Sebradwerchspjocht

Ut Wikipedy
Sebradwerchspjocht

Mantsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai Amerikaanske dwerchspjochten (Picumnus)
soarte
Picumnus cirratus
Temminck, 1821
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De sebradwerchspjocht (Picumnus cirratus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wyfke.

Wyfkes en mantsjes binne hast allyk en hawwe alletwa brúngrize fearkes, in swart kopke mei wite stipkes en op it búkje in sebrapatroan, it mantsje hat lykwols read op 'e foarholle. It boppebealchje is brún, somtiden mei skiere donkere streken, de slachpinnen binne donkerbrún mei skierwite rânen oan 'e sekundêre fearren en de skermfearren. De sebradwerchspjocht hat in koart, donkerbrún sturtsje. Hy is 10 sm lang en it gewicht is 6,3 oant 12 gr.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten bestiet út mychammels en larven. De fûgeltsjes boarje gatten yn it hout en yt somtiden ek fan it sop dat út 'e beam rint. Hja sykje harren iten yn 'e leechhingjende tûken yn klimplanten en bamboeboskjes. Oars as oare spjochten stypje se net op harren sturt by it beklimmen fan in beamstamme.

Fersprieding en biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sebradwerchspjocht is in stânfûgel yn it noarden en midden fan Súd-Amerika yn boskrânen, ljochte bosken, strewellen en op savannes. De soarte hat seis ûndersoarten:

Picumnus cirratus yn Paraguay

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is grut, mar tebroazele. De kâns op útstjerren wurdt lykwols mar lyts ynskat. Hoefolle fûgels der likernôch binne is net bekend en lokaal komt de fûgel noch algemien foar, mar de oantallen rinne tebek. De tebekgong is lykwols ûnder de 30% yn tsjien jier (minder as 3,5% it jier) en dêrom stiet de sebradwerchspjocht op de Reade list fan 'e IUCN as net-bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: