Springe nei ynhâld

Afrikaanske dwerchspjocht

Ut Wikipedy
Afrikaanske dwerchspjocht
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai Afrikaanske dwerchspjochten
   (Verreauxia) Hartlaub, 1856
soarte
Verreauxia africana
Verreaux & Verreaux, 1855
IUCN-status: net bedrige

De Afrikaanske dwerchspjocht (Verreauxia africana) is in fûgel út de famylje fan 'e spjochten (Picidae).

Yn it ferline waard de fûgel ta it skaai Sasia rekkene en guon dogge dat noch. De bruorren Jules en Édouard Verreaux beskreane de fûgel yn 1855 as Sasia africana oan 'e hân fan in eksimplaar út Gabon, West-Afrika. In jier letter sette de Dútske ornitolooch Gustav Hartlaub de fûgel yn it monotypyske skaai Verreauxia. Dat krige doe net in soad neifolging, mar molekulêr DNA-ûndersyk liet yn 2017 sjen dat it setten yn in apart skaai te ferdigenjen wie, sadat it fûgeltsje jimmeroan faker yn it aparte skaai Verreauxia set wurdt. Der binne gjin ûndersoarten fan erkend.

De dwerchspjocht is in knobsk fûgeltsje fan 9 oant 10 sm mei in koart sturtsje. It boppebealchje fan it fûgeltsje is oliifgrien mei wat giel. De fleugels en de sturt binne oliifkleurich en brún. De kiel en it boarst binne griis, de búk wat ljochter griis. Om it each is de hûd read en hat de fûgel gjin fearkes en boppe it read om it eachje rint in wyt streekje. Ek de poatsjes binne readeftich. De dwerchspjocht hat in swarte snaffel. Jonge fûgels binne net safolle oars, der sitte allinne mear grize en okerkleurige tinten yn it fearrekleed.

De fûgel siket syn iten yn strûken en tichte begroeiing en yn de legere dielen fan beammen. Mei syn snaffel wit er skuorren te meitsjen yn it hout om by keverlarven te kommen. Hy yt ek ynsekten, mar liket net sljocht te wêzen op mychammels.

Tusken juny en febrewaris wurdt der bret en it nêst fan 'e Afrikaanske dwerchspjocht is maksimaal fiif meter fan 'e grûn. Der wurde twa aaikes lein en beide âlders bringe de jonge fûgels grut.

De fûgel libbet yn Gana, Ivoarkust, Nigearia, Angoala, Kameroen, de Sintraal-Afrikaanske Republyk, de Republyk Kongo, de Demokratyske Republyk Kongo, Ekwatoriaal-Guinee, Gabon en Uganda.[1] De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en is lokaal algemien.

De Afrikaanske dwerchspjocht libbet yn sekundêr bosk yn leechlân. It is in warber fûgeltsje, dat faak yn pearkes fan it iene nei it oare plak fleant en him somtiden by oare groepen fûgels foeget.

De soarte is lokaal algemien yn in grut ferspriedingsgebiet en wurdt dêrom troch de IUCN as net bedrige kategorisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:African piculet (ferzje fan 27 desimber 2023)