Amerikaanske nerts
Amerikaanske nerts | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Neogale vison | ||||||||||||
Schreber, 1777 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Lânseigen fersprieding yn Noard-Amearika Wrâldwide fersprieding fan 'e Amerikaanske nerts: lânseigen fersprieding troch de minske yntrodusearre as eksoat |
De Amerikaanske nerts of de mink (wittenskiplike namme: Neogale vison, foarh. Neovison vison) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e wezelingen fan 'e Nije Wrâld (Neogale), dat lânseigen is yn Noard-Amearika. Lykwols komt dit bist hjoed de dei as eksoat ek yn Jeropa rûnom yn it wyld foar, ek yn Nederlân. De Amerikaanske nerts moat net betize wurde mei de besibbe Jeropeeske nerts (Mustela lutreola), dêr't er in protte op liket. It is in lytse, fûleindige karnivoar mei in libbenswize as solitêr nachtdier, dy't him goed oan nije sitewaasjes oanpasse kin. De Amerikaanske nerts wurdt yn Jeropa beskôge as in skealik bist, wêrfan't de yntroduksje ta de efterútgong fan lânseigen soarten laat hat, lykas de Jeropeeske nerts en de súdlike wetterrôt (Arvicola sapidus). De IUCN klassifisearret de Amerikaanske nerts as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amerikaanske nerts is lânseigen op hast it hiele fêstelân fan Noard-Amearika. Utsûnderings dêrop binne it noardeasten fan 'e Noardwestlike Territoaria, it meastepart fan Nûnavût en de noardpunten fan Nûnavik en Labrador yn it arktyske noarden fan Kanada. Itselde jildt foar it súdwestlike diel fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, mei dêrûnder de súdlike helte fan Kalifornje, hiel Arizona, it meastepart fan Nevada, westlik en sintraal Utah, it súdlike trijefearn fan Nij-Meksiko en de westlike helte fan Teksas. Fierders ûntbrekt de Amerikaanske nerts yn Noard-Amearika ek op 'e measte eilannen, lykas de Aleoeten, de eilannen yn 'e Beringsee en de Kodiakarsjipel yn Alaska, de Keninginne Charlotte-eilannen oan 'e westkust fan Kanada, de Arktyske Eilannen yn 'e Noardlike Iissee, en Kaap Bretoneilân en Prins Edwardeilân oan 'e Kanadeeske eastkust. Wol is der in troch de minske yntrodusearre populaasje op Nijfûnlân. Ek is dit bist lânseigen op Vancouvereilân yn Britsk-Kolumbia en op 'e noardlike eilannen fan 'e Aleksanderarsjipel yn Súdeast-Alaska.
Om 1900 hinne waard de Amerikaanske nerts foar de pelsdierfokkerij ynfierd yn Jeropa. Mar al rillegau brieken de earse eksimplaren út en sûnt de 1920-er en 1930-er jierren hat dit bist him, foar 't neist foargoed, diskant oseaan nei wenjen set. Tsjintwurdich komt de Amerikaanske nerts foar yn grutte dielen fan Jeropa. Benammen op 'e Britske Eilannen is er tige algemien. Fierders libbet er ek yn Iislân, op it Skandinavysk Skiereilân, yn súdlik Finlân, it Baltikum, Wyt-Ruslân, op it Kolaskiereilân, yn noardlik en sintraal Jeropeesk Ruslân, de noardlike Oekraïne, Poalen, Slowakije, noardeastlik Hongarije, noardlik Roemeenje en Moldaavje. Yn West-Jeropa hat de Amerikaanske nerts in fragmintaryske fersprieding yn Jutlân, Dútslân, de Benelúks, noardwestlik Frankryk en it noardwesten fan it Ibearysk Skiereilân. Yn Nederlân binne troch it hiele lân al Amerikaanske nertsen fongen, fral yn muskusrottefallen, mar oant no ta bestiet der noch gjin slutend bewiis dat de Amerikaanske nerts him hjir ek fuortplantet.
Behalven yn Jeropa komt de Amerikaanske nerts ek yn oare dielen fan 'e wrâld foar as eksoat. Yn Súd-Amearika libbet dit bist yn Patagoanje yn it suden fan Argentynje en yn it oanbuorjende diel fan Sily, de Chiloé-arsjipel ynbegrepen. Yn Jeraazje hat er him nei wenjen set yn 'e Kaukasusregio fan súdlik Ruslân en Transkaukaazje, westlike Sibearje, noardlik Kazachstan, de midden fan Sintraal-Aazje, westlik Mongoalje, noardlik en eastlik Mantsjoerije, it noardeasten fan Noard-Koreä, op it Kamtsjatkaskiereilân en by de kust lâns fan it Russyske Fiere Easten, fan Vladivostok oant de noardkust fan 'e See fan Ochotsk. Ek komt de Amerikaanske nerts foar yn Japan op it noardlikste haadeilân Hokkaido en yn it sintrale diel fan it súdliker leine Honsjû.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amerikaanske nerts hat trochinoar in kop-romplingte fan 32–45 sm mei in sturtlingte fan 131/2–22 sm en in gewicht fan 1/2–1,9 kg. Der bestiet in beskate seksuele dimorfy by dizze soarte, mei't de mantsjes dúdlik grutter en swierder binne as wyfkes. Amerikaanske nertsen binne goed oanpast oan it libben yn it wetter en hawwe swimfluezzen oant healwei de romte tusken de teannen.
De pels is op in wyt plak op it kin nei hielendal dûnkerbrún oant swart, al krije âldere eksimplaren soms ljochte plakken op it boarst en de siden en yn 'e ljisken en de nekke. De simmerpels skynt wat út 'en readens, wylst de winterpels tsjin it swarte oan is. Dêrby moat oantekene wurde dat guon koartby út fokkerijen útnaaide bisten hiele oare kleuren hawwe kinne, lykas ljochtbrún of sulverblauwich. De Amerikaanske nerts is dreech te ûnderskieden fan 'e Jeropeeske nerts (Mustela lutreola). De wichtichste ferskillen binne dat de Amerikaanske nerts justjes grutter is en dat de Jeropeesk nerts ornaris in wite snút hat (dus net inkeld it kin, mar ek de boppelippe).
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerikaanske nertsen hâlde har benammen op oan 'e iggen fan beken en rivieren, al binne se folle minder fan in wetterryk biotoop ôfhinklik as de Jeropeeske nerts (Mustela lutreola). Se jouwe de foarkar oan kriten mei wat beskûl yn 'e foarm fan bosken, opgeand leechhout of reidlân. Op 'e Britske Eilannen komme se ek wol yn kustgebieten foar.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerikaanske nertsen binne fan natuere solitêr libjende nachtdieren, fan wa't it libbensritme beynfloede wurdt troch dat fan har proaien en yn kuststreken ek troch it tij. Se hawwe ornaris in lang en smel territoarium, dat 1–5 km by in riviersigge of kustline lâns beslaan kin. Harren hoalen meitsje se faak op in sideplak, bgl. ûnder beamwoartels yn 'e wâl, al nimme se ek wol kninehoalen oer. It binne húslike bisten, dy't 80–85% fan 'e tiid trochbringe yn harren hoalen, dêr't se ferskaten fan hawwe fanwegen de langrutsenens fan harren territoaria.
De peartiid falt foar Amerikaanske nertsen fan febrewaris oant en mei april. Nei de pearing, wêrby't it der rûch om en ta gean kin, folget der in ferlinge draachtiid fan 2–7 wiken en dêrnei de eigentlike draachtiid fan 4 wiken. Fan begjin maaie oant begjin july wurde der dan 4–6 jongen smiten, dy't blyn en helpleas te wrâld komme. Mei 25 dagen geane de eachjes iepen en mei 5 wiken wurde de jongen ôfwûn. Se begjinne te jeien as se 8 wiken âld binne, mar bliuwe deunby de mem oant se nei likernôch 4 moanne selsstannich binne. Mei 10 moanne berikke se geslachtsripens. Yn it wyld is de libbensferwachting foar Amerikaanske nertsen yn 'e regel net langer as 5 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amerikaanske nerts fret benammen fisken en hazze-eftigen (lykas de wylde knyn en de moerasknyn), mar ek bejaget er wol rotten, mûzen, wrotmûzen (lykas de muskusrôt en de súdlike wetterrôt), fûgels, kreeften, kikkerts en ynsekten. Fierders lit er aaien en ies ek net lizze. Pipermûzen deadet er wol, nei gedachten om't se syn jachtynstinkt opwekje, mar hy fret se ornaris net op. Amerikaanske nertsen frette ek gauris fûgels dy't grutter binne as sysels (lykas miuwen en ielguozzen). Se kinne sokke grutte proaidieren oan troch se ûnder wetter te hâlden oant se ferdrinke.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amerikaanske nerts hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn Kanada en de Feriene Steaten beskôget men de Amerikaanske nerts hjoed de dei as in geunstige ynfloed op syn proaidieren, mei't er krekt as oare rôfdieren de sike, swakke en ûnoanpaste eksimplaren it earst pakt, sadat de populaasjes fan syn proaidiersoarten sûn en sterk holden wurde.
Yn 'e measte Jeropeeske lannen wurdt er beskôge as in eksoat, in ûnnatuerlike ynslûper, al kin it net ûntkend wurde dat de minske sels ferantwurdlik is foar syn oanwêzigens hjirre. Der wurdt war dien om 'e Amerikaanske nerts út it Jeropeeske ekosysteem te ferwiderjen, mar it bist hat him sa ferspraat en is sa fernimstich dat it mar de fraach is oft dat kâns fan slagjen hat. De minder tiere en better oanpaste Amerikaanske nerts wurdt foar in part ferantwurdlik holden foar de efterútgong fan lânseigen soarten as de Jeropeeske nerts (Mustela lutreola), de súdlike wetterrôt (Arvicola sapidus) en de Pyreneeske desman (Galemys pyrenaicus, in sibbe fan 'e mol).
Domestisearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylde Amerikaanske nertsen kinne nuet makke wurde as se mar jongernôch fongen wurde, al bliuwt it oan te rieden om se net mei bleate hannen oan te pakken. Want de hân dy't har fuorret net bite, dêr hawwe se noch nea fan heard. Yn Noard-Amearika waarden nuete Amerikaanske nertsen oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw gauris holden as rottefangers, krekt sa't men yn Jeropa fretten hold. Mei't se graach baaie en swimme meie, sille nuete Amerikaanske nertsen faak amers of tobben mei wetter of badkûpen opsykje.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 15 (stân fan saken fan 2005) erkende ûndersoarten fan 'e Amerikaanske nerts (Neogale vison):
- de Alaskamink (N. v. ingens) (noardlik, westlik en sintraal Alaska, de noardlike Yukon, it noardwesten fan 'e Noardwestlike Territoaria)
- de Aniakmink (N. v. aniakensis) (de Yukon-Kuskokwimdelta en it Alaskaskiereilân yn súdwestlik Alaska)
- de Eastkanadeeske mink (N. v. lowii) (de Kanadeeske Kustprovinsjes, súdeastlik, eastlik en noardlik Kebek en súdlik Labrador)
- de eastlike of lytse swarte mink (N. v. vison) (eastlik Kanada, noardeastlike Feriene Steaten)
- de eilânmink (N. v. nesolestes) (Admiraliteitseilân yn 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska)
- de Evergladesmink (N. v. evergladensis) (de Everglades oan 'e súdpunt fan it Floaridaskiereilân)
- de Floaridamink (N. v. lutensis) (de súdeastlike Feriene Steaten, fan Súd-Karolina oant Floarida)
- de gewoane mink (N. v. mink) (de eastlike Feriene Steaten fan Nij-Ingelân oant Súd-Karolina en nei it westen ta oant de Ohiodelling en noardeastlik Teksas)
- de Hudsonbaaimink (N. v. lacustris) (it Kanadeeske binnenlân fan 'e Grutte Bearemar en de westkust fan 'e Hudsonbaai oant it suden fan 'e Kanadeeske Prêrjes en it noarden fan Noard-Dakota)
- de Kalifornyske leechlânmink (N. v. aestuarina) (it leechlân fan Noardlik Kalifornje)
- de Kenaimink (N. v. melampeplus) (it Kenaiskiereilân en de omkriten fan 'e Cook Inlet yn súdlik Alaska)
- de Mississippydellingmink (N. v. Letifera) (de sintrale Feriene Steaten fan noardlik Wisconsin en súdlik Noard-Dakota oant noardlik Missouri en súdlik Kansas)
- de súdlike mink (N. v. vulgivaga) (de kusten fan Louisiana en Mississippi)
- de westlike of Pasifyske mink (N. v. energumenos) (Britsk-Kolumbia, it Amerikaanske Noardwesten, de Sierra Nevada fan Kalifornje en Nevada en de Rocky Mountains oant yn Nij-Meksiko)
- de Vancouvereilânske mink (N. v. evagor) (Vancouvereilân, foar de Kanadeeske westkust)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Rôfdier (skift)
- Martereftige
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Eksoat yn Abgaazje
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Armeenje
- Eksoat yn Azerbeidzjan
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn Denemark
- Eksoat yn Dútslân
- Eksoat yn Estlân
- Eksoat yn Finlân
- Eksoat yn Frankryk
- Eksoat yn Fryslân
- Eksoat yn Georgje
- Eksoat yn Hongarije
- Eksoat yn Ierlân
- Eksoat yn Ingelân
- Eksoat yn Yslân
- Eksoat yn Japan
- Eksoat yn Jeropeesk Ruslân
- Eksoat yn Kazachstan
- Eksoat yn Kirgyzje
- Eksoat yn Letlân
- Eksoat yn Litouwen
- Eksoat yn Lúksemboarch (lân)
- Eksoat yn Moldaavje
- Eksoat yn Mongoalje
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Noard-Ierlân
- Eksoat yn Noard-Koreä
- Eksoat yn Noarwegen
- Eksoat yn de Oekraïne
- Eksoat yn Oezbekistan
- Eksoat yn Poalen
- Eksoat yn Portegal
- Eksoat yn Roemeenje
- Eksoat yn Sibearje
- Eksoat yn Sily
- Eksoat yn Sina
- Eksoat yn Skotlân
- Eksoat yn Slowakije
- Eksoat yn Spanje
- Eksoat yn Súd-Osseesje
- Eksoat yn Sweden
- Eksoat yn Tadzjikistan
- Eksoat yn Tsjechje
- Eksoat yn Turkije
- Eksoat yn Wales
- Eksoat yn Wyt-Ruslân