Swimflues

Ut Wikipedy
In protte yn it wetter libjende bisten hawwe swimfluezen

De swimflues kin ferwize nei in swimfin, mar oer it algemien tsjut men der in hûdploai mei oan dy't twa teannen mei-inoar ferbynt. Soks komt in protte foar by akwatyske (yn it wetter libjende) bisten, lykas amfibyen, wetterfûgels en wettersûchdieren lykas otters, bevers, Amerikaanske nertsen, beskate soarten kjifdieren en it fûgelbekdier. By it sprieden fan 'e teannen wurdt it swimflues strak lutsen, wat it oerflak fan 'e poat drastysk fergruttet en by wize fan sprekken feroaret yn in soarte fan peddel. Dêrmei kinne sokke bisten dus mear wetter ferpleatse, sadat se hurder of yn elts gefal effisjinter swimme kinne.

By minsken komme hiel selden oanberne swimfluezzen foar tusken de teannen, yn 'e regel tusken de twadde en de trêde tean (as men de grutte tean as de earste beskôget). Dat is in genetyske mutaasje, dy't as yrritant ûnderfûn wurde kin. Tsjintwurdich litte de measte minsken dy't soks yn 'e Westerske wrâld hawwe, it troch in ienfâldige plastyske operaasje fuorthelje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Literature cited, op dizze side.