Gana

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Republic of Ghana
Flagge fan Gana Wapen fan Gana
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gana
Offisjele taal Ingelsk, Frânsk
Haadstêd Akkra
Steatsfoarm konstitusjonele demokrasy
Gebiet
% wetter
km²
1,0­%
Ynwenners
Munt cedi (GHS)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 6 maart
Lânkoade GHA
Ynternet .gh
Tillefoan 233

Gana is in lân yn it westen fan Afrika. De haadstêd is Akkra.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lizzing[bewurkje seksje | edit source]

Gana wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

Strânkust yn Gana

Yn it suden oan de Golf fan Guinee hat Gana in 535 km lange natuerlike kust dy't troch lagunes slim tagonklik is. Dêrefter lizze greiden dy't oergean yn tropysk reinwâld, dy't it Ashangtyheechlân bedekke. Yn de eastlike fochtige savanne leit yn de Folta in opslachmar. It klimaat is tropysk.

De noch meastentiids goed bewarre bleaune forten fan de Westyndyske Kompanjy binne wichtige toeristyske trekpleisters.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It Ashanty hienen eartiids yn Gana in grut ryk dat har fierder útwreide oant de kust troch de rûnom wenjende buorfolken te ûnderwerpen. Mei de Portegezen hannelen de Ashantys al sûnt de 15e ieu yn slaven. Yn 1850 ûnderwurpen de Britten it lân en stifte de koloanje Goudkust.

Yn 1957 waard it lân ûnôfhinklik mei Kwame Nkrumah as earste presidint en profitearre ynearsten fan har rike boaiemskatten, oant de ekonomyske krisis nei 1966.

De nije grûnwet fan 1993 moat it proses fan demokratisearring mear faasje jaan mei in mearpartijensysteem.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Neffens de folkstelling fan 2000 heart 45,3% fan de befolking ta de Akan, dêr't û.o. ek de Ashanty en de Fante by hearre. Fierders heart 15,2% ta de Mole-Dagbon, 11,7% ta de Ewe, 7,3% ta de Ga-Dangme, 4% ta de Guan, 3,6% ta de Gurma, 2.6% ta de Grusy en 1% ta de Mande-Busanga.[1]

Talen[bewurkje seksje | edit source]

It Ingelsk is de offisjele taal, mar dêrnjonken bestien der in protte lânseigen talen. Alle talen hearre ta de Niger-Congotalenkloft. Yn it noarden wurde fral Gurtalen lykas Dagbany en Frafra praat en yn it suden benammen Kwatalen lykas Twy of Akan, Kyerepon (Cherepon), Ewe en Ga.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

De grutste godstsjinst fan Gana is it Kristendom dêr't sa'n 70% fan de befolking ta rekkene wurdt. De Islam komt op it twadde plak mei 16% en it restant bestiet út tradisjonele Afrikaanske natoerreligys.

Fuotnoat[bewurkje seksje | edit source]

  1. CIA World Factbook: Ghana, people