Fealtoefspjocht

Ut Wikipedy
fealtoefspjocht
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai Súdamerikaanske toefspjochten (Celeus)
soarte
Celeus elegans
Müller, 1776
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De fealtoefspjocht (Celeus elegans) is in fûgel út de famylje fan 'e spjochten (Picidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fealtoefspjocht (mantsje).

Fealtoefspjochten binne middelgrutte spjochten fan likernôch 26 oant 32 sm lang mei in gewicht fan 93-172 gr. De soarte is wat lytser en lichter fan bou as de griene spjocht. De seksuele dimorfy by fealtoefspjochten is wat kleur oanbelanget net grut. Mantsjes hawwe in brede, helderreade streek op it wang en by wyfkes ûntbrekt dy streek.

Yn 'e nominaatfoarm fan Celeus elegans ha beide geslachten in krêmkleurige foarholle, krún en toefe en foar de rest is it kopke donker kastanjebrún. De boppekant hat foar it measte in ljochtere kastanjebrúne kleur mei somtiden skiere swarte streken op 'e rêch en ljochte flekjes op 'e wjukken. De slachpinnen en de sturt binne brúnswart. It ûnderbealchje is donker kastanjebrún mei by de búk en anus somtiden wat ljochtere kleuren. De flanken binne giel oant krêmkleurich.

De snaffel is ivoarkleurich oant giel of griengiel. De poatsjes binne oliifgrien oant donkergriis. De iris fan de fûgel is readbrún oant read, de eachring blau.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De spjochten sykje harren iten yn 'e ûnderste en middelste beamlagen, dat bestiet út mychammels en termiten, oanfolle mei larven, fruchten en beien.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fealtoefspjocht briedt yn beamstronken en dea hout. It lechsel bestiet út trije aaien. Der is net in soad bekend oer it útkommen fan 'e aaien en it grutbringen fan 'e jongen.

Fersprieding en leefgebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel komt yn noardlik Súd-Amerika en it Amazônegebiet foar en it leefgebiet bestiet út in breed skala fan tichte en mear iepen bosktypes. Ek komt de fûgel foar yn plantaazjes en galerijbosken. De fûgel is yn it hiele ferspriedingsgebiet in stânfûgel.

De fealtoefspjocht hat seis ûndersoarten:[1]

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fealtoefspjochten komt net oeral yn it ferspriedingsgebiet algemien foar en it is net bekend hoe grut de popelaasje is. Om 't de fûgel in grut gebiet bewennet en in stabile populaasje liket te hawwen, stiet de soarte lykwols as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside en:Chestnut woodpecker (ferzje fan 5 jannewaris 2024)