Bevereftigen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bevereftigen
In Kanadeeske bever.
In Kanadeeske bever.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: bevers en goffers (Castorimorpha)
boppefamylje: bevereftigen (Castoroidea)
famylje: bevereftigen (Castoridae)
Hemprich, 1820

De bevereftigen (wittenskiplike namme: Castoridae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha) en de lyknammige boppefamylje fan 'e bevereftigen (Castoroidea). Dizze famylje omfettet in hiel soad útstoarne en mar twa libbene soarten, dy't beide ta itselde skaai hearre, nammentlik dat fan 'e bevers (Castor). Bevereftigen binne grutte, semy-akwatyske, herbivoare kjifdieren dy't yn groepen libje en yn it wetter flugger en liniger binne as op it lân. Se hawwe in ôfplatte sturt dy't har helpt by it swimmen, en se lizze dammen oan om har boarch te befeiligjen.

Famylje-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.