Fjord

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Sognefjord yn Noarwegen.

In fjord is in lange, smelle ynham mei steile hellings. Meastal ûntstiet in fjord troch gletsjers dy’t de boel útsliten hawwe. Benammen Noarwegen is ferneamd om syn fjorden.

Untstean[bewurkje seksje | edit source]

In kaart fan de kust fan Noarwegen wêrop de fjorden goed te sjen binne.

Karakteristyk foar fjorden binne de bercheftige kusten mei djippe ynsnijings en steile hellings, dy’t har ek ûnder wetter trochsette. De fjorden hawwe faak U-foarmige delten, ûntstien troch it útskuorjen fan lâniis mei de iistiden. In protte fjorden binne ûntstien yn de lêste iistiid. Yn dy tiid wie Skandinaavje mei in dik pak lâniis en gletsjers bedekt.

In protte fjorden binne oan de mûning minder djip as fierder it lân yn. Dit komt troch de morenen dy’t in gletsjer efterliet by it kontakt mei it waarmere wetter. Dizze ferheging, yn it Noarsk in fjordterskel (fjorddrompel) neamd, soarget derfoar dat it wetter yn in fjord him rêstiger hâld as de iepen see dêrbûten. Hjirtroch binne in protte fjorden natuerlike havens. In gefolch fan dizze fjorddrompel is al dat it ferfarskjen fan it wetter opkeard wurdt, wêrtroch't fersmoarge wetter lang yn in fjord bliuwe kin. In oar gefolch is dat it wetter yn in fjord simmerdeis, as der in protte reinwetter ôffierd wurdt, oan it oerflak meastal swieter is, wylst it djipperwei sâlt is. Yn de winter is it wetter oeral like sâlt.

In foarbyld fan in djippe fjord is de Sognefjord yn Noarwegen, dizze komt wol 1.300 ûnder de seespegel.

Oare fjordtypen[bewurkje seksje | edit source]

Fjorden, yn de hjoeddeiske betsjutting, binne spjalten dy’t útsliten binne troch in gletsjer. Benammen yn it Ingelsk is it wurdt fierder beheind ta wetters omklamme troch hege, steile hellings. Dizze omskriuwings slute in tal wetters út dy't earder al de namme fan fjord krigen hawwe, mar no net ûnder de omskriuwing omskriuwing te krijen binne.

Falske fjorden[bewurkje seksje | edit source]

De fjorden yn it noarden fan Noarwegen binne net troch heech lân útsliten, en wurde dêrom yn it Ingelsk net as fjorden beskôge. Hjirfoar is dan de term falske fjorden betocht.

Swietwetterfjorden[bewurkje seksje | edit source]

Yn Noarwegen wurde guon marren dy’t foarme binne troch lange gletsjerdelten dêr’t morenen de útgong blokkearre wurde ek fjord neamd de Tyrifjord en de Randsfjord. Bûten Noarwegen wurde de trije westlike earms fan Lake Te Anau yn Nij-Seelân Noard Fiord, Middel Fiord en Súd Fiord neamd. In oare swietwetterfjord is Baie Fin, yn Lake Huron yn Ontario. Ek yn it noarden fan Itaalje en it suden fan Switserlân binne lokaasjes dy’t de namme fjord hawwe. Dat is yn de omkriten fan it Komomar.

Oare fjorden[bewurkje seksje | edit source]

Yn Noarwegen wurdt de âlde betsjutting fan de namme noch brûkt by in smel sydstik fan in mar dat yn in grutter mar útkomt. Sa komt de Furnesfjord út yn de Mjøsemar. Lyksa wurde yn Denemark tal fan ynhammen yn de kustline "fjord" neamd, om it even hoe't dy ûntstean binne bygelyks de Roskildefjord yn it noarden fan it eilân Sjellân, de Ringkøbing Fjord yn it westen fan Jutlân en de Limfjord yn it noarden fan Jutlân.

Ek de Lim Fjord yn Kroaasje is eins gjin fjord, mar in ria dy’t útsliten is troch de rivier de Pazinčica. De Baai fan Kotor yn Montenegro wurdt ek wol in fjord neamd, mar yn werklikheid is it in rivier spjalt dy’t ûnder wetter rûn is.

Yn Akapûlco yn Meksiko wurde de ynhammen westlik fan de stêd yn it toeristeblêd fan de stêd ek fjorden neamd.

Biology[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2000 waard in oantal fan de grutste koraalriffen op ‘e wrâld ûntdutsen yn Noarske fjorden. It libben hjir wurdt sjoen as in oarsaak foar de bêste fiskgrûnen lâns de Noarske kust. Der is op dit stuit noch net folle ûndersyk nei dien. Oant no hat de ienige besiker fan it earste koraalrif de djipseedûker west dy’t it rif fûn hat, hy is der noch mar trije kear hinne west. Tûzenen ferskate libbenfoarmen waarden hjir fûn (bygelyks plankton, koraal, anemoanen, fisk en ferskate haaiensoarten). De measte fan dizze soarten binne oan it libben yn it totale tsjuster fan de djippe see en de grutte druk fan de djipte oanpast.

Yn de fjorden fan Nij-Seelân kinne ek djipseekoralen fûn wurde, op minder grutte djipte dan oars. Dit is mooglik troch in tige tsjustere laach swiet oerflakwetter. Yn Milford Sound is in observatoarium ûnder seenivo oanlein dy’t it mooglik makket om dizze koralen te sjen sûnder te dûken.

Foto fan de Hardangerfjord.

Etymology[bewurkje seksje | edit source]

It wurd fjord komt fan it Aldnoarske wurd fjörðr, fan it Noard-Germaanske ferthuz, fan it Proto-Indo-Jeropees prtus, fan *por- ‘gang, trochgang’. It wurd is etymologysk ferbûn mei wurden as it Ingelske firth en ford (yn Oksford), it Dútske furt (yn Frankfurt) en it Fryske furde (Sânfurd). Yn dizze betsjutting is it in stee dêr't ferkear mûglik is. Dêr't it yn "furde" de betsjutting fan ferkear it wetter oer krijt, hat it yn "fjord" mear de betsjutting fan ferkear oer it wetter.

Lokaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Fjorden wurde fûn yn Jeropa lâns de kusten fan it noardlike part fan de Atlantyske Oseaan, yn Noarwegen, Skotlân, Kanada, Yslân, Ierlân, de Faeröer en Grienlân. Fierders oan de Eastseekust fan Dútslân. Dêrneist hawwe Kanada en Ruslân oan de noardkante ek fjorden. Yn Montenegro is ek in fjord, yn de Baai fan Kotor; it is de súdlikste fjord fan Jeropa.

Om de Stille Oseaan hinne binne fjorden te finen yn Britsk-Kolombia (Kanada), Alaska (Feriene Steaten), Fjoerlân (Sily) en it súdwesten fan Nij-Seelân. Dêrneist binne der fjorden yn parten fan Antarktika, sawol op it fêstlân, op it Antarktysk Skiereilân as oan de kusten fan eilannen. Ek yn Tasmaanje (Austraalje) binne fjorden.

Atlantyske Oseaan[bewurkje seksje | edit source]

Eijafjord yn Yslân.
De Tufjord yn Noarwegen.
De Geirangerfjord yn Noarwegen.

Stille Oceaan[bewurkje seksje | edit source]

  • Alaska (Feriene Steaten)
    • Súd- en westkust
De Doubtful Sound yn Nij-Seelân.

Ekstremen[bewurkje seksje | edit source]

De langste fjorden fan de wrâld binne:

  1. Scoresby Sund yn Grienlân – 350 kilometer
  2. Sognefjord yn Noarwegen – 203 kilometer
  3. Limfjord yn Denemark – 180 kilometer
  4. Hardangerfjord yn Noarwegen – 179 kilometer
Satelytbyld fan it Sognefjord yn Noarwegen. Sawol yn de lingte as mei de djipte it twadde fjord fan de wrâld.

De djipste fjorden binne

  1. Skelton Inlet yn Antarktika – 1933 meter
  2. Sognefjord yn Noarwegen - 1308 meter
  3. Messier Kanaal yn Sjili – 1288 meter

Noch djipper is de Vanderforddelte, mei 2287 meter. Dizze is ûntstien troch de Vanderfordgletsjer. Dizze ûnderseeske delte leit lykwols net oan lân, wurdt dêrom ornaris net as in fjord beskôge.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]