Springe nei ynhâld

Kanadeeske bever

Ut Wikipedy
Kanadeeske bever
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje bevereftigen (Castoridae)
skaai bevers (Castor)
soarte
Castor canadensis
Kuhl, 1820
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Lânseigen fersprieding yn Noard-Amearika.
Wrâldwide fersprieding fan 'e Kanadeeske bever:
     lânseigen fersprieding
     troch de minske yntrodusearre as eksoat

De Kanadeeske bever (Latynske namme: Castor canadensis), inkeld ek wol de Noardamerikaanske bever neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e bevereftigen (Castoridae) en it skaai fan 'e bevers (Castor), dat nau besibbe is oan 'e Jeraziatyske bever (Castor fiber), de iennichste oare libbene beversoarte. De Kanadeeske bever is lânseigen is yn Noard-Amearika, mar libbet no ek yn dielen fan Jeropa en Súd-Amearika. Yn 'e Benelúks komt er lykwols net foar. Men is fan tinken dat de Kanadeeske bever ôfstammet fan 'e Jeraziatyske bever, en Noard-Amearika fia de Beringstrjitte berikt hawwe moat. De ierste fossilen fan bevers yn Noard-Amearika, dy't yn Oregon fûn binne, datearje fan 7 miljoen jier tebek. De Kanadeeske bever is ien fan 'e nasjonale symboalen (it nasjonale sûchdier) fan Kanada.

Lânseigen fersprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kanadeeske bever is lânseigen yn hast hiel Noard-Amearika, útsein Floarida, de drûgere dielen fan Nij-Meksiko, Arizona, Nevada en Kalifornje, en it Arktyske noarden fan Kanada en Alaska. Yn it suden fan syn ferspriedingsgebiet komt er oant yn Meksiko foar. Hy is drok dwaande om dielen fan syn areaal dêr't er yn it ferline útrûge is, op 'e nij te kolonisearjen, en skrillet dêrby net tebek om him yn grutte stêden te weagjen. Sa kearde er yn 2007 foar it earst yn mear as twahûndert jier werom yn New York, dêr't er him nei wenjen sette yn 'e rivier de Bronx.

Yn Chicago waard yn maart 2009 in bevergesin fongen yn it Lincoln Park om fier bûten de stêd wer loslitten te wurden, mei't it stedsbestjoer yn noed siet oer de beammen yn it park. Dêr kaam grutte krityk op, net inkeld om't it wyfke by fersin deade waard by it fangen, mar ek om't Lincoln Park yn 1994, 2003, 2004 en 2008 al earder troch bevers kolonisearre wie, en de bisten har dus net ôfskrikke litte. Tsjinstanners fan 'e aksje fan it stedsbestjoer hiene hiel wat wille doe't der yn 'e hjerst fan 2009 alwer in nije beverboarch yn 'e fiver fan Lincoln Park ferriisde.

In byldhouwurk fan in bever boppe de haadyngong fan it Kanadeeske Parlemint.

Yn Martinez, in foarstêd fan San Fransisko, arrivearre it earste pearke bevers yn 2006 yn 'e Alhambra Creek, dêr't se in daam bouden fan krapoan 10 m breed, dy't op in stuit mear as 1.80 m heech wie. Om dy oan te lizzen, gnauwen se de helte fan 'e wylgen en oar beamkeguod om dat yn 1999 foar $9,7 miljoen oan 'e streamsigge oanplante wie. It stedsbestjoer woe de bevers derwei helje, mar seach dêrfan ôf doe't bliek dat dêr ûnder de befolking gjin draachflak foar bestie. Mei't it fernielen fan 'e beverdaam gjin sin hie (want de bevers giene fuort oan it reparearjen) waard der úteinlik in streamtastel of beaver deceiver ("beverbedrager") yn 'e daam pleatst, dat ûnder it wetteroerflak wetter trochliet, sadat it wetterpeil yn 'e beverpoel net te heech komme koe te stean. Underwilens hawwe de bevers, dy't dêr no beskerme binne, de Alhambra Creek feroare fan in streamke fan neat yn in opienfolging fan fivers en dammen, wat laat hat ta de weromkear yn dy krite fan 'e reinbôgeforel en rivierotter yn 2008 en de Amerikaanske nerts yn 2009.

Fersprieding as eksoat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Finlân, dêr't de (Jeraziatyske) bever yn 'e njoggentjinde iuw útstoarn wie, waarden yn 1937 bevers út Noard-Amearika útset yn it wyld yn it ramt fan in reyntroduksjeprogramma. Men hie doe noch net foar it ferstân dat de Kanadeeske bever in oare soarte foarmet as de Jeraziatyske bever, dat it wie eins in fersin. Mar sadwaande libbet de Kanadeeske bever sûnt as eksoat yn Finlân, dêr't er him wei ferspraat hat nei Noarwegen, Sweden, it Russyske Kola-skiereilân, de autonome republyk Kareelje en de rest fan noardlik Jeropeesk Ruslân.

Yn 'e 1940-er jierren waarden fierders 25 pearkes Kanadeeske bevers útset op it eilân Fjoerlân, yn súdlik Sily (oan 'e súdpunt fan Súd-Amearika). It wie de bedoeling om dêr in kommersjele beverpelzeproduksje op poaten te setten, mar dat mislearre en de bevers, dy't dy kusten út gjin natuerlike fijannen hiene, fermannichfâldigen har yn fyftich jier fan 'e oarspronklike 50 eksimplaren ta in populaasje fan 100.000 bisten. Se ferspraten har oer hiel Fjoerlân (it Argentynske diel ynbegrepen), stieken doe sâlt wetter oer om oanbuorjende, lytsere eilannen te kolonisearjen, en berikten yn 'e 1990-er jierren it Sileenske fêstelân en Argentynsk Patagoanje.

Hoewol't de Kanadeeske bever yn Súd-Amearika in eksoat is, moat opmurken wurde dat syn oanwêzigens net alhiel negatyf is foar de pleatslike ekology. Sa hat er yn in grut gebiet koarte metten makke mei de dominante Lengaboek (Nothofagus pumilio), wat kânsen biedt oan 'e seldsume Antarktyske boek (Nothofagus antarctica). Fierdersoan profitearje guon lânseigen fiskesoarten fan 'e beverfivers, wylst eksoatyske fiskesoarten der just net folle oan hawwe. Likegoed binne de measte biologen foarstanner fan 'e ferwidering fan 'e bevers.

In beverdaam yn noardlik Kalifornje.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kanadeeske bever hat trochinoar in kop-romplingte fan 74-88 sm, mei in sturtlingte fan 23-35 sm en in gewicht fan 11-32 kg (mei in gemiddelde fan 20 kg en útsjitters oant 45 kg). It is it grutste kjifdier fan Noard-Amearika, en it op trije nei grutste kjifdier fan 'e wrâld (nei de beide Súdamerikaanske kapibarasoarten en de Jeraziatyske bever, dy't justjes grutter is). Kanadeeske bevers hawwe in tichte pels, dy't oer it algemien oer it hiele lichem dûnkerbrún fan kleur is, al bestiet der frijwat kleurfariaasje, fan griisbrún oant swart. By westlike populaasjes is de ûnderpels rodzich.

De snút is stomp, de earen lyts en rûn en de peddelfoarmige sturt breed, plat en foar it grutste part ûnbehierre, mar ynstee oerdutsen fan skobben. De efterpoaten binne folle grutter as de foarpoaten, en hawwe swimfluezzen tusken de teannen. De foarpoaten hawwe dan wer klauwen. De lytseftige eagen beskikke oer in trêde eachlid, dat se ûnder wetter beskermje moat, wylst de earen en noas by it dûken ôfsletten wurde troch hûdflappen. De twa pear kjiftosken fan 'e Kanadeeske bever steane prominint foaroan yn 'e bek en binne oerdutsen mei in dûnkeroranje-eftich glazuer. Om't se altyd trochgroeie, moatte bevers op deistige basis hout gnauje om se ôf te sliten.

In Kanadeeske bever.

De Kanadeeske bever ferskilt fan 'e nau besibbe Jeraziatyske bever (Castor fiber) op in stikmannich subtile punten. Yn it foarste plak is er oer it algemien dûnkerder fan kleur en hat er in lytsere, rûnere kop. Fierders is de snút fan 'e Kanadeeske bever justjes breder, de sturt wat breder en ovaler, de noasbonke koarter en de skynbonken langer (sadat er him makliker op allinnich de efterpoaten fuortbewege kin). Ta einsluten binne de noasters fan 'e Kanadeeske bever fjouwerkant, wylst dy by de Jeraziatyske bever trijehoekich binne.

Foar't syn fersprieding troch oerbejaging beheind waard, kaam de Kanadeeske bever praktysk yn hiel Noard-Amearika foar, fan 'e Arktyske toendra oant de woastinen fan noardlik Meksiko, en fan 'e Atlantyske oant de Pasifyske kust. De Kanadeeske bever kinne dus oeral libje, salang't der mar in oerflaktewetter en genôch fretten oanwêzich is. Hy hat lykwols in foarkar foar puollen, drekkige marren en meänderjende beekjes. Yn 'e Rocky Mountains is er oant op 3.400 m hichte oantroffen.

In Kanadeeske goes dy't syn nêst oanlein hat boppe-op in beverboarch.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kanadeeske bevers binne benammentlik nachts aktyf, al binne it strikt nommen gjin echte nachtdieren. Se libje in grut part fan 'e tiid yn it wetter en binne dan ek treflike swimmers. Se kinne in kertier ûnder wetter bliuwe en dêrby grutte ôfstannen dûkend ôflizze. Foar it swimmen brûke se allinne de efterpoaten, wylst de sturt as roer tsjinnet. Ek brûke se de sturt om mei op it wetter te slaan as alaarmsynjaal of om agresje mei oan te jaan. De Kanadeeske bever leit yn it wetter in boarch oan fan stammen, tûken, twigen en blauwe drek, mar soms grave se ek wol hoalen yn riviersiggen. De yngong leit altyd ûnder de wetterline, wylst der boppe-yn in boarch in lyts luchtgat sit. Sa't yn 'e ferneamde dokumintêresearje The Life of Mammals, fan 'e bekende Britske natoerfilmer sir David Attenborough, te sjen wie, wurde dielen fan sa'n beverboarch geregeldwei kreake troch (folle lytsere) muskusrotten, dy't dan foar de winter by de bevers ynlûke. Bevers lykje sokke muskusrotten te negearjen, al is net dúdlik oft en sa ja, hokker foardiel oft se dêrfan ûnderfine.

As it wetterpeil om 'e boarch hinne te leech is of tefolle wikselet, leit de Kanadeeske bever in stikje streamôf in daam oan fan stammen, planteresten en drek (of soms sels fan stiennen). Sa wurdt der in keunstmjittich marke om 'e boarch hinne skepen. De grutste daam dy't (foarsafier bekend) ea troch bevers oanlein is, waard yn 2007 op satellytfoto's fan noardlik Alberta ûntdutsen, en hie in lingte fan likernôch 850 m. Foar de oanlis fan har boarch en har daam gnauje bevers beammen mei in trochsneed oant wol 60 sm om. De lytsere tûken sette se yn har fiver mei de ôfgnaude ein yn 'e blauwe drek, sadat se goedbliuwe oant de winter en dan as fretten tsjinje kinne. Bevers ferdigenje sokke itensfoarrieden fûleindich, en soms tsjin folle gruttere bisten. Sa wie yn The Life of Mammals te sjen hoe't in Kanadeeske bever in eland dy't de fiver ynwâde wie om fan 'e ûnder wetter opsleine tûken te fretten, ferjage troch op him ta te swimmen en mei de platte sturt op it wetter te slaan.

Kanadeeske bevers binne monogame bisten, dy't yn 'e regel har hiele libben by har partner bliuwe. De peartiid duorret fan ein desimber oant maaie, mei in hichtepunt yn jannewaris. Oars as de measte soarten kjifdieren produsearje bevers mar ien nêst jongen jiers. It wyfke fan 'e Kanadeeske bever is boppedat mar foar in perioade fan 12-24 oeren djoeisk, dat it komt nochal krekt. Nei in draachtiid fan trochinoar 128 dagen smyt it wyfke dan in nêst fan 2-6 jongen, dy't meastal twa jier by de âlden bliuwe. Kanadeeske bevers binne faak mei twa jier geslachtsryp, mar ornaris nimme se pas yn har trêde jier diel oan 'e fuortplanting. Natuerlike fijannen binne foar de Kanadeeske bever fral de wolf, de prêrjewolf en de poema, mar soms wurdt der ek wolris in bever snipt troch de Amerikaanske swarte bear, de Kanadeeske lynks, de reade lynks, de foks, de Amerikaanske alligator, de keningsearn en de see-earn. Nettsjinsteande oanhâldende bewearings fan it tsjindiel is noch nea oantoand dat rivierotters op Kanadeeske bevers jeie.

In bever fret by 't winter de skors fan in beam.

De Kanadeeske bever is in folsleine herbivoar, dy't fral houtige planten fret, lykas (dielen fan) wylgen, bjirken, popelieren en eskdoarns. Ek bepluzet er wol klimplanten en simmerdeis wetterplanten, lykas de wetterleelje en de tuorrebout, en fierders gerzen en krûden.

De Kanadeeske bever hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er tsjintwurdich yn syn lânseigen ferspriedingsgebiet (en derbûten) wer frij algemien foarkomt. Fan 'e santjinde iuw ôf waard de Kanadeeske bever it slachtoffer fan 'e lukrative pelshannel yn Noard-Amearika, dêr't û.m. de bekende Hudsonbaaikompanjy jild as wetter mei fertsjinne. Beverpelzen waarden brûkt om klean en bevermûtsen fan te meitsjen. Tusken 1620 en 1630 waarden allinnich al yn 'e lettere Amerikaanske steaten Konnetikut en Massachusetts 10.000 bevers fongen, en fan 1630 oant 1640 waarden der elts jier 80.000 fongen yn 'e rivier de Hudson en yn westlik New York. De grutte Jeropeeske fraach nei pelzen en de dêrút fuortkommende konkurrinsje oangeande de jacht op bevers feroarsake yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw yn Ontario de saneamde Beveroarloggen tusken de Algonkwynske folken en de Huroanen oan 'e iene kant en de Irokeeske Konfederaasje oan 'e oare kant.

In beverboarch yn Ontario.

Doe't de bevers yn it eastlike part fan Noard-Amearika njonkelytsen sa krap rekken dat de jacht net mear rindabel wie, ûntjoech de pelshannel him ta in wichtige ympuls foar de fierdere kolonisaasje fan it kontinint. As se fan har pelzen ûntdien wiene, waarden bevers gauris slachte en opiten; har fleis skynt meager kowefleis net wanlyk te wêzen. Bevers wiene in wichtige boarne fan iten foar de oarspronklike Yndiaanske befolking fan Noard-Amearika, en foarhinne waarden se troch roomske Frânsk-Kanadezen klassifisearre as "fjouwerpoatige fisken", dy't iten wurde koene op dagen dat men gjin fleis mar wol fisk ite mocht. Op it hichtepunt fan 'e beverjacht, tusken 1806 en 1838, waard de Kanadeeske bever op it rântsje fan it útstjerren brocht. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw kaam der einlings en te'n lêsten beskerming, sadat de populaasje stadichoan wer wat oanwinne koe. Op 't heden binne der nei skatting yn Noard-Amearika wer sa'n 10-15 miljoen Kanadeeske bevers, wat lykwols mar in fraksje is fan 'e 200 miljoen dy't yn it prekoloniale Noard-Amearika libbe hawwe moatte.

Foarhinne waarden der 25 ûndersoarten fan 'e Kanadeeske bever erkend, mar dy wiene basearre op ferskillen yn morfology. Mei't men soks tsjintwurdich op genetysk ûnderskie basearret, wurdt der op 't heden gjin inkele ûndersoarte erkend, al moat dêrby opmurken wurde dat der ek noch gjin yngeand ûndersyk nei dien is. De eardere ûndersoarten, dy't men no miskien it bêste beskôgje kin as dielpopulaasjes mei justjes ôfwikende lichaamlike skaaimerken, wiene:

  • de Admiraliteitseilânske bever (Castor canadensis phaeus)
  • de baileybever of Bailey's bever (Castor canadensis baileyi)
  • de bosklânbever (Castor canadensis michiganensis)
  • de Cookynhambever (Castor canadensis belugae)
  • de duchesnebever of Duchesne's bever (Castor canadensis duchesnei)
  • de echte Kanadeeske bever (Castor canadensis canadensis)
  • de feale bever (Castor canadensis pallides)
  • de gaadlike bever (Castor canadensis idoneus)
  • de Kalifornyske goudbever (Castor canadensis subauratus)
  • de Karolynske bever (Castor canadensis carolinensis)
  • de Labradorbever (Castor canadensis labradorensis)
  • de lytse bever (Castor canadensis concisor)
  • de Missourybever (Castor canadensis missouriensis)
  • de Nijfûnlânske bever (Castor canadensis caecator)
  • de Nijingelânske of Akadyske bever (Castor canadensis acadicus)
  • de Pasifyske bever (Castor canadensis leucodonta)
  • de pylkbever (Castor canadensis sagittatus)
  • de Rio Grandebever (Castor canadensis mexicanus)
  • de Shastabever (Castor canadensis shastensis)
  • de snútbever (Castor canadensis rostralis)
  • de Sonoarabever (Castor canadensis frondator)
  • de taylorbever of Taylors bever (Castor canadensis taylori)
  • de Teksaanske bever (Castor canadensis texensis)
  • de ûnferwachtse bever (Castor canadensis repentinus)
  • de Washingtonbever (Castor canadensis pacificus)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.