United States Forest Service

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
United States Forest Service
flagge embleem
Flag of the United States Forest Service.svg Logo of the United States Forest Service.svg
algemiene gegevens
namme folút United States Forest Service
("Amerikaanske Wâldetsjinst")
ôfkoarting USFS
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
haadkertier Washington, D.C.
oprjochte 1905
falt ûnder Ministearje fan Lânbou
doel behear fan nasjonale wâlden
   en nasjonale gerslannen
sifers
wurknimmers 35.000 (2016)
jierliks budget $5,8 miljard(2008)
oar
webside www.fs.fed.us

De United States Forest Service (letterlik: "Amerikaanske Wâldetsjinst"), ornaris ôfkoarte ta USFS of de Forest Service, is in ynstânsje fan 'e oerheid fan 'e Feriene Steaten dy't ressortearreet ûnder it Ministearje fan Lânbou. Dit buro, wêrfan't it haadkantoar fêstige is yn Washington, D.C., beheart beskate natoergebieten yn 'e Feriene Steaten, te witten de nasjonale wâlden en de nasjonale gerslannen. Anno 2018 wie dêr in oerflak fan 780.000 km² mei muoid, oftewol 25% fan al it grûngebiet dat de Amerikaanske federale oerheid yn eigendom hat. De USFS is de iennichste lânbehearienheid fan 'e Amerikaanske federale oerheid dy't net ûnder it Ministearje fan Binnenlânske Saken falt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It idee foar de oprjochting fan nasjonale wâlden ûntstie al yn 1875 yn it fermidden fan 'e Boone and Crockett Club, de feriening foar natoerbeskerming dy't oprjochte waard troch (de lettere presidint) Theodore Roosevelt en in tal lykstimden. Yn 1876 rôp it Amerikaanske Kongres in buro yn it libben fan in 'spesjaal agint', dat de tastân fan 'e wâlden yn 'e Feriene Steaten yn kaart bringe moast. Dat buro waard yndield by it Ministearje fan Lânbou. De earste spesjaal agint wie Franklin B. Hough.

Yn 1881 waard it buro fan 'e spesjaal agint útwreide en omneamd ta de Difyzje fan Houtfêsterij. Troch de Wet op de Wâldreservaten fan 1891 waard it mooglik om grûngebiet oan it publyk domein te ûntlûken troch der wâldreservaten fan te meitsjen, dy't ûnder tafersjoch kamen fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken. Yn 1901 waard de Difyzje fan Houtfêsterij omneamd ta it Buro fan Houtfêsterij, en yn 1905, ûnder it presidintskip fan Roosevelt, waard it tafersjoch oer de wâldreservaten oerdroegen oan dat buro, dat dêrfoar alhiel reorganisearre waard en doe de namme krige fan 'e United States Forest Service ("Amerikaanske Wâldetsjinst"). De earste opperhoutfêster, dy't lieding joech oan 'e nije oerheidsynstânsje, wie Gifford Pinchot.

Yn febrewaris 2009 waard troch it Government Accountability Office ûndersocht oft de USFS net better oerhevele wurde koe fan it Ministearje fan Lânbou nei it Ministearje fan Binnenlânske Saken, dat al ferskate soartgelikense tsjinsten hie, wêrûnder de National Park Service, de Fish and Wildlife Service en it Buro fan Lânbehear. Der waard besletten om it spul te litten sa't it wie.

Doelen en aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doel fan 'e USFS is om 'e nasjonale wâlden en nasjonale gerslannen te behearen en beskermjen, en om 'e sûnens, biodiversiteit en produktiviteit fan dy natoergebieten te garandearjen, net inkeld no, mar ek op 'e langere termyn. It ekploitearjen fan helpboarnen, it beskermjen fan helpboarnen en it bieden fan rekreaasje binne de trije pylders fan it aldendeiske wurk fan 'e USFS. Anno 2018 wiene der yn 'e Feriene Steaten 154 nasjonale wâlden en 20 nasjonale gerslannen yn 44 fan 'e 50 Amerikaanske steaten, mar ek yn Porto Riko en op 'e Amerikaanske Famme-eilannen. Sûnt 1978 hat de USFS fierders ek de nasjonale monuminten op 'e noed ynsafier't dy yn besteande nasjonale wâlden of nasjonale gerslannen lizze. Dêrnjonken falt ek it Nasjonaalhistoarysk Plak Grey Towers, yn Milford (Pennsylvania), ûnder it behear fan 'e USFS, mei't dat de wente wie fan 'e earste opperhoutfêster, Gifford Pinchot.

Smokey Bear mei syn bekende slogan, dy't yn 'e Feriene Steaten sa bekend is, dat er op dizze poster net iens mear ôfmakke is.

Mei-inoar beslane al dy gebieten 780.000 km². Dat komt del op 25% fan al it grûngebiet dat de Amerikaanske federale oerheid yn eigendom hat of 9% fan it hiele oerflak fan 'e Feriene Steaten. (Ta ferliking: it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken draacht soarch foar likernôch 1.770.000.000 km² federaal lân.) Fan it gebiet dat op 'e noed is fan 'e USFS beslacht 240.000 km² kontrei dêr't alhiel gjin wegen besteane. Fierders binne der 14.077 rekreaasjegebieten, 230.693 km oan paden dy't allinnich te foet of te pearde begeanber binne en 603.316 km oan wegen (lang net altyd ferhurde) dy't tagonklik binne foar motorisearre ferkear. Der wurde troch de USFS op jierbasis 1,5 miljard beammen kappe. Under it behearen fan al dat lân falt ek it foarkommen en blussen fan boskbrannen. Dêrta omfiemet de USFS in tige grutte eigen brânwacht, dy't û.m. tarist is mei blusfleantugen en -helikopters. Yn 2007 moast 12.120 km² brân blust wurde.

De fokus op it blussen fan brân giet werom oant de Twadde Wrâldoarloch, doe't der fanwegen de oarlochsynset net in protte mankrêft en materieel beskikber wie om sokke putten te klearjen. Dêrom kaam de USFS yn augustus 1944 mei in foarljochtingskampanje oer it foarkommen fan boskbrannen, dêr't in Amerikaanske swarte bear mei in houtfêstershoed op foar brûkt waard. De bear, dy't letter de namme Smokey Bear krije soe, wiisde nei de taskôger, en krige de tekst yn 'e mûle lein: "Only YOU can prevent forest fires" ("Allinne JO kinne boskbrannen foarkomme"). De kampanje wie in grut súkses en waard letter fuortset op 'e tillefyzje. Smokey soe tsientallen jierren lang de 'wurdfierbear' fan 'e USFS bliuwe.

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USFS hie yn 2016 sa'n 35.000 wurknimmers. Yn 2008 wiene der 28.330 permaninte wurknimmers en 4.488 dy't inkeld foar it simmerhealjier oannommen waarden. Yn 2009 wiene der 34.250 wurknimmers yn 750 lokaasjes, wêrûnder 10.050 brânwachtslju, 737 plysjes en 500 wittenskippers. It budget fan 'e USFS bedroech yn 2008 $5.806.000.000. Yn 2009 waard fan it budget 42% útjûn oan it bestriden fan brannen. It haadkantoar fan 'e USFS is fêstige yn Sidney Yates Building, oan 1400 Independence Avenue South West, yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.

In patrûlje te pearde fan 'e Law Enforcement & Investigations Unit.

De struktuer fan 'e USFS is opboud út mear 600 saneamde ranger-distrikten. Elts distrikt hat in stêf fan 10 oant 100 wurknimmers en stiet ûnder lieding fan in saneamde forest ranger. Dat is in beämte dy't ferantwurding skuldich is oan 'e tafersjochhâlder oer in nasjonaal wâld of nasjonaal gerslân. Ranger-distrikten ferskille yn grutte al neigeraden de omstannichheden, en kinne útinoar rinne fan 200 km² oant mear as 4.000 km². It measte wurk dat de USFS docht, bart fia de stêf fan 'e ranger-distrikten, lykas de oanlis en it ûnderhâld fan paden en wegen, it iepenstellen, runnen en sluten fan kampearterreinen, it oanwizen fan beammen dy't kappe wurde kinne en it yn algemiene sin tafersjoch hâlden op floara en fauna.

Ien fan 'e wichtichste ôfdielings fan 'e USFS is de United States Forest Service Law Enforcement & Investigations Unit (LEI), in federale plysjetsjinst mei in haadkantoar yn Washington, D.C. Dizze tsjinst hat foech om streupen en yllegale houtkap yn 'e nasjonale wâlden en nasjonale gerslannen te ûndersykjen en der minsken foar op te pakken, en ek foar alle oare misdieden dy't op 'e gerjochtichheid fan 'e USFS begien wurde tsjin sawol wurknimmers as besikers. De ôfdieling is opdield yn in ienheid op it mêd fan law enforcement (wetshanthavening), besteande út in uniformearre tsjinst dy't sichtber patrûljearret, en in ienheid dy't him taleit op investigations (ûndersyk) nei misdriuwen en bestiet út spesjale aginten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.