Eksterspjocht
eksterspjocht | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Dendrocoptes medius | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De eksterspjocht of middelste eksterspjocht (Dendrocoptes medius, oant 2015 Dendrocopos medius) is in fûgel út 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae). It is in stânfûgel yn it grut part fan Europa en it súdwesten fan Aazje.
De eksterspjocht hat in soad fan 'e grutte eksterspjocht (Dendrocopos major), mar is wat lytser en knobsker. Oars as de measte spjochtfûgels sjogge it mantje en it wyfke der hast itselde út. De eksterspjocht roffelet komselden en foerazjeard foar it measte yn de krunen fan beammen mei in wrede bast, dêr't er nei beamsop en ynsekten siket. It leefgebiet fan 'e eksterspjocht bestiet foar de haadsaak út âlde leafbeammen, benammen ikebosken.
Oant 1996 wie de fûgel yn Nederlân gjin briedfûgel en in seldsume ferskining. Nei 2000 is it tal briedpearen hurd tanommen en beset de fûgel yn 'e meast provinsjes nêsten.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In folwoeksen eksterspjocht is 19,5 oant 22 sm lang en wat lytser as de grutte eksterspjocht, dy't 20 oant 24 sm is. Dat ferskil liket grutter troch de koartere snaffel, de rûnere kop en it knobbige oansjen fan 'e eksterspjocht. De spanwiidte is likernôch 34 sm en it gewicht sit tusken de 50 en 85 gram.
De fearren fan 'e eksterspjocht binne oan 'e boppekant glânzgjend swart. De swarte fleugels hawwe wite ovale flekken oan 'e basis en wite, brede bânen. It skouder en de ûnderkant is wyt. It wyt en faak giel fan 'e boarst en de wite flanken wurdt mei swarte, fertikale streken ôfwiksele. Fan de búk oant de anaalstreek ferrint de kleur fan 'e fearren fan rôze nei read. De sturt is swart, mei útsûndering fan de bûtenste sturtpinnen, dy't in swart-wite bandearing hat.
De eksterspjocht hat in relatyf koarte, ljochtgrize snaffel dy't minder sterk is as by in soad oare spjochten. De iris is read oant roestbrún en stekt yn 'e regel dúdlik ôf fan it gesicht, dat mei útsûndering fan in fale donkere snorstreek foar it measte wyt is, lykas ek de foarholle, de kiel en de nekke. Troch de pear swarte fearkes yn it gesicht liket de sjocht somtiden wat snústerich. It wyt fan it gesicht en it skouder wurdt troch in horizontale swarte flek skieden, dy't oars as by de grutte eksterspjocht net trochrin oant yn 'e nekke.
Beide geslachten hawwe in reade kap op de kop. By opwining of fersteuring wurde dy reade kopfearren opset. Op 'e achterholle hat it mantsje meastentiids in dúdlike grins tusken it read fan 'e kop en it swart yn 'e nekke. It wyfke hat wat minder felread op 'e kop as it mantsje. De oergong tusken it read en it swart op 'e achterholle is somtiden dizich en hat soms ek gielige of brunige tinten. Bûten dat ferskil, dat der net aliten is en yn it fjild dreech is te sjen, bestiet er gjin seksuële dimorfy. Dêrmei is de eksterspjocht oars as de measte oare spjochtesoarten.
De jonge fûgels binne skierder en minder kontrastryk fan kleur. De reade kape is minder gleon, it gesicht is grizer, de iris is griis of brún en de fleugels hawwe in brune tint.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten fan 'e eksterspjocht bestiet fral út ynsekten, larven en spinnen. Dat binnen dan fral bledluzen en ferskillende soarten mychammels dy't yn beammen libje. Dêrnjonken yt de eksterspjocht krobben, skildluzen, rûpoen, langpoaten, neefkes, miggen en krobben. Houtwjirm en oare larven yn it hout wurde hast net iten.
De eksterspjocht yt folle minder plantaardich as de grutte eksterspjocht. Yn 'e maitiid mei er graach beamsop, benammen fan 'e linebeammen. Hy hakt foar dat doel sels de gatten yn 'e bast of siket nei gatten dy't troch oare spjochten makke binne. Yn juny en july binne kersen en oare fruchten in wichtige oanfolling op syn iten. Dy wurde ek oan 'e jonge spjochten fuorre. Yn 'e hjerst en de winter yt er bytiden nuten, ikels en sied fan konifearen, Dat sied wit er te besetten troch de kegelfrucht tusken tûken fêst te setten en it sied der dêrnei út te pikken. Winterdeis ferlit er syn territoarium en bringt er ek oan tunen mei fuortafels in besite.
De eksterspjocht foerazjeart yn 'e hegere beamlagen en hat in foarkar foar beammen mei in wrede, ûnregelmjittige bast, lykas ikebeammen. Ek fangt er wol ynsekten wylst er fleant. De eksterspjocht hakt net in soad yn 't hout en siket syn iten selden op 'e grûn.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ein jannewaris of begjin febrewaris set it mantsje fan 'e eksterspjocht útein mei syn typyske territoariumrop om in wyfke te lokken. Yn maart docht er dat hieltiten faker en as in wyfke ynteresse hat, makket er mear leven, set er de kopfearren op en lit er in opfallende baltsflecht sjen. Dêrnei lit er it wyfke de nêstholte sjen, troch njonken de yngong op de bast te hammerjen. As it wyfke alles nei 't sin is, biedt hja har oan en folget de kopulaasje. De peartiid hinget ôf fan 'e geografyske lokaasje. Yn Sintraal-Europa en de Benelúks wurdt der foar it earst yn febrewaris jûtst mei in pyk yn maart.
Yn 'e briedtiid binne de mantsjes en de wyfkes meastentiids monogaam. Tusken mantsjes bestiet der in soad kompetysje en agressyf hâlden en dragen. De striid bliuwt ek trochgean as der pearkes foarme binne. Nei de briedtiid wurdt de bân tusken it mantsje en it wyfke losser, mar in soad eksterspjochten fernije de bân letter op 'e nij as it wer oan it brieden ta is.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst wurdt yn in beam of dikke tûke fan in leafbeam úthakt, leafst yn sêfte houtsoarten. De eksterspjocht kiest popelierebeammen, wylgen of elzebeammen, mar ek dea hout. Noch foardat der in pearke foarme is, hat it mantsje al dwaande west mei de bou fan in nêst. Dêrnei helpt it wyfke om it nêst fierder út te hakken, al bliuwt dat fral manljuswurk. Yn 'e regel is it nêst yn twa oant fjouwer wiken klear. Yn guon gefallen briedt de eksterspjocht yn in twaddehâns nêst.
De eksterspjocht hat as eigenaardige gewoante om de tagong fan it nêst ûnder in ôfdakje te meitsjen. Dat kin in oanhechting fan in grutte tûke wêze of in echte tonderswam. It fleangat is rûn en hat in trochsnit fan 34 mm, wylst it nêst 12 sm breed is en in djipte tusken de 20 en 35 sm hat. De nêsten lizze op in hichte fan fiif oant 10 meter mei útsjitters nei 20 m boppe de grûn. Yn 'e regel lizze de nêsten fan eksterspjochten heger as dy fan de grutte eksterspjochten.
Der wurde fiif oant seis glânzgjende, suver wite aaien lein. Beide âlders briede; it mantsje nachts en it wyfke oerdeis. Nei 11 oant 14 dagen komme de aaien út. De âlders fuorje de jongen beide, ynearsten fral mei bledluzen. Ek it nêst wurdt troch beide skjinholden. Nei 20 oant 26 dagen fleane de jongen út.
It briedsukses by de eksterspjocht is net in soad ûndersocht. By in fjildûndersyk yn it noarden fan Switserlân ûnder 35 pearkes die bliken dat der gemiddeld 2,3 jongen it nêst útfleagen. By in stúdzje yn it súdwesten fan Ruslân lei it tal útfleanende fûgels mei 5,2 folle heger. Mooglik spilet it kâlde klimaat dêr in rol yn. As in lechsel ferlern giet, folget der in twadde lechsel, mar oars bliuwt it yn 'e regel by ien lechsel.
Nei it útfleanen wurde de jonge fûgels yn twa groepen ferdield. Elke groep wurdt dan noch acht oant alve dagen troch ien fan 'e âlders fuorre. Oan it ein fan it earste jier wurde de fûgels geslachtsryp.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eksterspjocht libbet yn in grut part fan Europa en it súdwesten fan Aazje. De fûgel komt net foar op de Britske Eilannen en Skandinaavje en likemin yn Portegal, grutte dielen fan Spanje en Itaalje.
Oant 1996 wie de eksterspjocht in seldsume ferskining yn Nederlân. Der wiene net in soad briedgefallen bekend en dy datearren fral út de jierren 1960 yn Twente. De fûgel kaam lykwols net fier fan Nederlân foar yn Nedersaksen, Noardryn-Westfalen en it súdeasten fan Belgje. Yn 1996 waard der wer foar it earst wer bret yn Nederlân en dêrnei namen de oantallen yn ús lân foars ta. Ynearsten briede de fûgel lokaal yn it easten mar de soarte ûntduts ek de rest fan it lân en hjoed-de-dei is de fûgel ek yn Fryslân in briedfûgel. Ek yn Belgje en yn Dútslân is der sprake fan útwreiding fan it ferspriedingsgebiet. De fûgel liket te profitearjen fan 'e âlder wurdende bosken en it net mear opromjen fan deade of stjerrende beammen yn 'e bosk.
It tal pearkes yn Nederlân fan 'e eksterspjocht waard troch SOVON yn 2020-2022 op 1900-2400 rûsd. Njonken Nederlân en Belgje wurdt der ek yn Wyt-Ruslân en Switserlân in opfallende taname fan it tal fûgels waarnommen.
De totale popelaasje waard yn 2015 op 600.000 oant 1.400.000 folwoeksen fûgels rûsd. It grutste part dêrfan libbet yn Europa, oant sa'n 1.360.000 fûgels. De popelaasje en it ferspriedingsgebiet wurdt grutter en de fûgels is dêrom as net bedrige op 'e Reade list fan IUCN opnommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Mittelspecht (ferzje fan 28 desimber 2023)
|
- Fûgelsoarte
- Spjochteftige
- Spjocht
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Syrje