Kapibara's

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kapibara's
In stik as wat kapibara's yn noardlik Argentynje.
In stik as wat kapibara's yn noardlik Argentynje.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
tuskenskift: kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi)
lytsskift: kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha)
boppefamylje: kavia-eftigen (Cavioidea)
famylje: kavia-eftigen (Caviidae)
ûnderfamylje: kapibara's en moko's (Hydrochoerinae)
skaai: kapibara's (Hydrochoerus)
Brisson, 1762
De fersprieding fan 'e beide libbene kapibarasoarten. (Yn grien de kapibara; yn read de lytse kapibara.)

De kapibara's (wittenskiplike namme: Hydrochoerus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha), de boppefamylje fan 'e kavia-eftigen (Cavioidea), de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en de ûnderfamylje fan 'e kapibara's en moko's (Hydrochoerinae).

De wittenskiplike namme fan dit skaai komt fan it Grykske ὕδωρ, hýdor ("wetter") en χοίρος, choíros ("baarch"), en soe dus oerset wurde kinne as "wetterbaarch".

Besskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta dizze taksonomyske groep hearre 2 libbene en ien útstoarne soarte. De bekendste dêrfan is de (gewoane) kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris) út Súd-Amearika, dat de grutste kjifdieresoarte fan 'e wrâld is, mei in lingte fan 1.34 m lang en in gewicht fan wol 66 kg. De lytse kapibara (Hydrochoerus isthmius), út Kolombia en Panama, waard pas yn 1991 as in selsstannige soarte erkend. De útstoarne Grenadakapibara (Hydrochoerus gaylordi) wie in soarte dy't yn syn fersprieding beheind wie ta it Karibyske eilân Grenada.


Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.