Lytse reade wrotmûs
lytse reade wrotmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Clethrionomys rutilus | ||||||||||||
Pallas, 1779 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De lytse reade wrotmûs (wittenskiplike namme: Clethrionomys rutilus, foarh. Myodes rutilus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e reade wrotmûzen (Clethrionomys), dat foarkomt yn noardlik Skandinaavje en noardlik Jeropeesk Ruslân, frijwol hiel Sibearje, dielen fan Kazachstan, Mongoalje en Mantsjoerije, op it Japanske eilân Hokkaido, yn hast hiel Alaska en yn noardwestlike dielen fan Kanada (de Yukon, de Noardwestlike Territoaria en Nûnavût).
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse reade wrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-11 sm, mei in sturtlingte fan 2⅓-3½ sm en in gewicht fan 15-40 g. It koarte sturtsje hat lange boarstelhierren oan 'e punt. De rêch is roastbrún fan kleur, wylst de fangen en de bealch ljochtbrunich binne. De koarte earkes binne sichtber troch de tsjûke pels hinne.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lytse reade wrotmûzen libje yn in biotoop dat útinoar rint fan 'e nullewâld oant strewelleguod. Ek komme se foar op 'e toendra, en soms yn rotseftich gebiet en op berchskeanten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse reade wrotmûs is ornaris nachts warber. Hy leit paden oan troch boaiemfegetaasje, mar kin ek goed klimme en bringt yn wâlden in oansjenlik diel fan syn tiid yn strûken en beammen troch. Hy makket syn nêst yn in ûndjippe ûndergrûnske hoale of ûnder de iene of oare beskutting, lykas in rots of in beamwoartel. Lytse reade wrotmûzen hâlde gjin wintersliep en grave winterdeis tunnels troch de snie. De winternêsten besteane yn 'e regel út boppegrûnske bêden fan moas, dêr't se beskerme wurde tsjin rôfdieren troch it sniedek. It gefaarlikst foar lytse reade wrotmûzen binne de Amerikaanske marter, de foks, de poalfoks, de harmeling, de snie-ûle en de prêrjewolf.
De peartiid duorret by de lytse reade wrotmûs ornaris fan maaie oant augustus. De wyfkes bringe 2-3 kear jiers nei in draachtiid fan 17-20 dagen in nêst fan 1-11 (almeast 4-9) jongen te wrâld, dy't ôfwûn wurde en selsstannich libje kinne nei 17-21 dagen. Under normale omstannichheden binne wyfkes mei 4 moanne geslachtsryp. As de populaasjetichtheid heech is, kin dat lykwols it geslachtsryp wurden fan 'e wyfkes fertraagje. Ut ûndersyk hat bliken dien dat 20% fan 'e jongen har itselde jiers noch fuortplantsje.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lytse reade wrotmûzen frette fral de blêden, knoppen, twigen en beien fan in ferskaat oan strewelleplanten. Fierders steane ek beskate skimmels, moas- en koarstmoassoarten en út en troch ynsekten op it menu. Beien wurde fral hjerstmis en winterdeis lytsman makke, wylst moas en koarstmoas benammen oan it begjin fan 'e simmer iten wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Reade wrotmûs
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sweden