draacht.
De measte spjochtesoarten frette ynsekten en oar lyts wringeleas dierte dat ûnder de skoars fan beammen of yn beamholten libbet. De spjochtefamylje wurdt lykwols karakterisearre troch diëtêre fleksabiliteit, en in protte soarten binne net spesifyk ynsektivoar, mar earder omnivoar en yn hege mjitte opportunistysk. Op it menu steane eamelders, termiten, toarren, larven fan ynsekten, rûpen, spinnen en oare lidpoatigen, aaien en piken fan lytsere fûgels, lytse kjifdieren en hagedissen, fruchten, nuten (lykas ikels) en beamsop. Guon soarten, lykas de grutte eksterspjocht (Dendrocopos major), frette ek kreefteftigen, weakdieren en ies. Foertafels en finsterfoerhúskes wurde wol besocht foar oanfolling op it dieet.
Nêsteljen dogge de measte spjochten yn beamholten, ornaris hoalen dy't se sels úthakke hawwe yn 'e rjochtoppige stammen fan beammen. Dat lêste jildt net foar de draainekkefûgels (Jynginae), dy't gebrûk meitsje fan besteande beamholten. Wêr't dat mooglik is, wurdt foar it úthakjen fan in hoale in rottich plak brûkt, dat omjûn wurdt troch sûn hout. As der gjin beammen binne, behelpe spjochten har op oare manearen. Sa makket de Gilaspjocht (Melanerpes uropygialis) yn 'e Sonoarawoastyn syn hoalen yn grutte kaktussen, wylst de Andesgrûnspjocht (Colaptes rupicola) yn 'e Andes boppe de beamgrins nêsthoalen útgraaft yn steile wâlen en kliffen, krekt sa't de ierdswel (Riparia riparia) dat docht. De fjildgrûnspjocht (Colaptes campestris), dy't op 'e iepen flakten fan Brazylje libbet, makket soms hoalen yn termiteheuvels, en de bamboespjocht (Gecinulus viridis) hat him spesjalisearre yn it brûken fan bamboe.

Nêsthoalen makke troch spjochten is in protte fraach nei, net inkeld mank spjochten, mar ek mank oare beamholtebrieders, lykas swelfûgels (Hirundinidae) en protterfûgels (Sturnidae). Sadwaande hawwe spjochten te krijen mei konkurrinsje fan oare fûgels sadree't harren hoale bewenber is. Yn reäksje komme spjochten oare holtebrieders gauris oanhâldend agressyf benei om se fuort te jeien. Se brûke ek oare strategyen om 'e kâns op tsjeafte fan harren hoalen tsjin te gean; sa makket de readkrúnspjocht (Melanerpes rubricapillus) syn nêsthoalen net yn beamstammen, mar yn relatyf tinne tûken mei it gat oan 'e ûnderkant. Dêrtroch is de hoale foar in protte fûgels ûnberikber en kin de hoale boppedat net grutter makke wurde.
Spjochten binne oer it algemien monogaam, mar by guon soarten komt polygamy foar, wêrby't yndividuën ferskate pearingspartners hawwe. De Bahamaspjocht (Melanerpes superciliaris) út it Karibysk Gebiet praktisearret polyandry, wêrby't ien wyfke twa lechsels produsearret mei twa ferskillende mantsjes. De ikelspjocht (Melanerpes formicivorus) út Kalifornje en Meksiko is in hiel apart gefal, mei't dy oan polygynandry docht; dêrby pearje oant tolve yndividuën mei-inoar, wêrnei't se mienskiplik de ferskate resultearjende lechsels bebriede en letter de piken grutbringe. By de measte soarten giet it lykwols om ien mantsje en ien wyfke, dy't tegearre de nêsthoale meitsje, hoewol't it mantsje it measte hakwurk foar syn rekken nimt. It brieden wurdt faak ôfwikseljend troch it mantsje en it wyfke dien, wêrby't it mantsje dan ornaris de nachttsjinst hat. By guon soarten briedt allinnich it wyfke, dat dan de hiele briedtiid fan 11–14 dagen troch fersoarge en fuorre wurdt troch it mantsje.

Spjochtepiken binne nêstbliuwers, dy't helpleas út it aai komme en de earste wiken folslein ôfhinklik binne fan 'e âlden. Se ferlitte de nêsthoale as se 18–30 dagen âld binne. Dêrnei moatte se har by de measte soarten sels mar sjen te rêden. Utsûnderings op dat mêd binne spjochtesoarten dy't yn groepen libje, lykas de ikelspjocht, en teffens de Hispanjoalaspjocht (Melanerpes striatus), dy't ek nei it útfleanen fan 'e jongen noch ferskate moannen trochgiet mei fuorjen. Oer it algemien hat it nêsteljen yn beamholten in heger súksespersintaazje as it nêsteljen yn selsboude nêsten. Yn Afrika libje ferskate soarten fan nau oan 'e spjochten besibbe huningspeurders (Indicatoridae), dy't briedparasiten fan spjochten binne (en dus har eigen aaien yn 'e nêstholte fan spjochten lizze om har jongen troch de neatfermoedzjende spjochten grutbringe te litten).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spjochten dogge it oer it algemien goed. Statistysk sjoen soene der, yn ferhâlding mei oare fûgelfamyljes, folle mear spjochtesoarten bedrige wêze moatte. Dat wol fansels net sizze dat it goed giet mei àlle spjochten. De beide grutste soarten, de keizerspjocht (Campephilus imperialis) út Meksiko en de ivoarsnaffelspjocht (Campephilus principalis) út it Suden fan 'e Feriene Steaten binne al hiel lang net mear waarnommen en wurde troch de measte ornitologen as útstoarn beskôge, hoewol't dat noch net formeel fêststeld is. Ek mei de Okinawaspjocht (Dendrocopos noguchii) fan 'e Rjûkjû-eilannen yn Japan is it tige yn it neigean rekke. Dêrfan is noch mar ien populaasje oer, besteande út mar in pear hûndert eksimplaren. De kokardespjocht (Leuconotopicus borealis) út it Amerikaanske Suden sit ek yn 'e gefaresône en is al jierrenlang de fokus fan in protte natoerbeskermingsmaatregels. De oarsaak fan alle swierrichheden fan 'e neamde soarten is ornaris ûntbosking, mei't de measte spjochten sûnder bosk net oerlibje kinne. Oan 'e oare kant fan it spektrum slagget it guon soarten om har oan te passen oan it libben yn plantaazjes, sekundêr wâld of sels kultuerlân.

Relaasje mei minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it generaal sjogge minsken spjochten yn in geunstich ljocht. Men beskôget se as ynteressante fûgels, dy't fassinearjend binne om waar te nimmen as se oan it trommeljen of foerazjearjen binne. Mar de aktiviteiten fan spjochten wurde net altyd en oeral wurdearre. De relaasje mei de minske komt benammen yn 'e knipe as spjochten beslute om in nêsthoale út te hakjen yn houten (dielen fan) gebouwen of oare houten dingen dy't minsken earne mei in doel delset hawwe, lykas tillefoanpeallen of elektrisiteitspeallen. In oar aspekt fan it hâlden en dragen fan spjochten is dat se graach op resonante oerflakken omtimmerje meie om har territoarium ôf te beakenjen en pearingspartners oan te lûken. Guon eksimplaren hawwe ûntdutsen dat metalen daksgoaten en in wetterpipen folle mear lûd produsearje as beamstammen. De bewenners fan 'e huzen dêr't sokke goaten en pipen oan fêst sitte, binne oer it algemien net sa wiis mei sokke levenmakkerij.
Spjochten feroarsaakje soms ek swierrichheden foar minsken as se oan it foerazjearjen binne, bygelyks by it plonderjen fan fruitrispingen. Mar yn 'e regel dogge se mear goed as kwea, om't har dieet foar it meastepart út ynsekten bestiet. Dat betsjut dat se de natuerlike fijân binne fan pleachdieren lykas houtboarjende toarren dy't gongen ûnder de skoars fan beammen meitsje en op dy wize de gastbeam stadichwei út 'e ljochten helpe. Se frette ek eamelders, dy't yn guon kriten sopsûgende parasiten as wolluzen (Pseudococcidae) oanfiterje. Soks komt bgl. foar mei de rodzige spjocht (Micropternus brachyurus) op 'e kofjeplantaazjes fan Yndia.
De spûnzige bonken fan 'e plasse fan spjochten, dy't de harsens beskermje by it timmerjen, trommeljen en hakjen, hawwe de ynspiraasje foarme foar de ûntwikkeling fan 'e swarte doaze yn 'e loftfeart, dy't ommers ek grutte klappen oerlibje kinne moat. Ek de ûntwikkeling fan falhelms is foar in diel te tankjen oan ynspiraasje yn 'e foarm fan 'e plasse fan spjochten. It tekenfilmfiguer Woody Woodpecker, oer wa't tusken 1940 en 1972 in hiele rige koarte films makke waard, is in spjocht, spesifyk in Noardamerikaanske helmspjocht (Dryocopus pileatus).
Famylje-opbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|